Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: vogel Place of Narration: Houtigehage
Der wienen twa boeren, dy kuijeren op 'e reed. Doe song dêr in fûgel. Doe sei de iene boer: "Dy fûgel sjongt foar my." "Né," sei de oare boer, "dy fûgel sjongt foar míj." Doe krigen dy beide boeren rúzje. Doe woarde it in pleitsaek. Foar hwa hie nou de fûgel song? Foar de advokaet.
nl.verhalenbank.23889
Minse Griper fan Boelensloane - myn âldomke - hie in toverboek. Dêr hied er ris yn lêzen. Doe wie der fan alles op 'e lappen kom. Doe moest er alles like hurd werom lêze. Mar dat koed er sa hurd net. Doe wienen de roeken allegear al om him hinne yn 'e hûs west. Hy hie fan alles al prebearre om tiid to winnen. Hy hie earten en beannen trochinoar mingd, mar...
nl.verhalenbank.25592
In moart komt altyd út, al sille de roeken en de kraeijen 't ek útbringe.
nl.verhalenbank.23866
De earrebarre, dy't in nêst op it dak fan in skuorre [?] smyt elk jier hwat del. De iene kear in aei, de oare kear in jong. Dat jong wol er net wer yn 't nêst ha. Dat is foar de hier. It sweltsje docht krekt gelyk. Dat smyt ek it iene jier in jong sweltsje del, it oare jiers in aike. Ek foar de hier.
nl.verhalenbank.25866
Der siet ek ris in fûgel yn 'e beam; ik hearde dúdlik dat dy sei: "Rike ljuwe, rike ljuwe."
nl.verhalenbank.23834
Ik kom fan Fryskepeallen. Dêr trof ik âlde Griet op 'e heide. Dy siet to gûlen. Ik sei: "Hwat is der nou oan, Grytsje?" Doe sei se: "Hjoed oer alve jier en dan noch tsien dagen dan mat ús Piter ûnder tsjinst." De oare deis kom ik wèr by har lâns. Doe wie se op 'e heide. Sy skriemde wer. "Myn skiep binne fuort", sei se. Sy hie fiif skiep. Doe wie der in...
nl.verhalenbank.23833
Twa buorfroulju wienen hjir oan 't kreauwen. "As ik skielk stjer," sei de iene tsjin 'e oare, "dan kom ik as in fûgeltsje werom en dan biskyt ik dyn linnen."
nl.verhalenbank.25885
Jan Hepkes hie in pear dagen mei to slotten west nei 't Peinder kanael. Hy wie alhiel net in werker. Doe't er wer thús wie, doe sei er tsjin syn suster: "Mast dêr us sjen, sa'n wite douwen binne dêr yn 'e loft." Doe hienen dat syn spitten west. Sa heech hied er by 't dollen de spitten smiten. Dy wienen noch net iens wer op 'e groun tolânne kom.
nl.verhalenbank.23887
35