Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: verkopen Place of Narration: Houtigehage
Der wie in man, dy wie o sa min. Hy lei al hast op 't stjerren en der moest alle nachten by him wekke wurde. Dy man dy wie oan 'e duvel forkocht. As de lju der sieten to wekjen, dan forskynde de duvel dêr sa mar en dan naeiden se hurd út. Mar doe wienen der twa, dy seinen: "Wy doarre dêr wol to bliuwen." "Wy wolle fan 'e duvel neat wite", seinen se. "De...
nl.verhalenbank.21696
Guon ha har oan 'e duvel forkocht. Dêr krije se dan in wikseldaelder foar. Dy rekket noait op. Sy matte trije kear mei in swarte kat om 't tsjerkhôf hinne rinne, dan krije se dy wikseldaelder fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.25425
Alde Taeke Pyt hie har oan 'e duvel forkocht. Doe't in oar yn 'e earmoed siet, hie hja altyd sinten. Mar sy is in rare dea stoarn.
nl.verhalenbank.28048
Alde Rikele Myt forkocht ek ierpels. Skoanmem en dy hellen der wol ierpels wei. Dan sei Myt: "Jimme meije myn ierpels wol, hè?" Skoanheit hie in suster, dy woe der gjin ierpels wei ha. Lutske hiet se. Dy miende mar fêst dat de ierpels fan Myt bitsjoend wienen. Letter wenne dyselde Lutske op 'e Trije Roede by har dochter yn. Sy wie doe al âld en Rikele Myt...
nl.verhalenbank.24561
Der binne minsken dy wurde mei de helm geboaren. As se dy helm fan tofoaren omheech lûke en sa ôfnimme, dan sjogge sokke minsken hwat. Dy helms woarden froeger troch de dokters foar in protte jild forkocht. Guon dy't sa'n helm hienen wienen kûgelfrij. Elkenien dy't sa'n helm hat, wurdt biskerme.
nl.verhalenbank.28037
In skoft letter, doe forkocht Fileman him oan 'e duvel. Hy mocht trije winsken dwaen, dan soed er eigendom fan 'e duvel wurde. De earste winske fan Fileman wie dat er noch tûzen jier leve soe. De twadde winsk wie in stoel mei in kessen, mar in hiel bysûndere stoel. Dy't dêr op siet, koe der sûnder him net wer ôf komme. De trêdde winsk wie in parrebeam...
nl.verhalenbank.23576
Foekje wie in tsjoenster. Hja wenne yn Surhústerfean. Durk Pultrum kocht ris in keal fan har. Hy soe der mei fuort, doe sei se: "Ho, hy mat earst noch hwat drinken ha." Earst groeide it keal goed, mar al gau liet er it iten stean, en it keal stoar. Doe hat de slachter it keal slachte en doe siet der in dikke pylsnoek yn.
nl.verhalenbank.23979
As frijmitselders forlet ha fan jild, dan geane se nei in gebou ta. Sy geane troch trije doarren, sa komme se yn 'e fjirde keamer. Dan sizze se: "Ik bin forlegen om jild." En dan wurde se oan sa'n stik jild holpen as se freegje. As se trije kear holpen binne, krije se gjin jild wer. Dan binne se forkocht oan 'e duvel.
nl.verhalenbank.23880
Der wenne in keardel yn 'e Rotfalle, oan 'e Brouwersgracht. Dat wie in frijmitselder. Dêr ha wy us hinne west op in joun. Ik en Anders Bijma en Piter Meijer en IJe Wykstra. Wy hienen in swarte kat by ús yn 'e sek. Dêr binne wy trije kear mei om 't hûs hinne roan. Hwant wy woenen in wikseldaelder fan dy keardel ha. Ik wie doe sahwat njoggentsjin jier âld....
nl.verhalenbank.23881
35