Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
14 datasets found
Dutch Keywords: sloot Place of Narration: Houtigehage
Twa man fan 'e Houtigehage gongen in kear mei in wein mei bijen nei Drinte ta nei de heide. Dêr roan in hynder foar. Underweis by de Mouneleane achter Duerswâld dêr kom in grouwe swarte houn oansetten. Dat wie in pleachbeest. Dy roan by har lâns. Sy skopten him yn 'e sleat, mar in eintsje fierder, dêr wied er al wer njonken har. Doe ha se him wer yn 'e...
nl.verhalenbank.23730
Hjir dwars oer wenne Feitse Mud. Dy tsjinne by in boer yn Oerterp. Hy hie in keppel bijen, dy brochten se op in kear achter Duerswâld nei de heide. Dat dienen se yn 'e nacht mei in greate wein mei twa hynders der foar. It wienen allegear kuorren op 'e wein. Feitse en de boer sieten togearre foar op 'e wein. Sa kommen se op 'e Mounleane. Doe sei de boer:...
nl.verhalenbank.23586
Op 'e ein fan 'e Boelensloane, flak by de plaets fan Tsjerk Poppinga wienen us fjouwer man by elkoar. It wienen Oeds Mientes, Rinse Koeze, Japik Rot en dan noch ien. Sy sille mei har fjouweren de loane yn. Doe kom dêr ynienen samar ûnforwachts in fôlle oansetten. Dy kom by Tsjerk Poppinga ta de wâl út. Doe't se kommen to sjen hie dy fôlle egen yn 'e kop...
nl.verhalenbank.21636
Feitse Mud tsjinne by in boer yn Oerterp. Achter Oerterp rint in loane dy giet ek nei Sigerswâld ta en op dy loane spûket it. Dy boer hie in protte bijen en dy woarden elk jier yn 'e nacht nei de heide ta brocht. Dat gebeurde ris wer op in nacht. Doe't de bijen opladen wienen op twa weinen rieden de boer en Feitse Mud togearre fuort. Doe't se op 'e loane...
nl.verhalenbank.37692
Heit en myn broer wienen us boppe Apelsgea. Sy soenen mei in koe nei Smilde ta. 't Wie tige ier yn 'e moarn. Doe sei myn broer tsjin heit: "Sjoch dy smoarge houn ris mei dat geitsje." Oan 'e oare kant de feart wie in houn, dy't in geitsje tramtearre. Heit kom tichter by de feart om better to sjen. Hy woe nei de oare kant ta om dy houn in klap to jaen. Mar...
nl.verhalenbank.19584
Der wenne in feint by de Trije Roeden. Dat wie in soan fan Foppe Jits. Dy sûpte ôfgryslik. 't Wie lytse Albert Scholte. Op in joun kom er fan Surhústerfean. Doe gong er de Feanster lânnen del. Underweis woarde er opnom en oer de sleat goaid. Hy kom oan 'e oare kant de sleat torjochte en dêr roan er in eintsje by de sleat lâns fierder. Mar hy tochte: "Ik...
nl.verhalenbank.23582
Myn broer Wessel en ik wienen op in nacht oan 't murdejeijen. De Trije Roede wie doe noch sânwei. Dêr wie bosk oan. Dêr hâldden wy doe ta. Ynienen pakte Wessel my by 't skouder. Ik roan midden op 'e wei. Dat die 'k altyd, mei opset sin. Hwant der kin us ien fan 'e sydkant komme dy't jin ûnforwacht in mep jaen wol. Mar Wessel pakte my by de nekke en smiet...
nl.verhalenbank.21629
Sytse Jager fan 'e Harkema wie in neef fan my. Hy fortelde us in kear: "Ik soe nei hûs, Jille, en dat die 'k en doe't ik omtrint thús wie, doe woarde ik oer de sleat smiten. Ik klaude oerein en gong wer nei de oare kant ta. Mar dêr wie 'k noch mar krekt of doe woarde ik wer oer de sleat smiten. En oe, Jille - jong, ik hie it bloed yn 'e skuon sitten.
nl.verhalenbank.23823
Der wie in boer, dy wenne op in plaets. Hy hie in sleat foar hûs, dêr lei in fonderke oer. Dy boer hie twa dikke Sint Bernard-hounen dy leinen deis altyd op it hiem oan wjerskanten fan it bartsje. Jierren letter, doe't de hounen al lang dea wienen en de boer dêr net mear wenne, wienen der minsken dy seagen nòch altyd dy beide hounen dêr lizzen.
nl.verhalenbank.23567
Sterke Hearke hie ris in tsjinnichheit tsjin ien. Op in kear kom dyselde der oanriden mei de wein. Hearke spande 't hynder út en smiet de wein yn 'e sleat.
nl.verhalenbank.24231
In omke fan my kaem op in joun by de faem wei. Doe't er by de Bethlehemsreed kaem woardde er samar optild en yn 'e sleat smiten. Hy wie by ús folk yn 'e kost en kaem dweiltrochwiet oan. De duvel hie 't him flikt, sei er.
nl.verhalenbank.37703
Skoanmem sei: "By joun matte jimme noait midden op 'e wei rinne." Hja wie sels al ris fan 'e wei ôfset en doe wie se yn 'e sleat tolânne kom. Doe hie der in lykstaesje passeard, dy't se net sjoen hie.
nl.verhalenbank.29413
Wibe- en Jehannes van der Meer kommen togearre fan 'e Rottefalle. Sy moesten dit út. Sy kommen de bysûndere skoalle foarby. Sy wienen op 'e fyts. 't Wie tsjuster. Sy hienen de lampen op. Sy kommen by in streekje bosk lâns, dêr't in feart foar lâns roan. Doe kom der hwat út 'e sleat. Dat die de lantearnen út. Dy lantearnen koenen se net wer op krije. Sy...
nl.verhalenbank.21688
Jille Pultrum - dy't froeger winkelman wie - syn (skoan?)mem hiet fan Antsje. Dat wie myn suster. Har man siet ûnskuldich yn 'e gefangenis. Ik moest dêr nachts by Antsje sliepe, hwant sy moest bifalle. Doe't it har oan kom, sei se tsjin my: "Clare, wolst even myn mem helje?" Dy wenne dêr in eintsje fandinne. "Nim Jille dan mar even mei", sei se tsjin my....
nl.verhalenbank.25167
35