Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: geboren Place of Narration: Kollumerzwaag
Bontsje Keeke (= Knjillis Veenstra) wie mei de helm geboaren. Dy seach de bigraffenissen foarút. Hy gong dan yn 'e nacht nei 't tsjerkhôf ta, dêr woarde er hinne dreaun. Hy hat fan to foaren de bigraffenis fan syn eigen dochter sjoen, dy't fordronken is.
nl.verhalenbank.24072
Knjillis Veenstra fan Kollumersweach seach alles foarút. Hy hat foarút sjoen dat syn eigen dochter forsûpte. Har lykstaesje seach er ek. Hy wie mei de helm geboaren. As se dy helm fan foaren nei achteren ôflûke, gebeurt der neat. Mar lûke se him fan achteren nei foaren ôf, dan mat sa'n ien letter alles sjen. As der foar him in lykstaesje to sjen wie, siet...
nl.verhalenbank.38610
Sokke dingen haw ik altyd. Ik wurd noait kjel fan hwat freesliks dat se my fortelle, omdat ik it altyd al fantofoaren wyt. Ik bin net mei de helm geboaren, mar sokken binne der wol. As se de helm foaroer weihelje dan mat sa'n bern letter alles sjen, helje se him achteroer ôf, dan net.
nl.verhalenbank.30111
Op in joune let kommen guon dy't to jounpraten west hienen werom. Doe seagen se dat der ergens yn Kûkherne in jonkje foar har oproan op krukken. It jonkje roan in hiem op, dêr't jonge minsken wennen. Yn dat hûs woarde it oare jiers in jonkje geboaren, dat letter op krukken roan.
nl.verhalenbank.15761
Bontsje Keke syn heit wie èk de sawnde fan sawn. Sadwaende wie hy sèls mei de dûbelde helm geboaren. Fan Twizel nei de Swâdde roun in lykpaed. En der roun ek in lykpaed fan Kollumersweach nei de Swâdde. Dy beide lykpaden kamen sahwat op itselde plak by de Swâdde út. Op dy lykpaden wie Bontsje Keke nachts wit hoe faek to finen. Dêr seach er de lykstaesjes....
nl.verhalenbank.29924
Myn omke hie in foardochter. Dat wie Romkje. Dy moest nachts alles sjen. Dy wie mei de helm geboaren. Nachts gong se der op út. Sy wist altyd hwa't der stjerre soenen.
nl.verhalenbank.25836
Frijmitselders hawwe noait forlet fan jild. Se binne kûgelfrij, krekt as deselden dy't mei de helm geboaren binne. Sa nou en dan mat der ien fan har deamakke wurde. Se komme der noait wer by wei of sy matte stjerre. Sy matte in kontrakt mei bloed ûndertekenje. Sy matte in hiele nacht yn in deadskiste lizze en dêr helje se dan fan alles mei út.
nl.verhalenbank.24083
Soms gebeurt it dat bern mei de helm geboaren wurde. Men mat dan it flues nei ûnderen ta der ôflûke. Docht men it krekt oarsom, dan mat it bern letter alles sjen. Pleechsusters yn 't sikenhûs stielen sa'n helm wol. Dy drage se by har. Dan binne se feilich. Se wurde ek wol forkocht. Dy't sa'n helm by him hat, dy is kûgelfrij. Se sizze dat alle frijmetslers...
nl.verhalenbank.32221
35