Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: hoofd Place of Narration: Houtigehage
Jan van der Woude, syn broer, wenne yn Grinzer Pein. Dy hie in dochter Bintsje en dy wie siik. Sy seinen: "'t Berntsje is bitsjoend." Doe gong Jan nei Frânse Hinke ta, dat wie in duvelbanster yn 'e Rotfalle. Dy joech him in fleske guod mei. Sy sei, hy moest meitsje dat er dêrmei thús kom en foaral net òmsjen, hwant dan kom der ien, dy soe it fleske...
nl.verhalenbank.23726
Dy't strimen yn 'e foarholle ha, binne tsjoensters, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.23727
Boardzer is mei de helm geboaren. Wurdt de helm nei ûnderen strûpt, dan is it goed, gebeurt it oarsom, dan mat er alles sjen. In hynder wurdt ek sa geboaren. Strûpt men de helm achterstofoar ôf, dan draecht er de kop omheech, docht men it nei ûnderen ta, dan rint er mei de kop foardel.
nl.verhalenbank.23871
't Gebeurde wol faek dat sa'n kat in opdonder krige. Dan hie de tsjoenster de oare deis in doek om 'e holle of sa.
nl.verhalenbank.25609
Oan 'e Houtigehaechsterwyk wenne in tsjoenster. It wie Jan Mulder syn frou, Luts fan Ritske Ale. Njonken harren wenne in húsgesin, dêr wie 't jongste bern siik fan. 't Wie in jonkje. Dat woe net groeije, it tsjirme. 't Kin wolris bitsjoend wêze, seinen se en se gongen nei de duvelbander ta. Dy sei, hja moesten alles tsjuster meitsje yn 'e hûs, dat se...
nl.verhalenbank.37461
Tsjoensters koenen har foroarje yn in kat. Janne Luts fan Drachtster Kompenije gong der yn 'e nacht op út en as se dan de oare moarns werom kom, wie har de hiele kop toklaud.
nl.verhalenbank.29407
Dy't wetter by de molke docht, dy komt mei de holle yn 'e moanne tolânne.
nl.verhalenbank.31110
Us heit Jan Pultrum en myn omke Klaas Weening fan 'e Harkema wienen us in kear by de Bearnedaem op 'e Trije Roede. Dêr spoeke it altyd. Sy wienen mei in foer hea oan 't laden. Doe sei heit tsjin Klaes-om: "Mast dêr us sjen." Doe kom dêr in frouljusholle ta de groun út. En doe woarde dat in hiel frommes. Sy naeiden allebeide hurd út. Doe't se in skoft...
nl.verhalenbank.23728
Sibe Jager wie o sa sterk. Dy hie in famke fan tolve jier, in grou, foarlik fanke. Dy kom op in kear út skoalle. Wibe [Sibe?] komt fan achteren yn op 'e fyts, hy krijt har sa mei syn iene hân by 't skouder en tilt har sa oer 't stjûr hinne al fytsende wei en set har op 'e stange fan 'e fyts. Mei ien hân. De oare hied er oan 't stjûr. Sa fytste er fierder...
nl.verhalenbank.25417
35