Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: kinderen Place of Narration: Houtigehage
De minsken dienen froeger duveldrek ûnder 'e drompel, omdat se bang wienen dat âlde Janne Luts oars by har yn 'e hûs komme soe. Janne Luts wie in tsjoenster. De bern droegen duveldrek op it boarst. Dat wie èk om har.
nl.verhalenbank.37792
Kommen de bern by 't wetter, dan waerd der sein: Net to ticht by 't wetter komme, oars pakke de fisken jim.
nl.verhalenbank.31108
Doe't ús heit al min wie, hearden wy by ús op in nacht timmerjen en weibrekken fan planken. Mar der wie neat to sjen. Wy wennen yn in foech krot, dat doe't ús heit der ôf rekke, sa'n fjirtsjin dagen letter, koenen se de kiste net yn 'e hûs krije. Doe moesten der planken útbrutsen wurde. Dat wie itselde lûd dat wy in fjirtsjin dagen fan tofoaren dy nachts...
nl.verhalenbank.19586
Wy wennen yn Oerterp. Ik wie doe noch yn 'e hûs. Us mem wie om boadskippen nei in winkel oan 'e Middenwyk. Wy - ik en myn suster - soenen ús mem ophelje. Wy mienden dat ús mem der oankom, hwant mem hie in lantearne mei nom. Mar wylst se der oankom - sa't wy mienden - gong 't ljocht ynienen skean oer. Wy tochten, hwer bliuwt mem nou. Mar dat hat in wylde...
nl.verhalenbank.22043
Doe't ik noch yn 'e hûs wie hat der ris ien fan uzes siik west. Dat wie noch in lyts jonkje. Mem gong der mei nei Frânse Hinke ta, dy wenne yn 'e Rottefalle. Dat wie in duvelbanster. Hja joech mem in drankje mei. Hja sei: "Nou matte jo ûnderweis goed oppasse, hwant de tsjoenster komt jo tomjitte; dy wol tsjin 'e drank oanrame." Underweis hie der in kat...
nl.verhalenbank.37688
Dy't op 'e klaei de koarts krige - de klaeikoarts - koe dy allinne wer kwyt wurde, as er wer nei de klaei ta gong. Dat haw ik sels yndertiid meimakke. Wy arbeiden faek yn Emden. Mei in boatsje via Delfsyl farden wy dêrhinne. Wy wienen dêr yn 'e kost yn in streek huzen, dat hiet Lombok. Dêr roan in ringat lâns en dêr stonk it tige. Minsken fan ús kant...
nl.verhalenbank.37702
In wjerwolf komt yn 'e nacht. Hy hat it foaral op bern bigrepen. Hy docht de bern neat, mar pleaget se allinne mar. De bern kinne dan net sliepe.
nl.verhalenbank.24308
Der wie in nachtmerje, dat wie in frommeske. Dy kom ta 't slotsgat yn 'e hûs by in man. Dat minske kom alhiel út Ingelân. De man hie moal oer de tekkens struid en doe koe hja net wer fuortkomme. Hwant in nachtmerje mei neat út 'e hûs meinimme en doe siet se ûnder 't moal. Doe hat dy man har dus fangd. Sy wie de oare deis yn 'e hûs. De man stoppe it...
nl.verhalenbank.25175
Tsjoensters kinne har yn katten foroarje. It binne altyd moai lange katten, dik en grou. It binne gjin swarte en ek gjin bûnte, mar grauwe. As sa'n kat der op út is to tsjoenen, leit de tsjoenster stil en wezenloas op bêd. Dan is der gjin leven yn. In tsjoenster bitsjoent foaral bern. Ek wol froulju noait manlju. Hja tsjoenst krânsen yn 'e kessens, dêr...
nl.verhalenbank.24246
Myn heit sei altyd tsjin ús: As jim by jountiid fuortgean, rin net midden op 'e wei, mar altyd oan 'e kant.
nl.verhalenbank.24244
Oetse jonges fan 'e Rottefalle forlearen altyd de lytse popkes. Sy masteren mei Frânse Hinke. Der waerd sein, dat Hinke se allegear bitsjoend hat.
nl.verhalenbank.25173
35