Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
13 datasets found
Dutch Keywords: paarden Place of Narration: Kollumerzwaag
In nachtmerje wie ien fan sawn dochters. Hja kaem troch 't gat fan 't ûleboerd. Dan gong se earst even op it saeibuordtsje sitten. In nachtmerje kaem ek troch de skoarstien. Men moest der foar soargje dat de skoarstien tige rikke, dan kaem se net. It hinnegat moest jouns fral ticht yn 't achterhús, oars kaem se dêr troch. 't Kaeisgat moest ticht treaun...
nl.verhalenbank.37354
Froeger gebeurde 't wol dat minsken de poaten fan 'e hynders sa bislaen lieten dat de hoefizers der achterstofoar ûnder kamen. Dat dienen se fral as se achterfolge waerden. Dan brochten se de fijân op in dwaelspoar. Skerne Wibe fan Ingelum die it ek.
nl.verhalenbank.37383
Spesiale gefallen fan al dy dingen wit ik net sa sear. Ik kin bygelyks net sizze: dat hat dy en dy doe en doe dêr en dêr bileefd. Mar ik wit wol hoe't it yn 't algemien tagong yn myn jonge tiid. Wy wennen yn Twizelerheide, oan 'e Swâdde. It wie och sa'n earme streek en doe allegear noch heide. De minsken wienen allegearre earm. Foar stammerige Harm wienen...
nl.verhalenbank.29816
Ien fan 'e sawn dochters dy't achter elkoar binne, is in nachtmerje. In nachtmerje komt troch 't sleutelgat yn 'e hûs. Men mat de skuon of toffels forkeard foar 't bêd sette, mei de hakken nei 't bêd ta, dat is in middel om der gjin lêst fan to krijen. Sy meije neat meinimme. Men kin ek moal struije. Sy flechtsje de moanjes fan 'e hynders. Nachtmerjes...
nl.verhalenbank.24896
Achter Kollum kamen ris op in joun twa rovers, dy't der op út wienen om âlde minsken to formoardzjen en to biroven. Hja kamen by in âlde boer en fregen of se dêr ûnderdak krije koenen. De âlde boer sei: "Jimme kinne hjir wol bliuwe fannacht." Even letter kamen der twa dragonders op hynders. Dy woenen ek graech ûnderdak ha. Dat koe ek gebeure, de âld boer...
nl.verhalenbank.37384
Ik ha 't mei in hynder wol meimakke, dat dy nachts op 'e stâl omdânse fan bangens. Dan siet de nachtmerje der op. Dan sieten der de oare moarns prachtige flechtsjes yn 'e moanjes. Om se to kearen kin men roggeangels of moal op 'e rêch fan 't hynder struije. In nachtmerje mei neat meinimme, dat foar roggeangels en moal binne se bang. Troch 't kaeisgat...
nl.verhalenbank.25184
Hjir wennen minsken dy ha fan tofoaren it spoar riden heard, foardat it der wie. De âlde minsken seinen, der soenen weinen komme/ride sûnder hyns der foar. Dat wienen de lettere auto's, dy't se doe al sjoen hienen.
nl.verhalenbank.29530
In de tijd van mijn moeke's vader seiden se al: "Der komme wagens sonder peerden en skippen sonder seilen." Dat is útkommen.
nl.verhalenbank.25085
Nachtmerjes sieten nachts op 'e hynders. Dan flochten se flechten yn 'e moanjes. Sake Huisman (bynamme: Sake Hupert) hie op Koatstertille west. Doe hied er heard dat der in nachtmerje by de hynders wie. 't Wie by in boer tichte by de brêge. De dieren hienen freeslik skopt en dien, dat wie op 'e wei to hearren. Dit hat Sake my forteld. De dieren hienen...
nl.verhalenbank.29507
By in plaets yn Koatstertille seagen twa man us ien by joun it hiem opgean. It wie deun by it Knjillisdjip en dyselde hie in glêdde jas oan. De beide mannen seinen tsjin elkoar: Even wachtsje, hwant aenst bigjinne de hynders to slaen en to bûtsen. En dat gebeurde èk.
nl.verhalenbank.15759
Yn 'e Westerein spûke in frommes, dat sweefde yn wite klean by de wâllen lâns. Hja hie in bân om 'e rôkken hinne. Men seach har allinne by nacht. As de kooplju yn 'e nacht út 'e Westerein wei mei de hynders nei de merk ta gongen, dan koenen se de hynders net fierder krije as dy wite juffer der wer spûke. Dy hynders wienen dan bang.
nl.verhalenbank.29932
Yn Kollumersweach hat in âld oast-gonger wenne, dy hie seis jier yn Indië tahâlden. Doe't er weromkaem, koed er him net rjocht by de minsken oanpasse, dêrom kocht er in aekje en dêr lei er mei yn 'e mieden, in ein fan 'e biwenne wereld ôf. Dy man, dat wie Lammert Zuidema. Hy kaem út in skipperslaech. Op in kear, midden yn 'e nacht kaem der in swart...
nl.verhalenbank.29930
Yn 'e Westerein wenne in âlde hynstekoopman. It wie bikend dat hy de hynders o sa min bihandele. De dieren krigen hast neat to fretten en kamen heal fan 'e honger om. En hy bihandele se och sa wreed. Letter kamen dy hynders, doe't se dea wienen, yn 'e nacht by him oan hûs. Dan rinkelen se oan 'e ring fan 'e doar en dan hearde dy hynstekoopman de hoeven...
nl.verhalenbank.29931
35