Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 results
Place of Narration: Leeuwarden
De smid warber by brodzich waar 'De smid wie altyd ekstra warber by lumsk, broeierich waar—brodzich waar, as it tsjin in tongerbui oan hinget. Dat wie dan oerdei. Dat komt, dan is der kâns op in reinbôge en dan koe er syn skat miskien weromfine' (S. de B.).
nl.verhalenbank.13658
De Man en syn basis 'Yn dy hiele omkriten fan Earnewâld en Warten koe it barre, dat men mei de smid te meitsjen krige. Dat kaam trochdat er net wist, wêr't syn skat bedobbe wie. Dus oeral wêr't er op sa'n stuit tochte, dat er sykje moast, koe er in skip de wâl ynstjoere of tsjinhâlde of hurder farre litte' (S. de B.).
nl.verhalenbank.13655
De smid en de mûne dy't oer 't lan kuiere 'Der waurd ek ferteld, dat de smid fan Earnewâld foar in boer, dy't lân oan 'e feart hie, de wettermûne fersjoude. Sadree't der in stik lân fan dy boer ûnder wetter kaam te stean, koe er de smid roppe om syn iene mûne nei it plak te sjouwen dêr't er him meale litte woe. It hiet, dat dy boer de smid alle kearen wer...
nl.verhalenbank.13659
It spoek en de silerij 'Der waard ek ferteld, dat it skip sûnder oanwiisbere oarsaak sa mar mei de kop yn 'e wâl rûn, of dat de smid it skip op 'e side treau of dat it roer omskuord waard. De skippers moasten foaral op har iepenst wêze op it momint dat in reinbôge mei ien poat op it lân stie, want as de smid dan tichteby wie, koe er twa dingen dwaan— hy...
nl.verhalenbank.13708
De smid en de skat by Earnewâld Hy hat dêr earne in skat begraven Mei list en skelmerije wûn, En as de ûlen en de raven Dwaalt hy dêr mannich nachten rûn. Eeltsje Halbertsma 'By Earnewâld moat noch in skat begroeven sitte, mar wêr presys wit ik net. Beppe sei altyd, te Earnewâld wie in hiele grutte skat en dy leit net yn 't Wide op, mar dan moasten se...
nl.verhalenbank.13656
It spoek en de fiskerij 'Se mochten wol fûken sette, mar noait oan 'e feartswâl, en dat waarde dan wer spesiaal sein fan 'e smid fan Earnewâld en net fan 'e Langesleatter man. Hy skuorde spesiaal de fûken dy't oan 'e kant stienen der allegearre út. Hy wie deabenaud dat se yn 'e wâl begjinne soenen te dollen en syn skat fine. Miskien socht er ek wol yn dy...
nl.verhalenbank.13704
De smid spoeket om oare misdieden 'Dy smid koe sa min mei de frou. Oft dat no fan syn frou kaam of fan himsels, dat wit ik net, mar yn alle gefal, se akkordearren net. Se seinen altyd, dat sy wie ek in heak. Se wienen altyd slaande deilis. Beppe frege har dan ek wol ris ôf: Soe dat ek om dy skat west hawwe? Dat de iene de oare it jild fergunde? Men soe...
nl.verhalenbank.13662
De smid en de skat by Earnewâld 'Troch heit en omme Freark waard gauris oer dy smid praat. De smid fan Earnewâld is ferflokt, omdat er by syn libben in goddelike skat út in kleaster stellen hat. Hy hat dy bedobbe oan 'e kant fan in feart dêr't op dat stuit de iene foet fan in reinbôge stie. Hy is no noch altyd op in paad om dy skat werom te finen, mar de...
nl.verhalenbank.13657
Ien of twa spoeken? In swarte tabbert om syn lidden, Stapt hy dêr nachts sa earnstich rûn. Eeltsje Halbertsma Hoewol't miskien allerhanne oerleveringen en foarstellingen bydroegen hawwe sille ta it leauwen oan en de ferhalen oer it spoek fan 'e Langesleatten, liket gjinien fan 'e fertellers der oer te prakkesearjen en meitsje ûnderskie tusken de...
nl.verhalenbank.13674
De turfgraver en it reidmantsje Yn 'e sompen om Earnewâld hinne libben ek reidmantsjes. Doe't de turfmakkers hyltyd mear fean útbaggelen, moasten se al mar fierder tobek de wyldlannen yn. Sadwaende hawwe de reidmantsjes in like greate hekel oan 'e turfgravers as oan 'e reidsnijers en bisykje se altyd om har it libben sûr to meitsjen. Tusken de feangatten...
nl.verhalenbank.128336
[p. 235] De turfgraver en it reidmantsje Yn 'e sompen om Earnewâld hinne libben ek reidmantsjes. Doe't de turfmakkers hyltyd mear fean útbaggelen moasten se al mar fierder tobek de wyldlannen yn. Sadwaende hawwe de reidmantsjes in like greate hekel oan 'e turfgravers as oan 'e reidsnijers en bisykje se altyd om har it libben sûr to meitsjen. Tusken de...
nl.verhalenbank.128335
[p. 367] It famke en har freon de slange Yn it fean, oan 'e kant fan in greate sompe, wenne in feanarbeider mei syn frou en ien famke. Dat bern krige alle moarnen fan har mem in beker waerme molke. Op in kear roun se mei de beker mei molke yn 'e hân ta 't hûs út en gong op in stobbe oan 'e kant fan 'e sompe sitten. Doe kaem der út 'e sompe in greate...
nl.verhalenbank.128308
14