Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: drinken Place of Narration: Houtigehage
Sterke Hearke wie noch in jonge, fortelde heit. Doe wied er us in kear op 't Fean (= Surhústerfean). Doe wienen dêr in stik of hwat mannen, dy losten in wein. Der leinen dikke beammen op 'e wein en dy leinen se iene foar ien op 'e groun. Dêr stie Hearke by to sjen. Doe gongen dy lju yn 'e herberch en kochten in buorrel, mar sy nommen Hearke net mei. Doe't...
nl.verhalenbank.23731
Yn Easterwâlde wenne in faem, dy hie in feint, dat wie in hiele raren-ien. It wie de raerste fan hiel Easterwâlde. De faem hie har mem biloofd, foar dat dy stoar, hja soe 't út meitsje mei dy feint, mar dat die se net. Hja gong geregeld nei him ta en dan gong 't op in sûpen en kaertspyljen en flokken en al hwat mar raer wie. Op in kear kom se dêr wer wei...
nl.verhalenbank.19585
Der wenne in feint by de Trije Roeden. Dat wie in soan fan Foppe Jits. Dy sûpte ôfgryslik. 't Wie lytse Albert Scholte. Op in joun kom er fan Surhústerfean. Doe gong er de Feanster lânnen del. Underweis woarde er opnom en oer de sleat goaid. Hy kom oan 'e oare kant de sleat torjochte en dêr roan er in eintsje by de sleat lâns fierder. Mar hy tochte: "Ik...
nl.verhalenbank.23582
Sterke Hearke woardde us by in kerweike roppen. Der moest in hiele grouwe swiere beam op in wein laden wurde. Dat wie flak by in herberch. Hearke laedde de beam pûr allinne op 'e wein. Doe gongen se nei de herberch ta, mar sy hienen it fatsoen net en traktearje Hearke op in slokje. Doe gong Hearke der út. Hy hat de beam wer op 'e groun falle litten. Doe...
nl.verhalenbank.19589
Der wenne yn 'e Boelensloane in skuonmakker, dy joech nergens om. Dy koe alhiel gjin frees. Der wienen guon, dy tochten: wy moesten him oars al ris bang ha. Doe seinen se tsjin him: "Doarstû wol in nacht allinne yn 'e tsjerke troch to bringen by in lyk?" "Hwerom net?" sei de skuonmakker. Doe soe dat dan oangean. Sy dienen in levenden yn 'e kiste, mar dat...
nl.verhalenbank.23818
Fan sawn jonges is de jongste in wjerwolf. Yn Feansterheide wenne sa'n ien. Hy hiet fan Durk. Op in kear wied er dronken, doe siet er ûnder in bartsje op 'e Skeanpaden ûnder 'e Rottefalle. De earste de bêste dy't dêr foarby kom, dy stuts er mei 't mes. Dan wie 't krekt in wyld beest.
nl.verhalenbank.23879
35