Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
80 results
Place of Narration: Kollumerzwaag
Twa feinten kommen us fan 'e froulju. Sy wienen to foet. Yn 'e Koaten roan der in frommes foar har op. By Geart Boersma gong se de homeije yn, doe woarde se samar wei, as wie 't yn 'e groun.
nl.verhalenbank.15755
Oan it Wyldpaed seach men in âld wiif mei in bolkoer it lân oerfleanen. Sy fleach as kat troch it dak hinne.
nl.verhalenbank.15740
In tsjoenster foroare har faek yn in kat. As se sa'n kat in mep joegen hie de tsjoenster de oare deis in blessuer oan har.
nl.verhalenbank.33022
Oan 'e Lange Loane (fan Sweagerfean nei de Triemen) wenne Boate Griet. Dat wie in tsjoenster. Hja hie poppen, dy stiek se mei spjelden yn 't boarst. Dy poppen stelden har slachtoffers foar.
nl.verhalenbank.38609
To Koatstertille wenne in kûper, dy syn wiif koe tsjoene. Sy wie der hiel faek yn 'e nacht op út. Op in nacht, doe wie se wer fuort en doe foun de kûper op bêd, op it plak, dêr't se lein hie, in kouwepânse.
nl.verhalenbank.15748
As wy as bern hwat fan in tsjoenster krigen - in apel of oars hwat - dan moesten wy dat altyd fuortsmite fan ús mem, hwant sa'n apel foroare yn in pod.
nl.verhalenbank.16109
Ik hew in friendin had, die haar beppe kon 't ook, seiden se. Ik hew nooit bij dat minske west, want ik was fuurbang der feur. Die vriendin fan my is helemaal útsukkeld. Haar eigen beppe had it daan.
nl.verhalenbank.24296
Fan in tsjoenster mochten wy neat opite, hwant dan krigen wy in pod yn 'e mage, waerd der sein.
nl.verhalenbank.29822
Ik ha wolris heard dat, as men in apel krijt fan in tsjoenster en dy biwarret men, dat it dan in pod wurdt.
nl.verhalenbank.25367
Krijt men kofje by in tsjoenster, dan mat men der om tinke en jit earst hwat út it kopke wei. Dan kin men de kofje fierder gerust opdrinke. Dan komt der jin neat mear fan oer.
nl.verhalenbank.25833
Men mat noait hwat fan in tsjoenster opite, of men mat hinnegean en smyt in lyts stikje der fan oer 't lofter skouder hinne. Dan hindert it neat as men der hwat opyt. Dan kin se jo net pakke.
nl.verhalenbank.24709
Wy hienen trije bargen. It wienen dikke lopers en heit wie der tige wiis mei. Wy wennen yn Twizelerheide. Mar doe woenen dy bargen samar ynienen net mear drinke en frette. Sy woenen wol, mar de earme dieren koenen net. Dat hat wol in wike duorre. Doe hat heit dy bargen forkocht oan in bakker op 'e Sweach (Kollumersweach). Doe't dy se hie, groeiden se wer...
nl.verhalenbank.22681
As men trije krúskes op 'e wei set, kin de tsjoenster jin net pakke. Men mat noait trije kear achterelkoar 'ja' sizze op hwat in tsjoenster jin freget, hwant dan hat se jin yn 'e macht. Hat men in koarste roggebrea yn 'e bûse, dan kin gjin tsjoenster fet op jin krije.
nl.verhalenbank.24062
Op in nacht kom in feint fan 'e faem werom. Dy faem wenne yn Twizel. De feint wie sahwat tusken it Heideloantsje en de Kloksheide. Doe kom him in âld-minske tsjin. De feint sei: Goe-joun. Mar it âld-minske sei neat werom. Hy sei noch us: goe-joun. Mar sy sei noch neat. Doe draeide er him om. It âld-minske wie in frou yn it swart mei lange rokken oan. Sy...
nl.verhalenbank.15725
Yn Kollumersweach wenne Harm v.d. Berg. Dy hie in sike jonge, dy't bitsjoend wie. Op in kear kom der in fremde swarte kat by harren op it hiem. Harm skeat op dy kat en rekke him. De oare deis wie Liuwe Ael, in âld tsjoenster, dy't oan 't Wyldpaed wenne, kreupel.
nl.verhalenbank.24061
In jonge man fan Kollumersweach seach op in sneintejoune sahwat om 9 ûre hinne yn 'e simmer in manspersoan, dy't foar him út roan. Hy bigong hwat hurder to rinnen om dy manspersoan yn to heljen, mar dat slagge him net. Doe gong dy persoan boven op 'e dyk oan 'e kant fan 'e wei. De jonge man die it ek. Mar doe sweefde dy manspersoan oer it lân hinne fuort.
nl.verhalenbank.15727
Jierren letter wienen ik en myn broer us yn Kûkherne. Wy soenen dêr in stik lân meane. Dat wie tichte by 't hûs dêr't dat wiif wenne dat doe in boskje fodden wie. It wie moai gers, mar der roan in paed troch, dêr wie 't alhiel plat trape. It wie skande fan 't gers. Ik sei tsjin myn broer: "Dat hat dat âld-wiif dien. As ik har hjir seach, dan sloech ik har...
nl.verhalenbank.25182
Alde Maei (Janne Maei) wenne op Kollumersweach foar de grifformearde tsjerke oer. "Dêr matte jimme neat fan oannimme en opite", seinen se altyd tsjin ús. Hja hie in dochter Anne, dy krige forkearing mei in bakkerssoan Jan Beerda. Op in kear joech Maei him in moaije apel, dy moest er mar meinimme. Doe hied er thús west en doe soed er dan dy apel mar opite....
nl.verhalenbank.37347
Wie der froeger in bern bitsjoend dan gong men nei de duvelbanner fan Kûkherne. Dy joech in drankje. It kessen, dêr't it bern op lei, waerd iepensnien en de krânsen der úthelle. Dy woarden forbrând. Wienen der al trije krânsen klear, dan koe 't bern net wer better.
nl.verhalenbank.24065
Ik ha 't mei in hynder wol meimakke, dat dy nachts op 'e stâl omdânse fan bangens. Dan siet de nachtmerje der op. Dan sieten der de oare moarns prachtige flechtsjes yn 'e moanjes. Om se to kearen kin men roggeangels of moal op 'e rêch fan 't hynder struije. In nachtmerje mei neat meinimme, dat foar roggeangels en moal binne se bang. Troch 't kaeisgat...
nl.verhalenbank.25184
80