Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
24 datasets found
Dutch Keywords: avond Place of Narration: Kollumerzwaag
Der binne wol minsken, dy wolle jouns bûtendoar bislist net hwat opite fanwege de kweageasten, dy't dan warber binne. Dy har egen geane oer dat iten en dan kin 't jin wolris min bikomme.
nl.verhalenbank.26310
In jonge man fan Kollumersweach seach op in sneintejoune sahwat om 9 ûre hinne yn 'e simmer in manspersoan, dy't foar him út roan. Hy bigong hwat hurder to rinnen om dy manspersoan yn to heljen, mar dat slagge him net. Doe gong dy persoan boven op 'e dyk oan 'e kant fan 'e wei. De jonge man die it ek. Mar doe sweefde dy manspersoan oer it lân hinne fuort.
nl.verhalenbank.15727
Yn Driezum dêr is ris ien by de tsjerkedoar stean gien mei in wyt lekken op. It wie jountiid en hy woe ien bang meitsje, dy't dêr lâns moest. Doe't dy der oankaem bleau er stean en sei: "Ien spûk ha 'k wolris sjoen, mar noait twa op elkoar." Deselde dy't him bang meitsje woe wie stoarn fan skrik.
nl.verhalenbank.37356
Myn âlde beppe hie forkearing mei in feint. Op in joun roan se mei him op. 't Wie hjir yn Sweagerfean. 't Wie doe noch sânwei. Doe sei dy feint tsjin har: "Mast net kjel wurde as ik aenst even by dy wei bin." Even letter woarde hy samar opnaem en doe't beppe seach, hied er oan 'e oare kant fan 'e sleat roan. Beppe waerd tige kjel. Sy is net mei him troud.
nl.verhalenbank.25838
Yn Twizelerheide sei in famke us op in joun tsjin har mem: "Sy ha âlde Antsje ek al biklaeid." Sy hie 't sjoen. Mar de oare moarns leefde Antsje noch. Mar in dei of hwat letter is âlde Antsje samar ûnforwachts forstoarn.
nl.verhalenbank.15737
Op Sânbulten oan 'e Achterwei op 'e Hege Kop wie in stik rogge. Dêr wie alle jounen in spoek yn.
nl.verhalenbank.24890
It is sahwat 40 jier lyn. Myn skoansuster yn Kûkherne hie in popke. Geartsje hiet se. It bern hat miskien 2 à 3 jier âld west. Alle jounen bigoun it bern om in ûre of 9 to gûlen en dat duorre sahwat oan 'e nachts 12 ûre ta. Hwat se der ek oan dienen, it bern gûlde troch. De medesinen fan 'e dokter koenen har net stil krije. Mei gjin moaije noch kweade...
nl.verhalenbank.32339
Yn Twizelerheide wenne in man, dy koe tsjoene. Hy hie us in kear sawn katten foar it glês. De skrammen fan har neils sieten der letter yn. De man gong nei bûten ta, de katten naeiden út. Mar hy krige se op 't spoar. Der wie ien hazze tusken dy sawn katten. Dy hazze krige er to pakken. Hy sloech him dea en hat him doe persint jown oan 'e buorlju. Dy ha him...
nl.verhalenbank.15741
Der roannen op in joun fjouwer minsken op 'e Kapelle ûnder Rinsumageast. 't Wie al let. 't Wienen twa manlju en twa froulju, dy hienen to jounpraten west. De iene man wie in grapjas. Doe seagen se in frou oankommen, mei lang hier dat se los droech. De grapjas frege har: "Wolst ek forkearing ha?" Mar hja sei neat. Hja sweve samar fuort. Doe woarden se alle...
nl.verhalenbank.30107
Der roan us yn 't foarige op in jountiid let in man to Eastemar de paden del. Hy roan fan 'e buorren nei 't Heechsân. Doe't er oan 't Liuwelân ta wie, seach er dêr in man stean. Midden tusken in keppel skiep yn. Hy fortroude it saekje net en sei moai foars: "Hwat matstû dêr. Skiep stelle?" En dêr kommen noch in pear sterke wurden achteroan. Mar doe kom dy...
