Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: dochter Place of Narration: Kollumerzwaag
To Twizelerheide lei yn 'e nacht in man op bêd. Doe seach er, dat der in kiste by him ta 't hûs yn brocht woarde. Hy tocht: "Soe ik dêr yn matte." Mar in wike of hwat letter kom der in dochter út 'e Hamsterheide by him útfanhûs. Dy kom dêr ûnforwacht to forstjerren. Sy brochten de kiste ta de keamer yn krektlyk as hy it sjoen hie.
nl.verhalenbank.15736
Yn Twizelerheide sei in famke us op in joun tsjin har mem: "Sy ha âlde Antsje ek al biklaeid." Sy hie 't sjoen. Mar de oare moarns leefde Antsje noch. Mar in dei of hwat letter is âlde Antsje samar ûnforwachts forstoarn.
nl.verhalenbank.15737
Fan sawn opelkoarfolgjende dochters, wurdt der sein is ien in nachtmerje. In nachtmerje komt troch 't kaeisgat yn 'e hûs, in tsjoenster ek.
nl.verhalenbank.24067
Bontsje Keeke (= Knjillis Veenstra) wie mei de helm geboaren. Dy seach de bigraffenissen foarút. Hy gong dan yn 'e nacht nei 't tsjerkhôf ta, dêr woarde er hinne dreaun. Hy hat fan to foaren de bigraffenis fan syn eigen dochter sjoen, dy't fordronken is.
nl.verhalenbank.24072
Stammerige Harm wie in tsjoenster fan formaet. Hy hat in soad minsken bitsjoend. Syn eigen dochter hie 't net op him stean. Trouwens, it siet yn 't laech. Syn beppe koe it ek. Dy fleach mei in reade rôk oan troch de loft. Sûnder dy rôk koe se net fleane. Syn mem wie ek in tsjoenster.
nl.verhalenbank.15751
Knjillis Veenstra fan Kollumersweach seach alles foarút. Hy hat foarút sjoen dat syn eigen dochter forsûpte. Har lykstaesje seach er ek. Hy wie mei de helm geboaren. As se dy helm fan foaren nei achteren ôflûke, gebeurt der neat. Mar lûke se him fan achteren nei foaren ôf, dan mat sa'n ien letter alles sjen. As der foar him in lykstaesje to sjen wie, siet...
nl.verhalenbank.38610
Under Kollumersweach wenne Knjillis Veenstra. Dy hat de bigraffenis fan syn eigen dochter fan tofoaren sjoen. Hja is fordronken yn 'e Spoarsleat.
nl.verhalenbank.22679
Keke syn dochter hat harsels fordronken yn in gat by 't spoar. Keke hat ek hàr kiste by him yn 'e hûs stean sjoen. Hja wenne noch by him yn 'e hûs. Hy hie net sjoen dat hja fordronken wie.
nl.verhalenbank.29517
In nachtmerje is in frommeske. Ien fan sawn susters. Binne der sawn jonges, dan is ien in wolfmerje. By Epema yn 'e Westerein wienen acht jonges. Dêr wie in wolfmerje tusken. In nachtmerje giet der nachts op út. Dan giet se by oare minsken troch 't kaeisgat en dan pleaget se sokke minsken. Dy krije 't dan hiel binaud.
nl.verhalenbank.25835
Hier in 'e bosk (Sweagerbosk) was een man, die sag syn eigen dochter fan teforen dea. Hij was met de helm geboren en ging der 's nachts altyd af. (Knjillis Veenstra?)
nl.verhalenbank.24294
Hearke hie in sterke dochter: Rixt. Dy koe seis fetsjes bûter forsjouwe: Twa op 'e skouders, twa ûnder 'e earms en twa oan 'e hannen.
nl.verhalenbank.37364
35