Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
4 datasets found
Dutch Keywords: boer toverij Place of Narration: Opende
De bargen krigen hjir froeger altyd duveldrek ûnder 'e trôch. Dan soenen de tsjoensters gjin fet op 'e bargen krije kinne.
nl.verhalenbank.27999
Yn Hantumer Utbuorren wenne in skatrike boer. Dat wie Jan Douma. Op in moarntiid kom er fan 't bêd doe stienen de doarren allegear iepen en alle kij stiene achterstefoar op 'e stâl. De tsjernmoune hie de hiele nacht draeid. It hie de hiele nacht in stik lawaei west.
nl.verhalenbank.23130
Krijt men in apel fan in tsjoenster en men biwarret dy, dan wurdt dat in podde. De âlde boeren hienen froeger in podde op 't hûs stean op in prikje. Ik wyt net hwerom.
nl.verhalenbank.27881
Myn âlden hienen in flaeksbrake. Ik tsjinne yndertiid as boerefaem. Op in kear kom ik thús, doe seinen se tsjin my: "Sjoch us yn 't achterhûs. Wy hearre de brake iderkear gean, mar wy kinne der noait ien gewaer wurde. Miskien datstû tûker bist." Doe hearde ik it sels ek. Mar ik doarst der net heal hinne omdat it gjin goed spul wie. It wie foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.19500
35