Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: verdrinken Place of Narration: Houtigehage
Hjir is in dobbe, dêr ha se alris 'help help' yn roppen heard, sûnder dat der in minske yn wie. Nou tinke se dat dêr noch ris ien yn fordrinke mat.
nl.verhalenbank.37787
Yn 'e Blaudobbe to Houtigehage ha guon sjoen dat twa fordrinke soenen. Mar it is oan diz tiid ta net gebeurd.
nl.verhalenbank.25169
Us mem hat it forhaeltsje wolris forteld fan: De tijd is verschenen, maar de man is er niet.
nl.verhalenbank.24649
Yn 'e Janke-dobbe, yn 'e Houtigehage, is froeger in frommes mei in bern forsûpt. Guon hearre altyd noch it lûd fan Janke jouns yn 'e dobbe, as se dêr lâns komme.
nl.verhalenbank.23587
Hjir stie by de Langewyk in hûs, dêr wennen minsken yn, dy hienen in jonge, dy woarde dêr net sa moai bihandele. Dy jonge is dêr fordronken. Se seinen, dy jonge wie net goed beset, sa't it hearde. De neislaggen sille har dêr iepenbierje. Dêr is ris in frommes lâns gong, op in moarn bitiid, dy soe nei Smellinger Pein ta to arbeidzjen, dy seach dêr letter...
nl.verhalenbank.23794
Gjalt Lindeboom fortelde: "Wy hienen sa'n lêst fan rotten, wy sieten der ûnder. Doe bitocht ik it folgjende. 'k Hie in fet. Dêr die 'k in goed hanbreed oardeheal wetter yn. Dêr lei 'k in stien yn en op dy stien lei 'k iten. 't Wie in reinwetterstonne. Doe kom der in rot op 'e rânne fan 'e tonne en dy wipte der yn. Even letter kom der wer in rot dy gong ek...
nl.verhalenbank.23983
De Popke-poel yn 'e Boelensloane is tige djip. Sy ha dêr froeger de klyn út helle. By 't winter hurdrieden wy dêr wol op. Sy ha der us in stem heard. De tijd is er en de man is er niet. Der moest ien forsûpe. Even leter forsûpte dêr ien.
nl.verhalenbank.24230
Yn 'e Harkema ha guon in stem út 'e Liuwe-poel roppen heard: Help! De hiting is, dat dêr noch ien yn fordrinke mat.
nl.verhalenbank.25878
In jier of hwat lyn is in sekere Piter Claus - in soan fan Jehannes Claus by it baeijen yn it Fliet fordronken. It Fliet dat is in poeltsje yn 'e Harkema, net sa fier fan 'e Betonwei ôf. Hindrik Jager - de soan fan Sytse Jager - fortelde my letter: dy man is net gewoan forsûpt. Der sit in monster yn it Fliet. Dat monster hat him forsûpt. Dat mûnster hat...
nl.verhalenbank.23825
Yn 'e Jan Brants dobbe, dêr hearden se faek in stem yn fan in bern dat raesde. Der wurdt ornearre dat dêr altyd nochris ien yn fordrinke sil.
nl.verhalenbank.23831
Der binne froeger lûden út 'e Blaudobbe weikom. Dêr mat altyd noch guon yn forsûpe, wol men ha.
nl.verhalenbank.24242
35