Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 datasets found
Dutch Keywords: dode Place of Narration: Houtigehage
Yn 'e buert fan Houtigehage stie in hûs, dêr doogde 't net yn. De frou hie in kear yn 'e hoeke sitten. Doe wie der hwat by har yn 'e hûs kom, dat wie by har op 'e skelk kom. 't Wie in forstoarn minske. De frou hie de skelk foarwei dien, doe kom it by har op 'e skoat. Doe ha se der in doomny by helle. Dy spruts it spoek oan. Hja moest sizze hwat der oan...
nl.verhalenbank.25180
Frijmitselders binne kûgelfrij. Twa dagen foar har dea stiet der al in adfortinsje yn 'e krante dat se stoarn binne. Om 'e sawn jier mat der ien dea. Stjert der yn dy tiid net ien, dan wiist it lot oan hwa't der dea mat. Dy mat him dan sels dea meitsje. Ien dy't lid is, kin net wer by de frijmitselders wei.
nl.verhalenbank.22049
Sake Booi wenne njonken Thomas en Klare (dat wienen de âlders fan Boardzer). Sake wie al in pear jier overleden doe kaem Thomas op in joun by ús heit yn 'e hûs stouwen. "O Jan, Jan," rôp er, "Sake stiet yn 'e daem, Sake stiet yn 'e daem!" Hy wie deabinaud en trille as in blêd oan 'e beam.
nl.verhalenbank.31116
't Gebeurde froeger faek, dat, as der ien overleden wie dan koe dyselde net rêste. Hwant dan wie der noch hwat dat hie dyselde foar de dea biloofd mar dat hied er net mear dwaen kind, hwant hy wie earder overleden. Dan woarde de doomny der soms by helle. Dy makke it dan bikend en dan foldie men oan 'e bigearte fan 'e forstoarne. Dan spoeke dyselde net wer.
nl.verhalenbank.24240
Guon binne mei de helm geboaren, dy matte der nachts altyd ôf. Ik praette us mei sa'n ien út 'e Harkema, dy seach doe krekt dat der ergens in lyk út 'e hûs droegen waerd.
nl.verhalenbank.24245
35