Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Place of Narration: Noardburgum
In nachtmerje fange se noait.
nl.verhalenbank.16160
Oan 'e Simmerdyk wenne in boer, dy hie in hynder. Dat beest hie altyd sa'n lêst fan 'e nachtmerje, dat hy hie elke moarn de knopen en flechten yn 'e moanjes sitten en hy dreau yn 't swit. "Ik woe wol, dat ik wiste hokker frommes him dat lapt," sei de boer, "dan stuts ik har mei de foarke yn 'e bealch."
nl.verhalenbank.17611
Ik wie noch in jonge. As ik op bêd lei, dan hie it my. Dan wie 'k forlegen. It mat in nachtmerje west ha. Doe hat heit my guod jown op in papierke. Dat kom ûnder myn kessen to lizzen. Sûnt haw ik der noait wer lêst fan hawn.
nl.verhalenbank.16769
Der ha hjir lju wenne dy binne nei de Westerein forhuze. Dy lju har heit hie gauris lêst fan in nachtmerje. Hy prebearre altyd har to fangen, mar dat koed er noait oprêdde. Mar op in nacht, doe krige er har by 't hier. "En nou silst sizze hwa'st biste, oars stjerst hjir fuort!" sei er. Doe fortelde se, hwa't se wie; hja wenne dêr mar in pear huzen ôf....
nl.verhalenbank.17626
Heit fortelde: Der wenne in faem by in boer. It wie in feardige faem mei in pear goeije hannen oan 't liif, dat de boer wie wiis mei har. Twa jier hat se dêr tsjinne. Se hiet fan Jantsje en krige forkearing mei in sikere Jan. Snein-to-jouns om 'e fjirtsjin dagen kom er by har en dan sieten se togearre yn 't achterhûs. Mar hy fornaem hwat fremds oan har....
nl.verhalenbank.16159
6