Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Ut in húshâlding fan sawn jonges wie ien in wjerwolf.
Yn 'e measte gefallen de jongste.
nl.verhalenbank.22037
By Sibe Boomsma wie in wjerwolf. Dat is ien fan sawn jonges.
nl.verhalenbank.24653
In wjerwolf is ien dy't net sêd kin. 't Kin neat skele hoefolle er hawn hat, hy kin altyd wol wèr ite. Ien út in húshâlding fan sawn jonges is in wjerwolf.
nl.verhalenbank.31124
Fan sawn op elkoar folgjende famkes is ien in nachtmerje.
Fan sawn op elkoar folgjende jonges is ien in wjerwolf.
De nachtmerje heart men altyd wol oankommen.
Ik forskou de klompen altyd, as ik der jouns ynkom. Ik set se noait rjocht njonken elkoar del.
nl.verhalenbank.25421
Fan sawn jonges is de jongste in wjerwolf. Yn Feansterheide wenne sa'n ien. Hy hiet fan Durk.
Op in kear wied er dronken, doe siet er ûnder in bartsje op 'e Skeanpaden ûnder 'e Rottefalle. De earste de bêste dy't dêr foarby kom, dy stuts er mei 't mes. Dan wie 't krekt in wyld beest.
nl.verhalenbank.23879