Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: gooien Place of Narration: Kollumerzwaag
As men hwat fan in tsjoenster oannimt, mat men it noait hielendal opite. Men mat der in hoekje fan oer 't linker skouder smite, dan komt der jin neat fan oer.
nl.verhalenbank.25368
Ik haw hjir op 'e tún hjouwer forboud. Doe seach ik in kear dat der in koe by de hjouwerstûke stie. It like krekt of er dêrfan friet. Ik smiet der op mei de klomp. Doe bleau er nòch stean, it wie in spoek.
nl.verhalenbank.37341
De boer dy't in earrebarre op 'e skuorre hat, is dêr mâl mei. Sa'n earrebarre bringt gelok. Hy jowt ek hier. Hy smyt ien fan syn jongen út it nêst.
nl.verhalenbank.25381
Achter Kollum kamen ris op in joun twa rovers, dy't der op út wienen om âlde minsken to formoardzjen en to biroven. Hja kamen by in âlde boer en fregen of se dêr ûnderdak krije koenen. De âlde boer sei: "Jimme kinne hjir wol bliuwe fannacht." Even letter kamen der twa dragonders op hynders. Dy woenen ek graech ûnderdak ha. Dat koe ek gebeure, de âld boer...
nl.verhalenbank.37384
Ieuwenlyn ha se de klok út 'e toer fan Westergeast yn 'e tsjerkedobbe smiten. Op gesette tiden kin men dy klok dêr noch lieden hearre. Der binne ek guon, dy sizze, dy klok leit yn 'e Dôlle op 'e Triemen. (ûnder Westergeast)
nl.verhalenbank.26328
Yn dy buert hat us ien mei de skoukarre west. Doe waerd er samar ynienen opnaem en yn 'e sleat smiten. Hy hie noait hwat sjoen. Hy fortelde 't Hindrik. Dy sei: "Dû hast dêr ien yn 'e wei roun. In geast hat dêr lâns matten."
nl.verhalenbank.26315
Skoppenboer wie de duvel. Dêr koe men in flesse drank mei krije. 't Earste romerfol moest men oer 't linker skouder fuortsmite. Dat wie èk foar de duvel.
nl.verhalenbank.22688
As in boom (= keppel) mendeis nei de Grinzer Klaei ta soe to flaechsteppen of to wjudden dan stelden se fan tofoaren fêst of it dy deis fortroud wie of net. Dan gong de keppelbaes hinne en sloech in bytsje losjes in pealtsje yn 'e groun. Dan luts er syn jas út en smiet dy oer dat pealtsje. As dat pealtsje mei dy jas dan nei harren tabûchde, dan wie 't net...
nl.verhalenbank.29937
Guon lieten mei skoppenboer in flesse drank komme. Dat wienen duvelskunsten. Der gong in lege flesse fuort en der kaem in folle flesse werom. Deselde dy't de lege flesse mei de kaert der oan weiset hie mocht de folle flesse net oannimme; dat moest ien fan 'e oaren dwaen. Waerd dat net dien, dan gong it raer mei deselde dy't de lege flesse oerjown hie. It...
nl.verhalenbank.29940
Der wie in skippersfeint, dy haw ik wol kend. Hy foer mei in âld man op in skip, dy wie ôfkomstich fan Doezum. Sy foeren mei turf. Sy wennen dêr yn in lyts foarûnderke. Op in kear soe de skipper dêr kofje ynjitte, mar as er de kofjepot krije soe, dan wipte dy fuort. Dan grypte dy skipper der nei, mar dan wipte er wer fuort. De feint siet der by to gnizen....
nl.verhalenbank.26320
35