Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: vreemd Place of Narration: Kollumerzwaag
Oene Kempenaer wie in hiel apart man. Foar syn gesicht wienen in bulte minsken bang. As hy it fé of de minsken bihandele, mompele er yn himsels en wylst seach er nei de spanten fan 'e souder. Hy sei der altyd spreuken by op, mar 't wie net to forstean. Hy hat sa in protte minsken en dieren genezen. Jy moesten net tsjin him prate, hy praette yn himsels.
nl.verhalenbank.29545
Om tsjoensters to kearen dienen de lju altyd duveldrek ûnder 'e drompel. Dêr koe de tsjoenster net oer komme. Wy hienen as bern altyd in pûdtsje mei duveldrek op it boarst, om mar net bitsjoend to wurden. Dy't bitsjoend wie, hie krânsen yn 'e kessens. Wienen der trije folle krânsen dan gong dyselde dea, dy't bitsjoend wie. As se dan nei de duvelbander...
nl.verhalenbank.29540
Op 'e Sawnbulten wenne in âld bryk wyfke, dat kwealik roan. Mar likegoed, troch har swarte kunst wie se samar in ein út 'e reek. Har eigen man wie bang foar har.
nl.verhalenbank.15747
By de Skilige Piip spûke it. Dêr seagen guon wolris hwat.
nl.verhalenbank.29536
Bontsje Keke (= Knjillis Veenstra) wenne njonken it hûs, dêr't wy nou yn wenje. Ik haw him wol kend. Hy wie middelmatich-great en foars fan foarkommen. It wie in apart man. Hy woe wol prate, mar de measte minsken wienen bang foar him, wy èk.
nl.verhalenbank.29510
By Harm v.d. Berg, hjir oerdwars, forskynde in fremde kat. Doe't Harm it dier gewaer woarde, joech er dy kat in opdonder. Doe hie der de oare deis in frommes west, dy hie hwat oan 'e hals mankeard. 't Wie in frommes út dizze buert. 't Wie in tsjoenster.
nl.verhalenbank.29539
Yn Feanwâldsterwâl wenne in feint, dat wie in earst raren-ien. Mar op in kear, doe't er in goed stik yn 'e kraech hie, doe woarde er troch in ûnbikende beetpakt en fuortsmiten, in hiel ein. Sûnt mat er noait wer in foet yn 'e herberch set ha.
nl.verhalenbank.15774
Ik wit noch bêst dat der ris in fremde kat om ús hinne roan en dat mem doe sei: "Och heden, hjir is Griet ek wer." En dan sei se út gekheit: "As hja dea is, krij ik it baentsje ek noch." Der wenne in jong frommes oan 'e Triemster loane, dy is dêr apart om Griet wei gong to wenjen, sa bang wie dy foar har.
nl.verhalenbank.37339
Der wie in frou, dy roan de Wedze lâns. Sy seach oan 'e kant in wêzen lizzen, dat hie egen as thékopkes en sa gleon as koallen fjûr. It wie by ljochtskyndei.
nl.verhalenbank.15749
Froeger wie dizze wei hjir net, dêr't wy nou oan wenje. Doe moest men it spoar del. Op in kear soenen heit en dy to sûkerij-dollen. Doe wie er by de oerwei, dêr't nou de flikkerljochten binne. Dêr hie hwat west, mar heit hie net sjen kind, hwat. Mar 't wie troch de grindstiennen hinne gien en de grindstiennen hienen der nei stoud.
nl.verhalenbank.29528
Oan 'e Wedze stie alear in beam mei in krús. Dêr wie in poep formoarde woarn. Twa murdejeijers wienen dêr us yn 'e nacht oan ta (± 1880), doe bigong de iene houn to spûkgûlen en roan deabinaud nei hûs ta. Mei de oare houn koenen se ek neat wurde. De beesten hienen hwat sjoen, dat de beide murdejeijers net sjoen hienen.
nl.verhalenbank.15728
35