Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: jongen Place of Narration: Kollumerzwaag
Myn skoanheit hat forkearing hawn mei in faem yn Kûkherne. Dat wie in tsjoenster. Hja hie har âlden forlern en wenne allinne op in boerespul. Myn skoanheit en hja sieten dy jouns in skoftsje yn 't bûthús - dat wie doe sa de gewoante - en hja praetten hwat en sa, en sa waerd it stadichoan letter. Doe't it in eintsje yn 'e nacht op wie, tocht skoanheit:...
nl.verhalenbank.25181
In jonge man fan Kollumersweach seach op in sneintejoune sahwat om 9 ûre hinne yn 'e simmer in manspersoan, dy't foar him út roan. Hy bigong hwat hurder to rinnen om dy manspersoan yn to heljen, mar dat slagge him net. Doe gong dy persoan boven op 'e dyk oan 'e kant fan 'e wei. De jonge man die it ek. Mar doe sweefde dy manspersoan oer it lân hinne fuort.
nl.verhalenbank.15727
De boer dy't in earrebarre op 'e skuorre hat, is dêr mâl mei. Sa'n earrebarre bringt gelok. Hy jowt ek hier. Hy smyt ien fan syn jongen út it nêst.
nl.verhalenbank.25381
Myn broer kom us op in nacht mei in kammeraet de Twizelerwei lâns. Sy kommen by de froulju wei. Syn kammeraet, dat wie Bosma fan Twizel, dy wenne doedestiids yn 'e Westerein. Op 'e Twizeler Nijewei troffen se ûnderweis om in ûre of twa hinne yn 'e nacht in jonkje en in famke, dy hâldden elkoar by de hân beet. Dy bern wienen ± fjouwer à fiif jier âld. Sy...
nl.verhalenbank.22685
Yn Twizelerheide hat in jonge wenne, dy woarde bitsjoend. 't Wie Oene Leegsma, hy wennet nou op 'e Hillema-State to Burgum. De jonge wie sa siik as in houn. Hy hat it op 'e dea ôf helle. Doe ha se syn kessen iepenmakke en doe founen se dêr trije krânsen fan fearren yn. De trêdde krâns wie omtrint fol. As dy fol west hie wie de jonge dea west.
nl.verhalenbank.22682
Yn 'e Falom soenen in stik of hwat jonge bazen to baeijen. Myn broer wie der ek by. Sy hienen har allegear útklaeid en sa stienen se op 'e wâl. Sy hienen ôfpraet, sy soenen allegear sa fier springe as se koenen, fan 'e wâl ôf yn 't wetter. Doe sei ien fan dy jonge bazen: "Dêr dan foar den duvel!" En doe hied er de sprong nom. Mar hy wie net wer boppe...
nl.verhalenbank.25201
Der hat hjir yn 'e buert in man wenne, dy hie, doe't er noch feint wie, forkearing mei in faem. Dy faem, dat wie in tsjoenster. It gebeurde wol, as er by har siet, dat har stoel ynienen leech wie. Dan wie hja der op út to tsjoenen. Dan bleau se in ûre of ek wol langer wei. In skoft letter siet se der wer. De feint hat it op 't lêst útmakke, hy woe net mei...
nl.verhalenbank.29819
Ik hew us hoord, der moet us in sémearmin west ha, die kon zo mooi singen, dat sy hat us in jongen in 't water gelokt. Die is daar toen fordronken. As der in grote storm komt beginnen eerst de sémearminnen te sjongen. Se mutte prachtig sjonge kinne, sei myn broer. Dy farde op sé. Maar hoe mooier se singe, hoe freesliker de storm wordt. Sémearminnen binne...
nl.verhalenbank.24291
35