24 datasets found
Dutch Keywords: bed Place of Narration: Opende
Wy ha op 'e Noarder Dwarsfeart wenne to Drachten. Ik wie doe noch in jonge. Wy wennen yn in hûs, dêr spoeke it. Dêr woe net ien yn wenje. Op in kear doe leinen wy op bêd. Heit en mem slepten yn in bêdsté yn 'e keamer. Doe kom der hwat op it bêdsbuordtsje springen. 't Wie in nachtmerje. Heit krige him topakken. 't Wie krekt in dier. 't Wie glêd. Hy tocht:...
nl.verhalenbank.24116
Yn Drachtster Kompenije wennen twa âlde minsken, dy frou hie faek lêst fan in nachtmerje. Sy hienen in drompel, dy wie hwat forsakke. Dêr kom de nachtmerje mei de kop ûnder 'e doar troch. Op in nacht stie de âld man mei de kneppel ré. Hy tocht: nou sil 'k dy leare myn wiif to pleagjen. Doe't de kop fan 'e nachtmerje to foarskyn kom, sloech er ta. 't Wie...
nl.verhalenbank.24117
Hjir op 'e Klontsjebuorren (nou Boskwei) hat in man wenne, dy wist altyd as der in deaden kom. It wie Douwe Stavasius. Nachts moest er der ôf. Dan koed er net langer op bêd wêze. Dan roan er op 'e wei om. Sy seinen, Douwe wie mei de helm geboaren. 't Kom altyd nei hwat er fortelde. Mar hy wist noait hwa't der stjerre soe. Hy sei 't wol dagen fan tofoaren...
nl.verhalenbank.23135
Ik kaem to wenjen by de Slingerwei ûnder Drachten. Njonken ús wennen in man en in frou en twa bern. Ik wie widner. Myn frou hie earder troud west en dy har jonge haw ik greatbrocht. Wy slepten yn 't selde bêdsté. Op in kear leinen wy op bêd, doe stompte de jonge my oan. "Hwat is der?" sei 'k. "Der stiet in frommes oer 't hûs", sei er. It wie in...
nl.verhalenbank.24114
Hjir hat in man wenne, dat wie Piter Meijer. Dy hat yndertiid de earmmeester formoarde. Doe't er stoarn wie siet er op in lyts roungear protsje yn in hoeke fan 't bêd. Sa binaud hiet er it hawn.
nl.verhalenbank.23455
Der hat in greate roversbinde west by de Puntpeal. Der wie doe in eksteur, dy siet wakker achter dy mannen oan, mar hy koe se noait attrapearje. Mei oare plysjes lei er to oppassen by de keet fan 'e rovers. Dêr brânde in tútlampe, en sy seagen dat de rovers op bêd gongen. En dochs waerd der sa'n nacht wer ynbrutsen. Dat kom, dy rovers hienen fan binnen út...
nl.verhalenbank.27618
Wilde men een nachtmerrie vangen, dan werd der wat meel op 'e stoel foar 't bed smeten. Dat plakt vast, dan kan se niet fotkomen en dan komt se niet weer. Eén van zeven dochters, werd der seid, doar was altyd een nachtmerrie bij.
nl.verhalenbank.27318
Alde Rikele Myt wie in tsjoenster, dy wenne hjir yn 'e buert. Alde Sweitse hie in bern yn 'e bernewein. Doe kom der in greate grouwe swarte kat oan. Doe hat Sweitse dy kat mei de biezem oer de rêch houd. Alde Rikele Myt lei de oare deis mei de rêch kniisd op bêd.
nl.verhalenbank.23146
Der wie in âld minske, dat kom to overlijden. It woarde de bern oansein. Mar de iene soan, dy't troud wie, hie in bytsje forkearing mei in oare frou. Hy hie krekt dy deis dat er de deatynge fan syn âlde mem krige mei dat frommes steld om by har to kommen. Tsjin 'e famylje sei er: "Ik kin hjoed net komme, ik kom moarn wol." It wie sa'n fjirtich k.m. nei...
