Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Dutch Keywords: meel Place of Narration: Kollumerzwaag
Ien fan sawn famkes út ien húshâlding is in nachtmerje. Om gjin lêst fan nachtmerjes to krijen struiden se moal foar 't bêd en se setten de toffels mei de hakken nei 't bêdsket ta.
nl.verhalenbank.29938
Ien fan 'e sawn dochters dy't achter elkoar binne, is in nachtmerje. In nachtmerje komt troch 't sleutelgat yn 'e hûs. Men mat de skuon of toffels forkeard foar 't bêd sette, mei de hakken nei 't bêd ta, dat is in middel om der gjin lêst fan to krijen. Sy meije neat meinimme. Men kin ek moal struije. Sy flechtsje de moanjes fan 'e hynders. Nachtmerjes...
nl.verhalenbank.24896
Ek by de minsken kaem de nachtmerje. In nachtmerje kaem troch 't slotsgat en socht it bêd fan 'e minsken op. De minsken setten de toffels achterstofoar foar 't bêd en hâldden de kaei yn 't slotsgat. De minsken bestruiden har mei moal. Dan bleauwen de nachtmerjes op 'e minsken sitten en koenen se der net wer ôf komme. Fan 'e sawn famkes út ien húshâlding...
nl.verhalenbank.29509
Alde Piters Willemke wie in nachtmerje. Dy kom troch 't slotsgat yn 'e hûs, ek wol ris troch de skoarstien. Sy liet har ek wol ynslute. Men kin in nachtmerje keare troch moal to struijen. Krije se dat oan har, dan kinne se net wer ta 't hûs út. Piter Kimp hearde de nachtmerje altyd wol oankommen. Om 'e oare joun hied er ien op him sitten.
nl.verhalenbank.16061
Ik ha 't mei in hynder wol meimakke, dat dy nachts op 'e stâl omdânse fan bangens. Dan siet de nachtmerje der op. Dan sieten der de oare moarns prachtige flechtsjes yn 'e moanjes. Om se to kearen kin men roggeangels of moal op 'e rêch fan 't hynder struije. In nachtmerje mei neat meinimme, dat foar roggeangels en moal binne se bang. Troch 't kaeisgat...
nl.verhalenbank.25184
In nachtmerje wie ien fan sawn dochters. Hja kaem troch 't gat fan 't ûleboerd. Dan gong se earst even op it saeibuordtsje sitten. In nachtmerje kaem ek troch de skoarstien. Men moest der foar soargje dat de skoarstien tige rikke, dan kaem se net. It hinnegat moest jouns fral ticht yn 't achterhús, oars kaem se dêr troch. 't Kaeisgat moest ticht treaun...
nl.verhalenbank.37354
Yn 'e Westerein ha se ris in nachtmerje fangd. Se hienen moal struid en de nachtmerje siet de moarns by 't wiif op bêd. Doe kom de man op 'e lappen. Hy sei tsjin 'e nachtmerje: Nou kin 'k dy deameitsje. Mar ast biloofste, datst hjir net werkomme silste, dan lit ik dy gean. Doe hat de nachtmerje plechtich biloofd, dat se hjir noait wer komme soe en de man...
nl.verhalenbank.16064
In nachtmerje is in man of in frou. Ien fan 7 susters of ien fan sawn bruorren is in nachtmerje. In widdoufrou njonken myn skoanâlden hat ris in nachtmerje fangd. Hja hie om 't bêd hinne kaf struid: angels fan rogge-ieren. Dat hinget oan fansels. En as in nachtmerje soks oan him krijt kin er net wer fuortkomme. Hwant in nachtmerje mei neat meinimme. It...
nl.verhalenbank.32346
8