Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: vader Place of Narration: Kollumerzwaag
As ien tige sterk is, wurdt der wol sein: dû koest wol in soan fan Sterke Hearke wêze.
nl.verhalenbank.24077
It gebeurde ris dat der in bern van my bitsjoend rekke. Doe wenne ik hjir al. Doe ik nei Wopke ta to Kûkherne. Wopke joech my in fleske mei guod. 'k Moest der goed op passe dat it fleske net stikken rekke, sei er, hwant dat koe gebeure. As it iene of oare my tsjin 'e jas oan stompte dan gong 't fleske stikken. Healwei de Swâdde yn Twizelerheide moest ik...
nl.verhalenbank.24711
Yn Kollumersweach wenne Harm v.d. Berg. Dy hie in sike jonge, dy't bitsjoend wie. Op in kear kom der in fremde swarte kat by harren op it hiem. Harm skeat op dy kat en rekke him. De oare deis wie Liuwe Ael, in âld tsjoenster, dy't oan 't Wyldpaed wenne, kreupel.
nl.verhalenbank.24061
Yn 'e oarloch fan '14 op '18 wie in soldaet op reis nei hûs ta mei forlof. Hy wenne yn Kollum. Doe seach er ûnderweis it kistje fan syn eigen bern. In dei of hwat letter kom it bern to forstjerren.
nl.verhalenbank.15733
Alde Boate Griet wie in tsjoenster. 't Wie in tante fan my. Fedde de Vries (de bikende krûdedokter) is letter yn har hûs kom to wenjen. Heit sei: "Noait muntsjes opite dy't dat minske dy jowt. Dy binne bitsjoend." Wy hienen duveldrek foar har ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.24891
Bontsje Keeke (= Knjillis Veenstra) wie mei de helm geboaren. Dy seach de bigraffenissen foarút. Hy gong dan yn 'e nacht nei 't tsjerkhôf ta, dêr woarde er hinne dreaun. Hy hat fan to foaren de bigraffenis fan syn eigen dochter sjoen, dy't fordronken is.
nl.verhalenbank.24072
Oan 'e Boppewei spûke it. Guon minsken seagen dêr altyd hwat. Balling Heidstra, de pake fan 'e tsjintwurdige skuonmakker doarst dêr net allinne lâns. Op in joun kaem er dêr mei heit lâns. Doe fleach er heit by de hûd op fan angst. Hy seach hwat dat him sa bang makke. Heit seach neat. Hy switte as in oandrager doe't se yn 'e buorren kamen.
nl.verhalenbank.38613
In healjier fan tofoaren sei 'k tsjin ús bern: "Heit leeft net lang mear." Der skeelde him doe neat, mar ik hie al sjoen dat er overleden wie. It kaem presys sa út.
nl.verhalenbank.30110
Op in kear wie heit mei syn broer yn Eastemar. It wie by nacht en sy roannen in sânwei lâns. Doe ha se dêr hwat wapperjen sjoen, dat net gewoan wie. Heit hat it faek forteld.
nl.verhalenbank.15776
Pake Fokke hie twa soannen. De iene hiet fan Eibert, dy hat ûnder tsjinst west. De oare hiet fan Jelle. It wienen sterke beulen fan sa'n 19 à 20 jier. Se hienen wolris rúzje ûnder elkoar. Op in kear sieten se by de tafel, doe waerden se ek wer deilis. Doe pakte pake se by 't boarst en sette se beide stiif tsjin 't sket oan. Doe wienen se stil.
nl.verhalenbank.32219
Bontsje Knjillis (Veenstra) wie in broer fan pake Fokke. It wie dus myn âldomke. Dy hie himsels oan 'e duvel forkocht. Dêrtroch moest er alles sjen. Hy seach altyd lykstaesjes en hast altyd by nacht. Dan siet de duvel him achter. Dan lei er op bêd, mar hy moest er ôf. Fral winterdeis hied er dêr in ôfgrysliken hekel oan. Dan woe er net fan bêd ôf. Mar hy...
nl.verhalenbank.32218
35