Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: kerkhof Place of Narration: Houtigehage
Guon ha har oan 'e duvel forkocht. Dêr krije se dan in wikseldaelder foar. Dy rekket noait op. Sy matte trije kear mei in swarte kat om 't tsjerkhôf hinne rinne, dan krije se dy wikseldaelder fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.25425
Op it tsjerkhôf to Boelensloane hâldden altyd gâns wylde kninen ta. Myn heit gong dêr faek hinne to kninefangen. Dat die er dan mei strikken. Myn broer Miente naem er faek mei. Dat wie doe in lytse jonge. 't Wie op in winterjoun by ljochtmoanne waer. Der lei snie. Heit en Miente wienen op 't tsjerkhôf. Doe kom krekt Germ Tuinstra (Germ Smous waerd er...
nl.verhalenbank.37784
Alde Jille Pultrum fan Houtigehage kom us by it heidetsjerkhôf lâns, doe stienen dêr in pear mei redenskleden oan. "Goeije navend", sei Jille Pultrum. Mar sy seinen neat werom. Trije kear sei Jille 'Goeije navend'. Mar sy wienen gelyk stean bleaun. Doe tocht er: "Dit is gjin goed spul. Nou gean 'k mar mar fierder."
nl.verhalenbank.25179
Dyselde fint syn skoanheit wie koster yn Wynskoat. Dêr siet in hekke, dêr koenen se troch op it tsjerkhôf komme. Dy hekke koe syn skoanheit noait ticht hâlde. Altyd stie er de oare moarns iepen. Der wie hwat mei dy hekke. Doe hie hy foar syn skoanheit in swier ketting fan 't skip meinom, dat kom dûbeld om 't hek hinne. En in swier slot der by. Mar de oare...
nl.verhalenbank.23828
[p. 97] De misledige deaholle Der wie in man, dy neamden se de achtkantige boer. Hy wie smoarryk en hy joech nearne om. Op in kear gong er op reis, mei syn feinten en syn wiif, in hiele protte minsken. Se rieden in ein fuort en doe kamen se by in âld tsjerkhôf. Hy woe dêr ris [p. 98] op sjen en doe foun er dan in deademinskeholle. En doe skopte er dy...
nl.verhalenbank.128314
Us Jille wie ris op 't tsjerkhôf op 'e Boelensloane. Doe kom der ien neist him mei in regenskleed om. Dat roan in eintsje mei him op en wie doe samar ynienen wei.
nl.verhalenbank.23574
Der wenne yn 'e Boelensloane in skuonmakker, dy joech nergens om. Dy koe alhiel gjin frees. Der wienen guon, dy tochten: wy moesten him oars al ris bang ha. Doe seinen se tsjin him: "Doarstû wol in nacht allinne yn 'e tsjerke troch to bringen by in lyk?" "Hwerom net?" sei de skuonmakker. Doe soe dat dan oangean. Sy dienen in levenden yn 'e kiste, mar dat...
nl.verhalenbank.23818
Alde Hindrik Mulder wie kloklieder yn 'e Rottefalle. Dy woenen se us in kear bangmeitsje. Twa gongen op in joun nei 't tsjerkhôf ta en dêr gong de iene op 'e oare syn skouder stean, tsjin 'e tsjerkemuorre oan. Doe't Hindrik Mulder dat seach, sei er: "Sjonge, ik ha wol ris twa op elkoar sjoen, mar dêr noch noait in trêdden boven op." Doe wie de ûnderste sa...
nl.verhalenbank.23738
Yn Oerterp wenne in deagraver. Syn buorman wie in greate spotter. Dy hie altyd raer en ûnfoech praet. Op in kear skripte de deagraver op 't tsjerkhôf om. De buorman sei tsjin him: "Ha jo nochal hwat drokte tsjintwurdich?" "Och," sei de deagraver, "dat giet nochal." "Nou," sei dy buorman, "nije wike, hear, dan bring ik myn wiif hjir hinne. Dan hast der wer...
nl.verhalenbank.28043
35