Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der wie in feint, dy hiet fan Steven. Hy wenne yn Houtigehage oan 'e 'Trije Roede'. Hy reizge ris nei Drachtster Merke ta en woe dêr forkearing ha mei in fanke, mar dat fanke woe net. Dy nachts kom dat fanke by him op bêd as in nachtmerje.
nl.verhalenbank.15520
Doe't myn wiif Sjouk noch faem wie, hie se faek lêst fan nachtmerjes. Sy slepte op 'e souder en sy hearde de nachtmerje wol by de trap opkommen. It wie slim sa't dy nachtmerje har altyd pleage.
Doe sei har mem tsjin har: "Ast de nachtmerje nou wer oankommen hearste dan mast hinnegean en siz trije kear hiel lûd: "Duvel, duvel, duvel, dû wurdst gjin baes...
nl.verhalenbank.17536
Ien fan Roel Bakkers jonges, Peters, hat forkearing hawn mei Harmke fan Knjillis Hut. Mar doe ha se Peters forteld, dat Harmke wie ien fan sawn dochters (letter binne der noch trije by kom), doe hat Peters de forkearing útmakke. Hy woe 't net riskeare om mei in nachtmerje to trouwen.
nl.verhalenbank.20954
In nachtmerje koe in man wêze as in frou.
By de froulju kom in man as nachtmerje, by de manlju in frommeske. Fan sawn op elkoar folgjende jonges of sawn op elkoar folgjende famkes wie ien in nachtmerje. It wie in boaze geest. Sa neamde myn wiif har beppe de nachtmerje ek. Dy hie de toffels altyd mei de hakken tsjin 't bêdsket oan. Op in kear, doe wie myn...
nl.verhalenbank.21138