Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: werken Place of Narration: Kollumerzwaag
Greate Pier wie us in kear oan 't ploeijen. Der kommen twa Hollanders oan, dy fregen him, hwer't greate Pier wenne. Doe tilde Pier de ploege op en dêr wiisde er mei nei syn hûs. "Dêr wennet er," sei er, "en hjir stiet er." En doe sloech er dy beide Hollanders mei de ploege dea. (Het verhaal is met St. Hearke bij haar niet bekend)
nl.verhalenbank.24076
Yn 'e foarige ieu wenne Sytse Koster yn 'e Hamsterheide. Hy wie arbeider by Wilco Buning yn Eastemar. Hy wie us oan 'e Boskwei oan 't wurk. Doe seach er in lykstaesje. It wie ljochtskyndei. De kiste stie op 'e wein en der lei in wyt kleed oer de kiste hinne. It wie dus in kreamfrou. De lykstaesje roan him foarby. Koart dêrnei forstoar der in kreamfrou to...
nl.verhalenbank.15732
Myn pake, Fokke Veenstra, wie tige sterk. Hy wenne yn 'e Westerein. Op in kear kaem er mei hynder en wein út 'e Sweager Mieden. Doe wienen dêr in stik of 8 man by 't spoar oan 't wurk. Se seagen pake oankommen. Doe seinen se tsjin elkoar: "Soe Fokke werklik sa sterk wêze as se sizze?" Dat woenen se wolris witte. Doe tilden se mei har achten in rail op en...
nl.verhalenbank.32214
Yn Dokkum wie in húshâlding, dêr gong de frou fan út te werken. Dan paste de beppe op 'e bern. Ze hadden twee jonkjes, die werden beide bitsjoend en gingen dea. Doe kregen se weer in jonkje. De man syn moeke was de tsjoenster, die altyd op 'e jonkjes paste. Dêr hienen sij geen erge yn. Doe waar daar een buurfrou: "Mag ik vandaag op 't berntsje passe?"...
nl.verhalenbank.25084
As in boom (= keppel) mendeis nei de Grinzer Klaei ta soe to flaechsteppen of to wjudden dan stelden se fan tofoaren fêst of it dy deis fortroud wie of net. Dan gong de keppelbaes hinne en sloech in bytsje losjes in pealtsje yn 'e groun. Dan luts er syn jas út en smiet dy oer dat pealtsje. As dat pealtsje mei dy jas dan nei harren tabûchde, dan wie 't net...
nl.verhalenbank.29937
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Doe kom der in man by him, dy frege: "Kinne jo my ek sizze hwer't Sterke Hearke wennet?" Hearke tilde de ploech op en wiisde der mei nei 't hûs. "Dêr wennet er", sei er. Doe wist dy man fuort hwa't Sterke Hearke wie.
nl.verhalenbank.25846
Der wie hjir yn Fryslân in poep, dy wie oan 't meanen. Doe wie 't ynienen: krak. De seine sloech ergens tsjin oan. Doe't er seach, hied er de kop fan it harspit ôfmeand. "Dat is nog een stoppel fan fleden jaar", sei de poep en doe meande er fierder.
nl.verhalenbank.27562
As men by in boer arbeidet en men mat dêr oernachtsje, mat men der om tinke, dat men noait in bêd makket op in boerewein. Dat waerd ús froeger altyd sein. Men kin better op 'e groun sliepe. Liz dêr hwat hea del en hwat tekkenspul. Mar net op in wein. Hwant sa'n wein koe de oare deis of in pear dagen letter us brûkt wurde matte foar in bigraffenis. Dan koe...
nl.verhalenbank.25363
35