Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: lucht Place of Narration: Houtigehage
Tsjoensters ride op in biezemstok troch de loft fan 't iene plak nei 't oare. Se meitsje wit hoe fiere reizen.
nl.verhalenbank.24248
As tsjoensters op 'e biezemstôk troch de loft fleagen waerden se heksen neamd. Der waerd wol sein dat hjir twa wienen: in mem mei in dochter.
nl.verhalenbank.31119
Alde Rikele Myt en noch in frommeske wienen op wei nei de hemel ta. Rikele Myt wie in tsjoenster en koe fleane. Hja sei tsjin 't minske: "Gean my mar op 'e rêch sitten." Sa fleagen se dêr togearre hinne. Doe't se oan 'e himel ta wienen sei Myt: "Hobbe - hobbe - hobbe -" De hemelbewaerders wienen bang woarn en útnaeid en doe makken hja gau dat se yn 'e...
nl.verhalenbank.28403
Myn broer Wessel wurke yn Zoutkamp oan 'e slûs. Hy lei dêr op in joun op bêd. 't Wie op in freed. Saterdeis kom er altyd thús. Doe't [er] dy jouns op bêd lei, woarde er samar opnom en hy fleach troch de loft. Mei pijlsnelheid fleach er nei hûs ta. Doe't er dêr in skoft west hie, fleach er werom nei Zoutkamp ta. 't Gong as in pylk út in bôge. De oare jouns...
nl.verhalenbank.21632
Soms foroaret in tsjoenster har yn in dikke swarte kat. Op in biezumstôk ride se troch de loft. Yn 'e Houtigehage wenne in mem mei in dochter, dy't beide fleane koenen, nei't se seinen. Binnen de sawn jier mat in tsjoenster ien deatsjoend ha, oars giet se der sels oan.
nl.verhalenbank.37462
Jan Hepkes hie in pear dagen mei to slotten west nei 't Peinder kanael. Hy wie alhiel net in werker. Doe't er wer thús wie, doe sei er tsjin syn suster: "Mast dêr us sjen, sa'n wite douwen binne dêr yn 'e loft." Doe hienen dat syn spitten west. Sa heech hied er by 't dollen de spitten smiten. Dy wienen noch net iens wer op 'e groun tolânne kom.
nl.verhalenbank.23887
Alde Douwe Wedzinga (D. Mûs) kaem fan 't Peinder kanael, dêr hied er oan 't graven west. Hy siet dy jouns thús, doe sei er: "Hwat bin der noch in douwen yn 'e loft." Doe hy nei bûten om to sjen, doe wienen dat noch de spitten fan it Peinder kanael. Sa heech hie er dy smiten, dat dy kommen nou earst del.
nl.verhalenbank.24722
35