Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: vragen Place of Narration: Kollumerzwaag
As men trije krúskes op 'e wei set, kin de tsjoenster jin net pakke. Men mat noait trije kear achterelkoar 'ja' sizze op hwat in tsjoenster jin freget, hwant dan hat se jin yn 'e macht. Hat men in koarste roggebrea yn 'e bûse, dan kin gjin tsjoenster fet op jin krije.
nl.verhalenbank.24062
Greate Pier wie us in kear oan 't ploeijen. Der kommen twa Hollanders oan, dy fregen him, hwer't greate Pier wenne. Doe tilde Pier de ploege op en dêr wiisde er mei nei syn hûs. "Dêr wennet er," sei er, "en hjir stiet er." En doe sloech er dy beide Hollanders mei de ploege dea. (Het verhaal is met St. Hearke bij haar niet bekend)
nl.verhalenbank.24076
Greate Pier wenne to Kimswerd. Der wie in man dy reizge dêrhinne, dy woe nei Greate Pier ta. Greate Pier wie in boer en hy wie krekt oan 't ploegjen doe't dy man der oan kaem. Hy hie twa hynders foar de ploech. Doe frege dy man him: "Kinne jo my fortelle, hwer't greate Pier wennet?" "Jawol", sei Pier. Hy krige de ploege mei ien hân beet en tilde him op....
nl.verhalenbank.38615
Der roannen op in joun fjouwer minsken op 'e Kapelle ûnder Rinsumageast. 't Wie al let. 't Wienen twa manlju en twa froulju, dy hienen to jounpraten west. De iene man wie in grapjas. Doe seagen se in frou oankommen, mei lang hier dat se los droech. De grapjas frege har: "Wolst ek forkearing ha?" Mar hja sei neat. Hja sweve samar fuort. Doe woarden se alle...
nl.verhalenbank.30107
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Doe kom der in man by him, dy frege: "Kinne jo my ek sizze hwer't Sterke Hearke wennet?" Hearke tilde de ploech op en wiisde der mei nei 't hûs. "Dêr wennet er", sei er. Doe wist dy man fuort hwa't Sterke Hearke wie.
nl.verhalenbank.25846
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Der kaem in man by him. "Hwer wennet de man dy't se Sterke Hearke neame?" frege er. Hearke tilde de ploech mei ien hân op en wiisde op syn hûs. "Dêr wennet er en hjir stiet er", sei er.
nl.verhalenbank.37363
Hjir yn 'e omkriten mat us in frou west ha, doe't dy kom to forstjerren, hie se net meikrigen yn 'e kiste, dêr't se rjocht op hie. Doe koe dat minske de rêst net krije en sy oppenearre har altomets by har folk. Doe hat doomny har oansprutsen en doe sei hja hwat se bigearde. Doe ha se dat har dan jown. Mar doomny sei der by: "Tink der om, en jow 't har net...
nl.verhalenbank.25832
35