Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: zitten Place of Narration: Nijega
Op in kear sieten wy allegear yn 'e keamer. It wie op in moarntiid. It wie o sok kâld waer en der wie net in minske bûten to sjen. Doe rattele der ynienen ien oan 'e foardoar om. Mar der wie net ien. Dy foardoar woarde noait brûkt. Ik sei: Dit hat hwat to bitsjutten. Myn man woarde ridlik gau dêrnei siik en dokter mast komme. Krekt njoggen dagen letter...
nl.verhalenbank.12307
Makke Paulus fan Sumar hat yndertiid (1875) Berghuis fan Strobos formoarde. Dat gebeurde bûtendoar, op Burgumerdaem. Der kaem bloed op it gjers. Mar dat bloed ha se der mei gjin mooglikheit ôfkrije kind. Dat bleau der op sitten.
nl.verhalenbank.12199
Yn Burgum hat alris in man syn wiif formoarde. De frou hie in biblette hân tsjin 'e muorre oanset en de taesten fan it bloed bleauwen sûnt altyd op 'e muorre sitten. Dy wienen der mei gjin bjinnen ôf to krijen.
nl.verhalenbank.12198
Heit wie us by de boer oan 't terskjen. Doe kom dêr in mantsje lâns, dat wie al aerdich hwat âld. Heit frege him: Hwa binne jo? Ik bin Hearke, sei er. Froeger neamden se my wol Sterke Hearke, mar it bêste is der ôf, matte jo rekkenje. Heit tochte: Sa liket it my ek ta, âlde. Hearke gong sitten op in grou stik izer, dat net ien forsjouwe koe. Dat sit kâld,...
nl.verhalenbank.12218
Der wienen in man en in frou, dy wennen yn in skipke. Mar dat skipke wie sa min en sa wrak, dat sy koenen der net mear mei farre. Sinten foar in oar skip wiene der net, en der mast dochs hwat fortsjinne wurde. Dat sy sieten slim forlegen. Op in kear wie 't minske allinne thús. Sy wie och sa treurich gesteld. Dêr kom in mynhear oan. Dy sei: Jo sjogge sa...
nl.verhalenbank.12193
Us beppe hie har de maeijes yn Oerterp as faem forhierd by in boer. Pake Harm hie doe al forkearing mei har. Op in snein-to-joun soed er nei har ta. Hy moest oer in planke hinne. Mar de minsken warskôgen him. "Dêr matte jo noait oerhinne, hwant dan fordrinke jo," seinen se. Forskate lju binne dier al forsûpt. De kweade sit dêr en dy past op as der guon...
nl.verhalenbank.17571
Achter Ljouwert moat in boer west ha, dy't net in sint mear hie. Syn pleats wie oanein, en as der in stoarm kom, koe alles wol ynstoarte. De man wie syn rie to'n ein. Op in joune stied er op it hiem. Dêr kaem in mynhear oankuijerjen. Jo lykje wol mismoedich, sei dy. Dat bin ik ek andere de boer en doe fortelde hy hoe slim as hy der oan ta wie en dat er...
nl.verhalenbank.11575
Der wie ris in famke en dat kom is by oare minsken yn 'e hûs en doe seach se dêr in gatsjepanne stean. En doe sei se: Hea, ha jimme ek in gatsjepanne? Ja sjoch, sei se, ik wie fannacht in fûgeltsje en doe siet ik op 'e gatsjepanne en doe mast ik krúskenaeije. (Dat bern learde it tsjoenen fan har mem)
nl.verhalenbank.11570
35