Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
13 datasets found
Dutch Keywords: kist Place of Narration: Kollumerzwaag
Alde Japiks Fokje hat hjir wenne, dy hat ek yn 'e Koaten wenne. Dat wie in kaertlizter. Sa'n fyftich jier lyn gongen de jonge bazen dêrhinne. Wy forwachten in berntsje, doe gong ik nei Fokje ta om 'e kaert útlein to krijen. Myn frou rekke yn 't sikenhûs, doe't hja yn forwachting wie. Fokje sei: "Dat bern krije jim net thús. Ik ha 't bern fannacht yn 't...
nl.verhalenbank.37340
Yn 'e oarloch fan '14 op '18 wie in soldaet op reis nei hûs ta mei forlof. Hy wenne yn Kollum. Doe seach er ûnderweis it kistje fan syn eigen bern. In dei of hwat letter kom it bern to forstjerren.
nl.verhalenbank.15733
To Twizelerheide lei yn 'e nacht in man op bêd. Doe seach er, dat der in kiste by him ta 't hûs yn brocht woarde. Hy tocht: "Soe ik dêr yn matte." Mar in wike of hwat letter kom der in dochter út 'e Hamsterheide by him útfanhûs. Dy kom dêr ûnforwacht to forstjerren. Sy brochten de kiste ta de keamer yn krektlyk as hy it sjoen hie.
nl.verhalenbank.15736
By de Skilige Piip sit in kiste mei jild yn 'e groun. Nachts wienen der op dat plak ljochtsjes to sjen. Der moest earst oer dat plak in wyt keal stien ha, leafst mei trije poaten, dan koe men bigjinne to dollen. Guon ha dêrhinne west mei in wyt keal. Doe gong it op in dollen. Mar hwat mear se dolden, hwat djipper de kiste sakke.
nl.verhalenbank.15767
By de Westerein oan 'e Boppewei op 'e hoeke by 't Spûkloantsje sit in kiste mei jild yn 'e groun. As de minsken nei dy kiste bigjinne to graven en se reitsje him mei de lodde, dan sakket er.
nl.verhalenbank.38608
Keke hat hjir njonken wenne. Hy hie in soan yn Grinslân to wenjen. Doe hat Keke op in kear in lykkiste by him thús yn 'e keamer sjoen. Doe hie er tocht: "Dat bin ik sels." Mar dat wie 't gefal net. De soan is ris in kear - dat wie letter - út Grinslân wei thús kaem en hat him hjir by him yn 't apelhôf oan in beam ophong. Sadwaende kaem dy kiste by Keke yn...
nl.verhalenbank.29516
Keke syn dochter hat harsels fordronken yn in gat by 't spoar. Keke hat ek hàr kiste by him yn 'e hûs stean sjoen. Hja wenne noch by him yn 'e hûs. Hy hie net sjoen dat hja fordronken wie.
nl.verhalenbank.29517
Keke wie arbeider by Gosse Venema, in greate boer. Dy boer forlear syn wiif yn 'e kream. De jonge, Piter, bleau yn leven. Dat hie Keke allegear fan tofoaren sjoen. Hy seach de hiele lykstaesje. Doe't se mei 't lyk fuort gongen op 'e dei fan 'e bigraffenis hied er sein: "Ho even. Dit is hjir net yn oarder. It is oars as sa't ik it sjoen ha. Der lei in wyt...
nl.verhalenbank.29514
Heit hie in broer, dat wie Sytse Koster. Dy wenne yn 'e Hamsterheide, mar hy arbeide yn Eastemar by Wilko Werumeus Buning. Doe seach er op in kear op 'e Boskwei, dêr't er lâns moest in lykstaesje. It wie in kreamfrou dy't der stoarn wie, hwant hja hie in wyt kleed oer de kiste hinne. De lykstaesje gong him foarby. 't Wie foartjirmerij.
nl.verhalenbank.23665
Frijmitselders hawwe noait forlet fan jild. Se binne kûgelfrij, krekt as deselden dy't mei de helm geboaren binne. Sa nou en dan mat der ien fan har deamakke wurde. Se komme der noait wer by wei of sy matte stjerre. Sy matte in kontrakt mei bloed ûndertekenje. Sy matte in hiele nacht yn in deadskiste lizze en dêr helje se dan fan alles mei út.
nl.verhalenbank.24083
Wie der ien weirekke, dan die men it skearmes, dêr't er as lyk mei skeard wie, mei yn 'e kiste. Ek de nuddel, dêr't it deadshimd mei naeid wie, ek de skûteldoek, dêr't it lyk mei wosken wie.
nl.verhalenbank.24082
Ik ha wol ris heard, as in deade net meikrijt yn 'e kiste dat him takomt, dan krijt er gjin rêst. Dan oppenearret er him wer nei de dea.
nl.verhalenbank.24079
Hjir yn 'e omkriten mat us in frou west ha, doe't dy kom to forstjerren, hie se net meikrigen yn 'e kiste, dêr't se rjocht op hie. Doe koe dat minske de rêst net krije en sy oppenearre har altomets by har folk. Doe hat doomny har oansprutsen en doe sei hja hwat se bigearde. Doe ha se dat har dan jown. Mar doomny sei der by: "Tink der om, en jow 't har net...
nl.verhalenbank.25832
35