Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
12 results
Place of Narration: Haulerwijk
Der lei in skipper yn Dokkum by de Bonifaciusfontein. De man die noait in slach en leefde der goed fan. Hy hie twa soannen. Hy hie in sokke of in hoas, dy brocht er nou en dan ûnder 'e piip dy't oer de Strobosker feart lei. Dy hong er oan in toutsje. Dêr ûntfong er it jild yn. Dat krige er fan 'e duvel, dêr 't er him oan forkocht hie. Dêr leefden se fan.
nl.verhalenbank.21008
Der wenne hjir in jonge man, dat wie in soan fan Klaes Post. It wie ien fan tolve ambachten en trettsjin ûngelokken. Nou hied er dit by de ein en dan wer dat. En in sinten dat it net koste allegear! Elkenien frege him ôf, hwer't er al dat jild wei hie. Net ien koe 't him bigripe. Mar de frou, dêr't ik de aeijen weihelle, sei: "Ik wol. Hwant hy is in...
nl.verhalenbank.20650
Alde Berend Posthumus hie in wikseldaelder. Hy hie allegear nij spul yn 'e hûs en 't kòe allegear. Hy moest oppasse dat er dy daelder noait hielendal útjoech. As skilde it mar ien sint dan wie 't wol goed. Hy hie dy daelder krigen fan 'e duvel, waerd der sein. Hy hie op in nacht mei in kat yn 'e sek op stap west nei de Haule. Dêr wied er op 't tsjerkhôf...
nl.verhalenbank.20651
Kobus Freeling wenne yn Haulerwyk. Op in kear kom er oansketten thús. Doetse en Frederik soenen him bang meitsje. Kobus hie syn wiif Bart by him. Hy moest oer in planke. It wie altyd in toer dêr oer to kommen, as men net to stevich op 'e skonken stie. En dat hie der dit kear wol oan. Hy die in koart gebedtsje en sei: "Och lieve Heer, laat mij der toch...
nl.verhalenbank.20999
Se bounen skoppenboer oan in lege flesse. Ien roan nei de doar ta mei dy flesse. Hy roan achterstofoar. Net ien mocht sjen hwat der gebeurde. "Helje even in flesfol drank", sei dyselde. Dan kaem de duvel en dy naem de lege flesse oan, dy't him achterstofoar oanrikke waerd. Even letter waerd der op 'e doar bounze. Dat wie de duvel mei in folle flesse....
nl.verhalenbank.20796
As der in tsjoenster yn 'e buert wenne, dienen se duveldrek ûnder 'e drompel. Sy ha 't wol folle dien foar âlde Griet. Hja kaem us ergens yn Haulerwyk, doe hienen se dêr ek duveldrek ûnder 'e drompel dien. Doe koe hja der net yn komme. Sy stie dêr mar to draeijen en to meneuveljen foar de doar, mar sy koe net oer de drompel komme. Doe sei se op 't lêst:...
nl.verhalenbank.20795
Myn suster is nou tolve jier wei. Sy wie frijgesel en tsjinne yn Amsterdam. Op in kear hie se nei in freondinne ta op bisite west. 't Wie op 'e joun. Hja roan werom lâns de Hearegracht. 't Wie dêr stil. Doe kaem der ynienen in keardel fan achteren oan en dy kaem har op side. Sy koe syn fuotten net sjen. 't Wie krekt as sweefde er. Hy sei tsjin har:...
nl.verhalenbank.21051
Us heit tsjinne by de boer. Dat wie Hindrik Berga to Koudenburg by de Haule. De boer hie twa hynders, in swart en in brún. It swarte hynder waerd siik. Foar dat sike hynder moast heit nei it Swartfean ta. Dêr wenne Hinse Jehannes de Boer. Dat wie in duvelbander, mar ek in hiel bikwame féarts. Heit hie hwat hier út 'e manen fan 't sike hynder meinaem, mar...
nl.verhalenbank.21262
Der wennen trije tsjoensters yn Haulerwyk. Boppe Haulerwyk wenne Jan Betten. Dat wie de iene. Op in kear wienen wy oan 't stobberoaijen op Koudenburg by Anne Vondeling. Wy sieten to kofjedrinken. Jan v.d. Heide wie der ek by. It praet gong oer tsjoenen. Jan v.d. Heide fortelde: "Jan Betten hat in bern fan Koene Gerritsen bitsjoend. 't Bern groeide net en...
nl.verhalenbank.20715
Op 'e Haule wenne in boer, dy hie in arbeider. As dy arbeider moarns kaem, siet der in swart hountsje op it houtsje, dêr't er oer hinne moast. Dat hountsje liet de tosken sjen, as dy arbeider der oan kaem, dat hy wie der eins mar hwat bang foar. Dan moast de boer earst komme, hwant it hountsje gong net in striebreed út 'e wei. As de boer kaem, gong 't...
nl.verhalenbank.20708
De stiennen ûlebuorden. Der wie in boer, dy wenne ergens boppe Ljouwert. Hy hie nei stêd ta west, nei de merk en wie nou op 'e weromreis. It wie min, stoarmachtich waer en de boer siet tige oer syn minne, âlde skuorre yn. Hy wie deabinaud, dat dy der oan gean soe. Sa nou en dan suchte hy der oer. Doe kaem der in menearke njonken him. Dy sei: "Hwat suchte...
nl.verhalenbank.21259
Us jongste fanke wie alve jier âld. It wie sa'n skoalfanke. Wy leinen mei 't skip by Drachten, yn 'e Lange Wyk. Sy wie mei Jan, in jonkje fan skoalle ta gien en togearre wienen se oan 't hoepeljeijen. Doe krigen dy beide bern dropkes fan in frou, fan Ale Bigge. Doe't se thúskaem hie se smoarge hannen. Ik sei: "Hwat hast hawn?" "Dropkes fan Ale Bigge", sei...
nl.verhalenbank.20800
12