Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
16 results
Place of Narration: Moddergat
Markus Rispens wenne yn Ljussens. Dy hie him oan 'e duvel forkocht. Hy die noait hwat foar de kost. En doch hied er in brein leven. Hy libbe der rejael fan. Hy handele allinne mar in bytsje. Altyd hied er jild om hannen. Mar hy is in wûndere dea stoarn. Hy is fallen en hat sa de nekke brutsen.
nl.verhalenbank.27836
Bûten Peasens wenne in fiskerman, dy neamden se Swarte Pyt. Op in kear siet de duvel him achter. Fan binaudens kroep er yn 'e droege sleat. Hy doarst dêr net wei.
nl.verhalenbank.27963
Mei in spylkaert kinne guon in flesse drank komme litte. 't Moest in swarte boer wêze. De skoppenboer is de duvel, dat is deselde mei de bile.
nl.verhalenbank.28120
Ien hjirwei kaem ris in kear út 'e herberch. Underweis nei hûs ta woard er samar fan 'e wei ôf yn 'e sleat smiten. Hy sei: "Bliksem, doch dat noch ris." Doe gebeurde 't wer. "Noch ris", sei er. En wer woarde er yn 'e feart smiten. Mar doe doarst er it net wer to freegjen, hwant doe wist er dat it de duvel wie.
nl.verhalenbank.28116
To Wierum wenne in feint, dy die 't altyd mâl. Hy spotte en flokte dat it net mear moai wie. Hy wie ek faek dronken. Op in joun kaem er by minsken yn 'e hûs. Dêr woed er graech ûnderdak ha foar de nacht. Hy kaem yn 't bûthús to lizzen op strie. Doe't se de oare moarns by him kamen, hied er de holle omkeard op 'e romp. De duvel hie him de nekke omdraeid.
nl.verhalenbank.28117
Der wenne yn Wierum in man, dat wie in greaten spotter. Hy woarde siik en lei op bêd. Op in nacht skreau/raesde er hiel bot. Der wie net ien dy't nei him ta doarst omt it sa raer klonk. Sa bot gong er to kear. Sy standen it net. De oare moarns lei de man dea op bêd mei de holle achterstofoar op 'e romp. Dat wie it wurk fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.27962
Yn Nes hawwe ris guon fan it jongfolk it heilich avondmaal fierd yn 'e herberch. Dêr wie ek in boer by. Doe't it ôfroun wie en se op hûs yn gongen, woarde dy boer yn 'e grêft smiten. Hy klaude der út en doe smieten se him der wèr yn. Wol trije, fjouwer kearen is dat gebeurd. Doe wie dy boer foargoed bikaem. De duvel hie him to pakken hawn.
nl.verhalenbank.28118
Se hienen froeger duveldrek yn 'e ein fan 'e gongelstok, foar lulke hounen.
nl.verhalenbank.27946
Wie hjir froeger ien bitsjoend, dan gongen se nei Wopke fan Kûkherne. Sy krigen dan in drankje mei yn 'e bûs. Sy moasten der omtinke, as der ien oankaem, dy moast binammen net passeare oan 'e kant dêr't it drankje siet.
nl.verhalenbank.28095
Pake wie deagraver yn Peasens. 't Wie doe in hiele krappe tiid. Hy helle by nacht wolris in hôfdou út 'e Tsjerketoer, dan hienen se wer hwat yn 'e panne. Guon wisten dat. "Sille wy dy âld keardel ris bang meitsje?" seinen se tsjin elkoar. Pake moast troch de lytse doar fan 'e tsjerke om yn 'e toer komme to kinnen. Doe't hy dêr wer ris hinne soe yn 'e...
nl.verhalenbank.27943
Yn Nes stie in herberch. Op in joun hâldde in ploechje manlju dêr it avondmael. Bolman, in boer, wie de oanfierder. Doe't er de jouns allinne nei hûs ta soe, siet de duvel him achternei. Hy is dwars troch de grêft hinneflein en sa is er yn 'e hûs kaem.
nl.verhalenbank.27961
Hjir wenne yn Moddergat in âld tsjoenster, dêr wienen in protte lju bang foar. It bern dat de tsjoenster foarby gong, moest in krús sette. Dan koe dy tsjoenster it bern neat dwaen. Wy mochten noait hwat fan in tsjoenster oannimme. De lju dienen hjir duveldrek ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.28096
Hjir wennen froeger twa âlde bruorren. De iene wie troud, de oare net. Dy bruorren hienen in skip togearre. Deselde dy't troud wie koe net bêst mei syn wiif. It heakke altyd tusken harren. Doe jage de broer dy't net troud wie him by 't wiif wei en doe libbe hy der tonei mei. Syn broer dy't skulpefisker wie, lei bûtendyk. Doe kom der in hountsje by him oan...
nl.verhalenbank.27830
Hjir wie in bern siik. It bern krige medesinen fan dokter. 't Joech neat. Der sieten oare machten achter neffens de âlden. Der wie ien dy lapte dat; in tsjoenster. Doe gongen se nei de duvelbander ta. Dat wie Wopke fan Kûkherne. Dy sei, se moasten it kjessen fan 't bern iepen snije en dan de krânsen der út helje. Dy moasten opbarnd wurde yn 'e kachel....
nl.verhalenbank.27820
Yn Nes, in eintsje bûten 't doarp stiet in greate pleats. Dêr wennet nou Willem Feitsma op. Froeger wenne dêr Durk Bolman. De boeren hienen yndertiid in sooske. It wie wenst dat se dêr snein-to-jouns hinne gongen. Durk Bolman foun út, omdat se dy jouns yn 'e fine tsjerke it avondmael hâldden, koenen sy dat ek wolris ûnder elkoar dwaen by Rypma yn 'e...
nl.verhalenbank.27837
Oarreheit (dat wie mem har heit) wie net goed by 't spul. Hy rekke siik. Sy tochten, hy kin wolris bitsjoend wêze en doe gong der ien mei syn wetter nei de Wâlden ta, nei de duvelbander. De duvelbander sei: "Lit my 't wetter mar ris sjen." Doe't er dat bisjoen hie, sei er: "Ja, ik kin him wol hwat jaen, dan wurdt er wol wer better. Mar dan moat er rare...
nl.verhalenbank.27854
16