Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
72 datasets found
Dutch Keywords: voorzien Place of Narration: Harkema
Alde Roel fan 'e Harkema sei, hy hie in fordekte wein sjoen sûnder hynders der foar en 't gong hurd, hurd, hurd. Letter kommen de auto's.
nl.verhalenbank.23527
Alde Willem Bos fan 'e Harkema wie mei de helm geboaren. Dy moest altyd alles sjen. Nachts moest hy der út. Dan bleau er op 't eigen hiem stean. Dêr seach er de bigraffenis passearen. Hy hat de bigraffenis fan myn mem sa ek fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.25778
Lytse Wytske sei yndertiid, der soe in skoalle op 'e Bulten komme. Hja hie fjouwer lampen brânnen sjoen, dat wie fierstofolle foar in hûs. Mar doe setten se letter op dat plak in hûs del foar fjouwer gesinnen, de saneamde 'malmoune'. Dat hat it west. Sy ha 't hûs letter ôfbrând, doe wie 't alhiel útwenne. (De jonges seinen doe al: der komt in skoalle op...
nl.verhalenbank.24328
Forskeidene fan 'e Harkema ha yn 'e swarte spegel sjoen. Mar dêr haw ik my noait mei bimuoid. Sy krigen dan har wiif to sjen. Of sy seagen in deakiste; dan bleauwen se âld-feint.
nl.verhalenbank.25750
Paulus fan Albert en Tet (Alma) wie in jonge fan achttsjin jier. Hy hie harsensykte en it like slim. Op in joun soe âlde Hindrik Vaartstra der noch op út. Doe't er oan 'e daem fan it hûs fan Albert en Tet ta wie, koed er net fierder. Dêr stie in lykstaesje. Hy seach de wein mei de kiste en 't folk. Doe is er weromgong. In wike letter is Paulus stoarn. Tet...
nl.verhalenbank.20950
De manlju hjir seagen wolris yn 'e swarte spegel. Dat wie yn in tinte op 'e merken. Se koenen dan it wiif sjen, dêr't se mei trouwe soenen. Trouden se net dan kom der in deakiste foar. Sy moesten achterstofoar wer út 'e tinte wei.
nl.verhalenbank.25784
Klaes Kooistra hie trije jier yn 'e gefangenis sitten. Mei syn swager Tseard kom er thús. Doe't se oan 't plak ta wienen, dêr't nou it nije tsjerkhôf is yn 'e Harkema, sei er tsjin Tseard: "Kear dy om. Der komt in lykstaesje oan." Mar Tseard seach it net. In pear dagen letter kom de echte lykstaesje. Doe koe Tseard it èk sjen.
nl.verhalenbank.27408
Wylde lantearnen, dat wienen ljochten, dy seach men fan fierrens, mar as men der by kaem, dan wienen se fuort. 't Wie foartjirmerije. Letter kom der op sa'n plak in echte lantearne of in hûs. Ik ha 't sels wol meimakke.
nl.verhalenbank.29356
Hjir yn 'e Harkema wennen froeger guon dy koenen altyd krekt fantofoaren fortelle as der wer ien stjerre soe. Dy seagen de bigraffenis al fan tofoaren. Sokken wienen mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.29342
Myn man wie in jonge fan sa'n sawntsjin jier. Der wenne in âld minske yn 'e buert, dy hie twa dochters. Ien fan dy famkes wie ûngelokkich, it minske droech har altyd op 'e rêch. Op in nacht kom myn man dêr us lâns, doe seach er dêr in lykstaesje. In skoftsje letter stoar dat ûngelokkige bern.
nl.verhalenbank.23519
Op in nacht moest ik der noch even ôf. Ik gong nei 't húske ta, dat stie yn 't hok. Wylst ik dêr siet, seach ik trije mannen oankommen, alhiel yn 't swart, mei slipjassen oan en in hege hoed op. Ik strûpte de broek gau omheech. Sy gongen kantroerend by my lâns, op noch gjin meter distânsje. Sy rounen njonken elkoar. Ik sei: "Goeije." Mar sy seinen neat...
nl.verhalenbank.33285
Ik en myn neef gongen simmerjouns wol gau us nei de Hamster buorren. Dan seagen wy om in ûre of njoggen ljochtsjes oer de Ikkers tusken ús hûs en dat fan Aeltsjemoai. Wy seinen: "Dêr komt grif in hûs to stean, hwant it wienen wylde lantearnen. Mar it hûs is der noait kom.
nl.verhalenbank.21642
Myn skoanheit dat wie Hindrik Land. Syn âlde mem kom us by him en sei: "Hindrik mat gau komme, it giet hjir by ús achter yn 'e hûs sa bot op in timmerjen en smiten, dat ik bin bang dat se it hiele spul ôfbrekke." Mar doe't skoanheit kom, wie der neat to rêdden. Mar in skoft letter setten se in nij hûs flak achter skoanheit sinen del. Dêr hie 't âld-minske...
nl.verhalenbank.21130
Wylde lantearnen woarden hjir yn 'e Harkema faek sjoen. Dat wienen de foarboaden fan 'e lettere fytsen en auto's, wurdt der gauris sein.
nl.verhalenbank.34515
Alde Rapke Wijma fan Surhuzum wie mei de helm geboaren. Dy moest alles sjen, oan 'e lêste ûre fan syn libben ta. De lêste nacht noch, - doe koed er op syn fuotten net mear stean - is er út bêd weiklaud om hwat to sjen. Yn 'e gong is er yn elkoar sakke. Hy makke soms hiele reizen yn 'e nacht, wolris oan Eastemar ta. Rounom gong er hinne. En 't kom altyd...
nl.verhalenbank.23521
Der kom us in man fan in houtforkeaping werom. Doe't er by de Liuwepoel kom, hearde er 'Help!' roppen. 't Lûd kom út 'e poel wei. Hy der hinne, mar der wie neat to sjen. Der sit hwat yn 'e Liuwepoel, dat soms alles yn biroering set. Dan is de hiele poel oerstjûr. Men tinkt, dat der in munster yn húsmannet. Sy ha der wol us in dik beest sjoen oan 'e kant...
nl.verhalenbank.21295
Op in kear kom myn man op in joun let thús. Hy wie noch net troud. Doe seach er njonken har hûs yn 'e daem in kistje stean. Hy taestte der mei syn hân nei mar de hân gong der dwars trochhinne en doe wie it kistje ek wer fuort. Njonken myn man har folk wennen minsken, dy hienen in fremd famke yn 'e hûs, dat wie dêr bisteld. Dat hienen se dêr yn 'e kost....
nl.verhalenbank.23520
Us mem wie kreamheinster. As der in bern geboaren woarde mei in flues oer de holle, dan luts se dat der foaroer ôf. Die se it achteroer, dan moest dat bern letter alles sjen. Se seinen wol, dat de dokters graech sa'n helm ha woenen en dat se djûr wienen.
nl.verhalenbank.23522
It gebeurde op in kear doe stie skoanheit foar 't sydgleske fan syn hûs yn 'e Smoarhoeke, by de Pauloane. It wie krekt as droomde er. Hy seach dúdlik in lykstaesje foar it hûs lâns gean, mar it nuvere wie, der roan in wyt hynder foar de lykwein. Dat wie noait it gebrûk. It duorre in setsje, doe stoar syn buorman. Der wie doe krekt net in swart hynder to...
nl.verhalenbank.32981
Piter de Graaf moest der nachts út. Dan seach er lykstaesjes. Hy koe samar sizze: yn dat en dat hûs giet ien dea.
nl.verhalenbank.24884
35