Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: mensen Place of Narration: Kollumerzwaag
Oene Kempenaer wie in hiel apart man. Foar syn gesicht wienen in bulte minsken bang. As hy it fé of de minsken bihandele, mompele er yn himsels en wylst seach er nei de spanten fan 'e souder. Hy sei der altyd spreuken by op, mar 't wie net to forstean. Hy hat sa in protte minsken en dieren genezen. Jy moesten net tsjin him prate, hy praette yn himsels.
nl.verhalenbank.29545
Ik ha wolris heard dat hjir pleachbeesten west ha, dy't yn 'e nacht mei de minsken oproannen.
nl.verhalenbank.24070
Hjir njonken ús op 'e Saedkamp, dêr seagen se froeger in hiele protte ljochten en sy hearden dêr gedurich klopjen. Dêr soe in protte boud wurde, waerd der ornearre. En dat is ek gebeurd.
nl.verhalenbank.24064
Dan wie der nòch sa'n famylje yn 'e Kollumersweach dy telde ek nochal hwat tsjoensters. Ien dêrfan wie in man, dêr wienen net allinne de minsken allegear bang foar, mar it fé wie ek deabinaud foar him. Hy hiet fan Ome. Seach er in flinter yn 'e loft omflodderjen, dan wiisde hy der mar even mei de finger nei en de flinter koe him net mear forroere. As ien...
nl.verhalenbank.15752
Hjir wennen minsken dy ha fan tofoaren it spoar riden heard, foardat it der wie. De âlde minsken seinen, der soenen weinen komme/ride sûnder hyns der foar. Dat wienen de lettere auto's, dy't se doe al sjoen hienen.
nl.verhalenbank.29530
Der roannen op in joun fjouwer minsken op 'e Kapelle ûnder Rinsumageast. 't Wie al let. 't Wienen twa manlju en twa froulju, dy hienen to jounpraten west. De iene man wie in grapjas. Doe seagen se in frou oankommen, mei lang hier dat se los droech. De grapjas frege har: "Wolst ek forkearing ha?" Mar hja sei neat. Hja sweve samar fuort. Doe woarden se alle...
nl.verhalenbank.30107
Ek by de minsken kaem de nachtmerje. In nachtmerje kaem troch 't slotsgat en socht it bêd fan 'e minsken op. De minsken setten de toffels achterstofoar foar 't bêd en hâldden de kaei yn 't slotsgat. De minsken bestruiden har mei moal. Dan bleauwen de nachtmerjes op 'e minsken sitten en koenen se der net wer ôf komme. Fan 'e sawn famkes út ien húshâlding...
nl.verhalenbank.29509
By de Westerein oan 'e Boppewei op 'e hoeke by 't Spûkloantsje sit in kiste mei jild yn 'e groun. As de minsken nei dy kiste bigjinne to graven en se reitsje him mei de lodde, dan sakket er.
nl.verhalenbank.38608
Ik ha wol minsken kend en by my hawn, dêr't ik in great hekel oan hie. Dy hienen de kweade hân. As se by de kninen kamen en se net kochten, dan koe men der mar fan op oan dat dy kninen dea gongen.
nl.verhalenbank.38620
Op in joune let kommen guon dy't to jounpraten west hienen werom. Doe seagen se dat der ergens yn Kûkherne in jonkje foar har oproan op krukken. It jonkje roan in hiem op, dêr't jonge minsken wennen. Yn dat hûs woarde it oare jiers in jonkje geboaren, dat letter op krukken roan.
nl.verhalenbank.15761
Yn 'e oarloch fan 14 op 18 wie 'k ûnder tsjinst yn Oldebroek. Op 't stasjon to Nunspeet kaem in Belgyske fluchteling by ús. Dy koe allerhande fremde kunsten. Hy koe ûnder mear de minsken sitten bliuwe litte. Dan koenen se net wer oerein komme. Dat ha 'k mei eigen egen sjoen. Ek, as ien de hân op 'e tafel lei, sei er: "Ik doar wedzje, dat jo dy hân dêr net...
nl.verhalenbank.37372
35