Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 datasets found
Dutch Keywords: kop Place of Narration: Houtigehage
Boardzer is mei de helm geboaren. Wurdt de helm nei ûnderen strûpt, dan is it goed, gebeurt it oarsom, dan mat er alles sjen. In hynder wurdt ek sa geboaren. Strûpt men de helm achterstofoar ôf, dan draecht er de kop omheech, docht men it nei ûnderen ta, dan rint er mei de kop foardel.
nl.verhalenbank.23871
Der wie in mier út it bûtenlân, dy hie dy deis in hiel stik meand. De jouns gong hy der foar stean en sei: "Gjin duvel, dy't safolle meane kin as ik." De oare moarns rekke er wer oan 't meanen. Doe fornom er dat der ien achter him ek oan 't meanen wie. Hy seach om. Dy oare helle him hurd yn. De mier tocht: "'k Sil dy wol ha." Hy sette it harspit yn 'e...
nl.verhalenbank.22038
Op Blaufallaet wenne Jan Hellinga mei twa bruorren en twa susters. Jan syn âldste suster moest saterdeijouns noch to winkeljen, mar dêr hie se altyd hwat in hekel oan. Op in saterdeijoun, doe wie 't al aerdich let, doe sei Jan tsjin har: "Dû mast ek noch to winkeljen, fanke." Hja sei: "Dat doar ik net allinne to dwaen, dan mastû mei. Hwant by nacht rint...
nl.verhalenbank.37691
Yn Drachtster Kompenije wenne in frou en dêr kom altyd in pleachbeest by as se jouns op stap wie. 't Wie in greate swarte houn sa't it like, mei flapearen, dy't him oer de kop hinne hongen. Dat pleachbeest roan deun tsjin har oan en sy koe 't net earder kwyt wurde of sy moest eerst thús wêze.
nl.verhalenbank.22044
Op in kear sei Douwe Mûs tsjin 't wiif: "Ik mat noch hwat gjers meane foar myn trije beesten." Hy der út en oan 't meanen. Doe tocht er: "Hwat giet dit swier mei de seine." Doe sjen en sjen en hwat wie doe 't gefal? Doe siet de fuorring noch om 'e seine hinne. Doe die er de sek der ôf en sei: "Nou sil 'k fuort ek mar harje." Doe't er harre hie, bigong er...
nl.verhalenbank.24723
35