Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
13 datasets found
Dutch Keywords: optillen Place of Narration: Kollumerzwaag
Greate Pier wie us in kear oan 't ploeijen. Der kommen twa Hollanders oan, dy fregen him, hwer't greate Pier wenne. Doe tilde Pier de ploege op en dêr wiisde er mei nei syn hûs. "Dêr wennet er," sei er, "en hjir stiet er." En doe sloech er dy beide Hollanders mei de ploege dea. (Het verhaal is met St. Hearke bij haar niet bekend)
nl.verhalenbank.24076
Sterke Hearke wie ris in kear oan 't ploeijen. Doe kom der ien by him, dy frege hwer't Hearke wenne. Doe tilde Hearke mei ien hân de ploege op en sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.24894
Myn âlde beppe hie forkearing mei in feint. Op in joun roan se mei him op. 't Wie hjir yn Sweagerfean. 't Wie doe noch sânwei. Doe sei dy feint tsjin har: "Mast net kjel wurde as ik aenst even by dy wei bin." Even letter woarde hy samar opnaem en doe't beppe seach, hied er oan 'e oare kant fan 'e sleat roan. Beppe waerd tige kjel. Sy is net mei him troud.
nl.verhalenbank.25838
Yn dy buert hat us ien mei de skoukarre west. Doe waerd er samar ynienen opnaem en yn 'e sleat smiten. Hy hie noait hwat sjoen. Hy fortelde 't Hindrik. Dy sei: "Dû hast dêr ien yn 'e wei roun. In geast hat dêr lâns matten."
nl.verhalenbank.26315
Greate Pier wenne to Kimswerd. Der wie in man dy reizge dêrhinne, dy woe nei Greate Pier ta. Greate Pier wie in boer en hy wie krekt oan 't ploegjen doe't dy man der oan kaem. Hy hie twa hynders foar de ploech. Doe frege dy man him: "Kinne jo my fortelle, hwer't greate Pier wennet?" "Jawol", sei Pier. Hy krige de ploege mei ien hân beet en tilde him op....
nl.verhalenbank.38615
Sterke Hearke wie op it lân oan 't ploegjen. Doe kom der ien by him. Dy hie frege nei in bepaelde persoan. Hy woe graech wite hwer't dy wenne. Doe hie Hearke de ploech beet krige en him optild en hy hie sein: "Sjoch, dêr wennet er." Hy wenne yn Droegeham.
nl.verhalenbank.29533
Der wie in faem by de boer, die hie in min sin. Doe sei se iderkear: "Ik woe wol, dat ik in de maan siet." Doe is se opnomd worden en naar de maan bracht. En nou seggen se wel, dat dat wyfke dat je daar in de maan siet, dat sij dat was.
nl.verhalenbank.25086
Greate Pier wie o sa sterk. Op in kear wie er op it lân oan 't ploeijen. Doe kamen der guon by him. Dy fregen him: "Hwer wennet greate Pier?" Doe hie er de ploech optild en dêrmei syn hûs oanwiisd. En hy hie sein: "Hjir stiet er en dêr wennet er."
nl.verhalenbank.29935
Yn Uthuzen (Uithuizen, Gr.) stiet in skuorre, dat is in spûkskuorre. De boer dy't op dy pleats wenne, hiet fan Biesterveld. Dêr wie in plak yn 'e skuorre, dêr koe it wurkfolk net sliepe. Dy't dat weage, waerd optild en in ein fuortsmiten. Der waerd altyd foar warskôge, dat men dêr net sliepe moest. Men woe wol ha, dat him dêr ris ien forhong hat.
nl.verhalenbank.16998
Op 'e Hege Tsien mat in greate ikene stobbe west ha. Dêr tikke it altyd yn, krekt as yn in wekker. Je koenen 't skoan hearre as jy der flak by kamen. Op in kear stie dêr in feintsje to harkjen mei 't ear op 'e stobbe. Dat feintsje sei: "Alde hear, binn' de jirappels gear? Is 't spek bret? Dan ite wy nou mar, net?" Doe't er dat sein hie, woarde er opnaem...
nl.verhalenbank.25203
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Der kaem in man by him. "Hwer wennet de man dy't se Sterke Hearke neame?" frege er. Hearke tilde de ploech mei ien hân op en wiisde op syn hûs. "Dêr wennet er en hjir stiet er", sei er.
nl.verhalenbank.37363
Sterke Hearke wenne oan 'e oare kant de wei. Der hat us ien west, doe wied er yn 't lân mei de ploege. Dy frege him: "Hwer wennet Sterke Hearke?" Hearke hie de ploege optild en sein: "Dêr wennet Sterke Hearke en hjir stiet Sterke Hearke."
nl.verhalenbank.24898
Sterke Hearke wenne yn 'e Ham. Hy wie us in kear oan 't ploegjen op it lân. Doe kom der in keardel by him, dy frege him hwer't Sterke Hearke wenne. Doe hie Hearke de ploege optild. Dêr hie er mei wiisd en doe hied er sein: "Sjoch, dêr wennet er." Doe wist de man genôch, hy frege net mear. Hy hie mei in âld hynderke sels de ploege oanskoud. Dêrtroch koed...
nl.verhalenbank.25198
35