Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: aanwijzen Place of Narration: Kollumerzwaag
Sterke Hearke wie ris in kear oan 't ploeijen. Doe kom der ien by him, dy frege hwer't Hearke wenne. Doe tilde Hearke mei ien hân de ploege op en sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.24894
Spesiale gefallen fan al dy dingen wit ik net sa sear. Ik kin bygelyks net sizze: dat hat dy en dy doe en doe dêr en dêr bileefd. Mar ik wit wol hoe't it yn 't algemien tagong yn myn jonge tiid. Wy wennen yn Twizelerheide, oan 'e Swâdde. It wie och sa'n earme streek en doe allegear noch heide. De minsken wienen allegearre earm. Foar stammerige Harm wienen...
nl.verhalenbank.29816
Sterke Hearke wie op it lân oan 't ploegjen. Doe kom der ien by him. Dy hie frege nei in bepaelde persoan. Hy woe graech wite hwer't dy wenne. Doe hie Hearke de ploech beet krige en him optild en hy hie sein: "Sjoch, dêr wennet er." Hy wenne yn Droegeham.
nl.verhalenbank.29533
Greate Pier wie o sa sterk. Op in kear wie er op it lân oan 't ploeijen. Doe kamen der guon by him. Dy fregen him: "Hwer wennet greate Pier?" Doe hie er de ploech optild en dêrmei syn hûs oanwiisd. En hy hie sein: "Hjir stiet er en dêr wennet er."
nl.verhalenbank.29935
Sterke Hearke wenne oan 'e oare kant de wei. Der hat us ien west, doe wied er yn 't lân mei de ploege. Dy frege him: "Hwer wennet Sterke Hearke?" Hearke hie de ploege optild en sein: "Dêr wennet Sterke Hearke en hjir stiet Sterke Hearke."
nl.verhalenbank.24898
Sterke Hearke wenne yn 'e Ham. Hy wie us in kear oan 't ploegjen op it lân. Doe kom der in keardel by him, dy frege him hwer't Sterke Hearke wenne. Doe hie Hearke de ploege optild. Dêr hie er mei wiisd en doe hied er sein: "Sjoch, dêr wennet er." Doe wist de man genôch, hy frege net mear. Hy hie mei in âld hynderke sels de ploege oanskoud. Dêrtroch koed...
nl.verhalenbank.25198
35