nl.verhalenbank.15754
Heit fortelde: Op in jountiid wie 'k oan 'e âlde singel by Kûkherne. Dêr woarde ik ôfgryslike kjel. Der sweefde my samar ynienen in stik guod foarby. Ik tocht earst net oars as it wie in man, dy't út 'e broek moest en dy't my kjel meitsje woe. Ik wie lulk en sei: "Dy't my dêr sa kjel makket, dy stjert fan dizze man syn hân." Mar doe wie 't samar ynienen...
nl.verhalenbank.16049
Oan 'e Boppewei spûke it. Guon minsken seagen dêr altyd hwat. Balling Heidstra, de pake fan 'e tsjintwurdige skuonmakker doarst dêr net allinne lâns. Op in joun kaem er dêr mei heit lâns. Doe fleach er heit by de hûd op fan angst. Hy seach hwat dat him sa bang makke. Heit seach neat. Hy switte as in oandrager doe't se yn 'e buorren kamen.
nl.verhalenbank.38613
Myn skoanheit wenne by 't Wyldpaed oan 't Heideloantsje. Op in joune wie 'k der by him. Doe moesten wy oan kant, der kaem in lykstaesje oan. Skoanheit seach him wol, ik net.
nl.verhalenbank.37333
Yn 't lêst fan 'e foarige ieu wienen der yn 'e Koaten op in joun in ploechje jonges by elkoar. Sy wienen oan 't kuijerjen. 't Wie ljochtmoannewaer. Sy kuijeren op 'e âld wei, dêr't in breed, wyt sânpaed by lâns roan. It gong drok op in sjongen. Mar ien fan 'e kammeraden hâldde ynienen op, en sei ek neat mear. In grouwe, greate keardel, sa great as se noch...
nl.verhalenbank.15773
Stammerige Harm hat my wol jild to lien oanbean. Mar ik woe syn jild net ha. Hy hong jouns in lege ponge oan 'e doar, de nachts die de duvel der jild yn.
nl.verhalenbank.22693
As bern ticht by 't wetter kommen, waerd der sein: Tink der om, de kikkerts pakke dy. Woenen se jouns net yn 'e hûs dan waerd der sein: "Aenst pakke de berndieven dy." Ek wol: "De doddeaden pakke dy!"
nl.verhalenbank.25842
Yn Eastemar, tichte by de Sawn húskes, woarde us ien fan 'e Koaten, dy't dêr lâns fytste by jountiid, fan 'e iene kant fan 'e wei nei de oare smiten. Mar it eigenaerdige wie, der hie neat to sjen west.
nl.verhalenbank.15771
Tichte by de âld toer to Eastemar wenne froeger in slachter. Dy hiet fan Tsjipke. Op in joun moest er nei in boer ta to slachtsjen. Doe't dat gebeurd wie woarde de flesse op 'e tafel set. Dat wie sa it gebrûk. En dêrnei soe Tsjipke dan wer op hûs yn. Doe frege him ien: "As de âld hear dy aenst yn 'e mjitte komt, soest dan ek kjel wurde?" "Dêr jow ik neat...
nl.verhalenbank.15758
Yn Dokkum is in gebou, dat is fan de frijmitselers. It is in hûs mei dûbelde muorren, en sûnder skoarstien. Dy't lid is fan sa'n frijmitselersboun hat noait gjin forlet fan jild. Hy sit der noait sûnder. Dy hinget jouns de lege ponge oan 'e doar, en dy sit moarns wer fol sinten.
nl.verhalenbank.38621
To Eastemar by de âld toer spoeke in dikke, swarte houn om. Der wienen minsken, dy hienen him wol sjoen. Yn 'e sechstiger jierren fan 'e foarige ieu wenne der op Skûlenburch in man, dy hie dêr in oaljeslagerij. Dy man hie forkearing mei in widdou to Eastemar. Mar hy doarst net to reizgjen by nacht. Hwant by de âld toer, dêr't [er] foarby moest, dêr spoeke...
nl.verhalenbank.15760
35