Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
16 datasets found
Dutch Keywords: boer Place of Narration: Houtigehage
Durk-om (= Durk Bouvin) en Jan Taekema dy hienen togearre op 'e sutel west mei matten. Dy hienen se op in karre. De jouns kommen se werom. Sy wienen sahwat by Swarteweisein. Durk-om lei yn 'e karre en Jan Taekema luts de karre foarút. Dat dienen se beurt om beurt, dan koe de iene nou en dan hwat útrêste. Mar by Swarteweisein woe de karre ynienen net...
nl.verhalenbank.23875
To Eagum wenne in roomse boer. Dy neamden se de duvel fan Eagum. Der wenne in grifformearde boer flak foar him oer. De roomse boer mochten se net lije. De roomse - en de grifformearde boer hienen elk like folle lân. Ik haw ris by dy roomse boer ûngetide. Dy fortelde my: De grifformeerde boer hie in hekke, dy koenen se noait ticht hâlde. Nachts tolve ûre...
nl.verhalenbank.22039
Wy gongen froeger nei de Grinzer klaei ta to wjudden. Dan slepten wy op in greate souder by Jan Kraak to Loppersum yn 'e skuorre. Wy gongen altyd nei dyselde boer ta. Myn suster Rinsk hat us op 'e souder lein, doe fornom se dat der har in kâld bernehantsje op 't wang lein woarde.
nl.verhalenbank.25594
Der wenne in féarts yn Beets, dy woarde by in boer helle. Dy boer hie in sike koe. Doe krige dy féarts syn bûslantearne en ljochte dy koe ta de hals yn. Doe sei er tsjin 'e boer: "Nou matte jo fan achteren sjen." Dat die de boer. "Sjogge jo ek hwat?" frege de féarts. "Né, neat", sei de boer. "Nou dan is de koe forstoppe."
nl.verhalenbank.28410
Hjir tichte by wenne in dikke boer, dy hie lytse Albert Scholte ris in wân op 'e hûd jown. Albert sei: "Dat ûnthâld ik salang ik leef." De boer woarde âld. Nei jierren roannen Albert en de boer togearre ris oer de skeanpaden. Dêr pakte Albert him. "Wytst wol, datstû my slein haste?" sei er. En hy smiet de boer yn 'e dobbe. Doe kom der krekt in plysje oan....
nl.verhalenbank.23989
[p. 97] De misledige deaholle Der wie in man, dy neamden se de achtkantige boer. Hy wie smoarryk en hy joech nearne om. Op in kear gong er op reis, mei syn feinten en syn wiif, in hiele protte minsken. Se rieden in ein fuort en doe kamen se by in âld tsjerkhôf. Hy woe dêr ris [p. 98] op sjen en doe foun er dan in deademinskeholle. En doe skopte er dy...
nl.verhalenbank.128314
Der wie in faem, dy soe op in joun nei in feestje ta. Hja wenne by in boer en in boerinne. Sy sei tsjin 'e boerinne: "Ik wòl joun in feint ha, as wie't de duvel ek." Doe kom der dy jouns ien by harren by de doar. Dy hie in knolfoet, in soart fan hynstepoat. De faem tocht fuort: "O, heden, dêr ha wy 't al, dat is de duvel." Hy sei tsjin har: "Ik sil mei dy...
nl.verhalenbank.19591
Feitse Mud tsjinne by in boer yn Oerterp. Achter Oerterp rint in loane dy giet ek nei Sigerswâld ta en op dy loane spûket it. Dy boer hie in protte bijen en dy woarden elk jier yn 'e nacht nei de heide ta brocht. Dat gebeurde ris wer op in nacht. Doe't de bijen opladen wienen op twa weinen rieden de boer en Feitse Mud togearre fuort. Doe't se op 'e loane...
nl.verhalenbank.37692
Ik haw yn Zweeloo yn 'e kost west by Jan Wesling. 't Wie âldjiersjoun. Tolve ûre sloech de klok. Doe sei de boer: "Nou mat ik even yn 'e stâl om to sjen hoe't de kij lizze. As se op 'e rjochterside lizze, krije se bollen; lizze se op 'e lofterside dan wurde 't koekeallen."
nl.verhalenbank.25453
Yn Uthuzermeden wenne in boer, dy hie twa skuorren. Yn 'e iene skuorre koenen se wol sliepe, mar yn 'e oare net. Dêr spoeke it. Dêr wie 't net fortroud to sliepen.
nl.verhalenbank.22040
Boardzer Bruining hjir seach altyd lykstaesjes. Hy fortelde my ris hwat fan in âld man. Dy âld man gong alle dagen noch nei de boer ta. Op in nacht, sei Boardzer moest ik út bêd wei - ik woardde dreaun - en doe gong ik foar 't rút stean. En doe kom der in bigraffenis oan. 't Wie de bigraffenis fan dy âld man. Mar dy âld man wie doe noch soun. In dei of...
nl.verhalenbank.37705
Der wie in boer, dy wenne op in plaets. Hy hie in sleat foar hûs, dêr lei in fonderke oer. Dy boer hie twa dikke Sint Bernard-hounen dy leinen deis altyd op it hiem oan wjerskanten fan it bartsje. Jierren letter, doe't de hounen al lang dea wienen en de boer dêr net mear wenne, wienen der minsken dy seagen nòch altyd dy beide hounen dêr lizzen.
nl.verhalenbank.23567
Yn 'e Blaudobbe to Houtigehage ha se rare geluten heard. Dat kin wol foartjirmerij west ha. Hwant letter, op in moarn om in ûre of tsien hinne, wie dêr us in hiel geraes. Ik en myn buorfrou setten der op ta. Doe hie de soan fan 'e boer (Stienstra) himsels ophong. (Twa jier tofoaren, op deselde dei, hie de dochter har de hals útsnien.) Dat kinne dy lûden...
nl.verhalenbank.25879
Taeke hie 't mar krap mei syn wyfke Gees. 't Wie yn 'e winter en sy hienen gjin brant. Doe gong Taeke der op út om hout. Hy seach in dikke iken stambeam lizzen. Dy krige er en hy sjoude him nei hûs ta. Njonken de doar smiet er him del. It wie de beam fan in boer en dy gong de oare moarns nei de plysje ta. Hy sei: "Sy ha my de iken stambeam ûntstellen." De...
nl.verhalenbank.23987
Dy't op 'e klaei de koarts krige - de klaeikoarts - koe dy allinne wer kwyt wurde, as er wer nei de klaei ta gong. Dat haw ik sels yndertiid meimakke. Wy arbeiden faek yn Emden. Mei in boatsje via Delfsyl farden wy dêrhinne. Wy wienen dêr yn 'e kost yn in streek huzen, dat hiet Lombok. Dêr roan in ringat lâns en dêr stonk it tige. Minsken fan ús kant...
nl.verhalenbank.37702
Us buorfrou, dat wie Ritske Aeltsje. Sy wenne op 'e Houtigehage. Dêr hie in berntsje bitsjoend west by harren. Doe gongen se nei 't boerke yn Eastemar. It boerke joech in drankje mei foar 't bern. Hy sei, de earste dy't foar de glêzen komme soe, wie de tsjoenster. Mar sy mocht it drankje net sjen. Doe't er thús kom hienen se de glêzen bihong en doe it...
nl.verhalenbank.25600
35