Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: bezoek Place of Narration: Kollumerzwaag
Yn 'e Koaten wenne in boer, dy syn frou kom to forstjerren. Op in kear gong hy de wei út, doe roan se njonken him. Hy sei: "Gean mar werom; ik wyt wol hwerst' om komste." Doe hat er datjinge dien, hwat er salang neilitten hie.
nl.verhalenbank.15730
Op in nacht kom in feint fan 'e faem werom. Dy faem wenne yn Twizel. De feint wie sahwat tusken it Heideloantsje en de Kloksheide. Doe kom him in âld-minske tsjin. De feint sei: Goe-joun. Mar it âld-minske sei neat werom. Hy sei noch us: goe-joun. Mar sy sei noch neat. Doe draeide er him om. It âld-minske wie in frou yn it swart mei lange rokken oan. Sy...
nl.verhalenbank.15725
Doe't ik in jonge baes wie wenne der by ús yn Moarmwâld in âld wiif, Baeije. Dy gong foar in tsjoenster troch. It minske koe rekkenje noch skriuwe. Mar dy wienen der doe wol mear. Dêr siet ik as jonge in bulte, hwant ik wie kammeraet mei ien fan har jonges. Hja wie ús buorwiif sahwat. Doe't ik troude kaem ik yn 'e Falom to wenjen. Ik sei tsjin 't wiif:...
nl.verhalenbank.24713
Guon fan Kollumersweach kommen op in nacht fan Jistrum fan 'e froulju. Der kom ien njonken har to rinnen. Dat wie in frommuske. Dy roan mei de beiden op. Op it lêst gong se in loantsje yn. Sy sweefde. De beide manlju wienen bang.
nl.verhalenbank.15726
Hjir hat in man wenne, dy syn dochter wie troud mei in sekere Marten. Sy wennen yn 'e Harkema. Dy man kaem ris in kear by ús mem. Hy fortelde mem, dat syn dochter forhongere dêr yn 'e Harkema. De keardel woe net in slach dwaen en bihandele har as in houn. Dat hy woe syn dochter wer thús ha. Wylst er oan 't fortellen wie, sei mem al in pear kear: Gean...
nl.verhalenbank.16110
Neitiid hat er wer ris in kear by ús west. Doe seach er iderkear ta 't glês út. Wy wennen doe oan 'e Heidereed. Hy seach nei de Boskreed. Dêr stie in hûs oan, dat wie skean oer. Sahwat in healjier letter is dêr in dochter fan sa'n sawntsjin, achttsjin jier forstoarn. 't Wie ien fan Jan Visser.
nl.verhalenbank.29512
Gauke Haagsma wie us by ús to jounpraten. It wie sahwat tsien ûre woarn, doe siet er stil op 'e stoel, krekt sa wyt as in deaden. Noait liker as wie 't in lyk. En hy sei net in stom wurd. Myn frou en ik sieten der nei to sjen en út kleare angst doarsten wy ek net in wurd to sizzen. In ûre letter sahwat joech Gauke in snokje en doe kom de holle wer hwat...
nl.verhalenbank.22680
35