Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: naloop Place of Narration: Kollumerzwaag
As men trije krúskes op 'e wei set, kin de tsjoenster jin net pakke. Men mat noait trije kear achterelkoar 'ja' sizze op hwat in tsjoenster jin freget, hwant dan hat se jin yn 'e macht. Hat men in koarste roggebrea yn 'e bûse, dan kin gjin tsjoenster fet op jin krije.
nl.verhalenbank.24062
Froeger hienen de boeren in flearstrûk foar it keldersfinster, dan koe de tsjerne net bitsjoend wurde.
nl.verhalenbank.24063
Woe men tsjoensters keare, dan die men duveldrek ûnder 'e drompel. De toffels of skuon sette men mei de hakken nei 't bêd ta.
nl.verhalenbank.25848
Tichte by de âld toer to Eastemar wenne froeger in slachter. Dy hiet fan Tsjipke. Op in joun moest er nei in boer ta to slachtsjen. Doe't dat gebeurd wie woarde de flesse op 'e tafel set. Dat wie sa it gebrûk. En dêrnei soe Tsjipke dan wer op hûs yn. Doe frege him ien: "As de âld hear dy aenst yn 'e mjitte komt, soest dan ek kjel wurde?" "Dêr jow ik neat...
nl.verhalenbank.15758
Yn Uthuzen (Uithuizen, Gr.) stiet in skuorre, dat is in spûkskuorre. De boer dy't op dy pleats wenne, hiet fan Biesterveld. Dêr wie in plak yn 'e skuorre, dêr koe it wurkfolk net sliepe. Dy't dat weage, waerd optild en in ein fuortsmiten. Der waerd altyd foar warskôge, dat men dêr net sliepe moest. Men woe wol ha, dat him dêr ris ien forhong hat.
nl.verhalenbank.16998
Under 'e bargetrôge dienen se altyd duveldrek.
nl.verhalenbank.25834
As men duveldrek by jin hat komt de lulkste houn jin net binei. Mei liuwefet ek net.
nl.verhalenbank.24069
Krijt men kofje by in tsjoenster, dan mat men der om tinke en jit earst hwat út it kopke wei. Dan kin men de kofje fierder gerust opdrinke. Dan komt der jin neat mear fan oer.
nl.verhalenbank.25833
Oan 'e Wedze stie alear in beam mei in krús. Dêr wie in poep formoarde woarn. Twa murdejeijers wienen dêr us yn 'e nacht oan ta (± 1880), doe bigong de iene houn to spûkgûlen en roan deabinaud nei hûs ta. Mei de oare houn koenen se ek neat wurde. De beesten hienen hwat sjoen, dat de beide murdejeijers net sjoen hienen.
nl.verhalenbank.15728
35