nl.verhalenbank.25706
Fan 'e sawn bruorren is ien in wjerwolf. " " " susters " " " nachtmerje. Hat men in hoefizer oan of boppe de doar hingjen, dan kin men de nachtmerje keare. Men kin ek de hoazzen of sokken krúslings foar 't bêd lizze.
nl.verhalenbank.16124
In nachtmerje wie in frommeske, dat troch 't slotsgat gong. 't Wie faek in âld-wyfke. Om gjin lêst fan in nachtmerje to hawwen die men duveldrek op 't boarst. Men sette ek de toffels achterstofoar foar 't bêd.
nl.verhalenbank.26989
Ik haw yn 't sikenhûs lein. Der lei in wyfke njonken my, dat wie in nachtmerje. Ien fan sawn dochters is in nachtmerje, sizze se, en ien fan sawn jonges is in wearwolf. De nachtmerje komt troch 't kaeisgat. Sy struiden wol moal op 'e stoel dy't foar 't bêd stie, om de nachtmerje to kearen. Sy setten de toffels mei de hakken tsjin 't bêdsket oan. De...
nl.verhalenbank.26021
De man fan myn suster syn heit was doadlik siek. Moar hij ging telkens van bed. Dan wou hy syn mooiste kleern oan hebn en dan fot. Dan kwam hij te stervn en hij werd begroavn. Moar elke nacht was der wat bij de kast. De kleerkast. De dochter ontdekt it. Toen hoorden se allen het gerammel in de kast, krekt so as hij bij syn leven gedoan had as hij bij de...
nl.verhalenbank.26873
De bigraffenissen sjoch ik altyd by nacht. Dat is de foarboade fan 'e dei. Meastal stean 'k oan 'e kant yn 'e barm, en dan gean se foarby. Dat duorret mar even. Op syn langst duorret it dan noch trije dagen, dat se komme mei 't lyk. Ik wurd net kloppe. Ik wurd twong om der út. Ik bliuw noait lizzen. Ik bin nou sawn en tachtich. Ik gean der nou net mear...
nl.verhalenbank.24123
Us pake en beppe wennen hjir yn dit hûs. Op in joune let leinen se op bêd, doe kaem myn omke thús. Hy gong nei 't bêd fan pake en beppe ta en sei: "Der is brân, hjir tichteby. It hûs fan Wiggele van der Veen stiet yn 'e brân." Pake en beppe kamen gau fan bêd ôf, om to sjen. Mar de beide âlde minsken seagen neat. "Sjogge jimme it dan net?" sei omke, "it is...
nl.verhalenbank.37572
Hindrik Hylkema was de jongste seun fan in boer. Hy woonde bij de Leijdyk, in eintsje fan de wei ôf. Wy hewwe doar niet so fer of met een woonwein stoan. Ik was toen nog niet troud en Hindrik kwam foak 's oavends even bij ús. Op in keer fortelde hy ús, hy hie nei Mearum west. 't Wie de jouns let. Hy moest de Leidyk oer. 't Wie moai helder moanneskynwaer....
nl.verhalenbank.27028
As Rikele Myt har man nachts wekker woarde, wie 't krekt as der in pânse njonken him op bêd lei. Dan wie Myt der op út to tsjoenen.
nl.verhalenbank.25987
Us Tryn hie in fleartûke by 't bêd fanwege nachtmerjes.
nl.verhalenbank.25986
Myn mem hie in suster, dy is jong stoarn. Dêr hie mem tige mei to krijen. Mem wie doe al troud. Heit en mem leinen op in joune op bêd, doe sei mem tsjin heit: "Ik woe wol, dat ik myn suster nochris seach." Heit sei: "Dat soe ik net graech wolle." Even letter kaem mem har suster by 't bêd. Doe hat se tsjin mem praet. Mem hoefde net oer har yn to sitten,...
nl.verhalenbank.37574
As minsken de koarts hienen gongen se wol hinne en nommen in hountsje mei op bêd. Dan krige dat hountsje de koarts. It bigoun to triljen en it woarde meger. De minsken wienen dan sels de koarts kwyt.
nl.verhalenbank.19502
35