Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
14 datasets found
Dutch Keywords: eten Place of Narration: Houtigehage
In wjerwolf is ien dy't net sêd kin. 't Kin neat skele hoefolle er hawn hat, hy kin altyd wol wèr ite. Ien út in húshâlding fan sawn jonges is in wjerwolf.
nl.verhalenbank.31124
In wjerwolf, dat wie ien, dy koe noait sêd, dy friet altyd troch. As der acht jonges yn in húshâlding wienen, dan wie ien dêrfan in wjerwolf.
nl.verhalenbank.37796
Der wie in faem, dy wie to reedriden west oer iis. Mar hja koe net in feint krije. Dat siet har danige dwars. Hja kaem thús en doe sei se ûnder iten: "Dêr duvel, hastû ek hwat", en doe smiet se in stik iten fuort. Doe kaem de duvel by har. Doe wie se deabinaud. Hja sei: "Heare, help my." Doe is de duvel wer ôfset.
nl.verhalenbank.31126
Der wie in faem, dy soe op in joun nei in feestje ta. Hja wenne by in boer en in boerinne. Sy sei tsjin 'e boerinne: "Ik wòl joun in feint ha, as wie't de duvel ek." Doe kom der dy jouns ien by harren by de doar. Dy hie in knolfoet, in soart fan hynstepoat. De faem tocht fuort: "O, heden, dêr ha wy 't al, dat is de duvel." Hy sei tsjin har: "Ik sil mei dy...
nl.verhalenbank.19591
Gjalt Lindeboom fortelde: "Wy hienen sa'n lêst fan rotten, wy sieten der ûnder. Doe bitocht ik it folgjende. 'k Hie in fet. Dêr die 'k in goed hanbreed oardeheal wetter yn. Dêr lei 'k in stien yn en op dy stien lei 'k iten. 't Wie in reinwetterstonne. Doe kom der in rot op 'e rânne fan 'e tonne en dy wipte der yn. Even letter kom der wer in rot dy gong ek...
nl.verhalenbank.23983
Ik wie in jonge, doe hat Gjets Jel my ris in pepermuntsje jown. Doe't ik thúskom, sei mem: "Hast it opiten?" "Ja", sei 'k. "Dan bist bitsjoend", sei mem. "Dan sil 'k mei dy nei Frânse Hinke." Doe rekke ik mei mem nei dat minske ta, dat yn 'e Rottefalle wenne. "Ja," sei se tsjin my, "dû bist bitsjoend. In âld minske docht it. Dy foroaret har yn in swarte...
nl.verhalenbank.23573
Foekje wie in tsjoenster. Hja wenne yn Surhústerfean. Durk Pultrum kocht ris in keal fan har. Hy soe der mei fuort, doe sei se: "Ho, hy mat earst noch hwat drinken ha." Earst groeide it keal goed, mar al gau liet er it iten stean, en it keal stoar. Doe hat de slachter it keal slachte en doe siet der in dikke pylsnoek yn.
nl.verhalenbank.23979
Jan hiet de man. Der wie in dochter yn 'e hûs, dy hie forkearing. Har feint hiet ek Jan. Jan kom us ûnforwacht, doe soenen se krekt ite. It minske hie op trije man rekkene en sei tsjin har man: "Nou Jan, skik oan." Jan, de feint, sei: "'k Lit my net noegje", en hy skikte oan. Doe rekke de man sûnder iten. Letter kom Durk Heide by dyselde minsken. Dy soe...
nl.verhalenbank.24030
Willem III siet mei 't leger yn 't bosk. De fijannen omsingelen har. 't Stie der mei Willem en syn leger slim foar. De fijân sei: "Wy sille him úthongerje litte." It leger fan Willem III hie oars net as ien fine bôlle en ien sâlte hearring. Oars wie der net in krûmel iten yn 't hiele leger. Dy bôlle en dy hearring dienen se yn 'e gewearen en dêr skeaten...
nl.verhalenbank.24719
As men in apel fan in tsjoenster kriget foroaret dy yn in pod. Men mat altyd in stikje apel weismite. Dan wurdt dy pod noait folwoechsen.
nl.verhalenbank.25613
Naem men iten fan in tsjoenster oan en men sette dat wei, dan foroare dat yn in pod. Guon binaeiden in pod yn 'e klean.
nl.verhalenbank.24247
As der acht jonges wienen, dy't op elkoar folgen yn in húshâlding, dan wie ien fan dy acht in wjerwolf. Dat wie ien dy't noait sêd koe, dy't neat fan ûnpas kom.
nl.verhalenbank.28045
As jo fan in tsjoenster hwat oannimme en dat ite jo op, dan kin se jo bitsjoene.
nl.verhalenbank.23878
Der wie ek in man, dat wie in tsjoenster. Dêr kom by him op in kear besite. Doe helle dy man in koeke op. Hy sei: "Dy sil 'k sels wol even ompartsje." Doe hat er ien bitsjoend. 't Gebeurde yn 'e Houtigehage.
nl.verhalenbank.25614
35