Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 datasets found
Dutch Keywords: veulen Place of Narration: Harkema
To Dokkum wie in hynstehâlderij. Op in kear kom dêr in man mei in willige merry. De hynst wie alhiel oerstjûr, mar al hoe wyld as er wie, sy koenen it noait rêdde dat er de merry dekte. Doe naem de hynstehâlder de pet fan 'e kop en dêrmei krige er de pyst fan 'e hynst beet. Dy treau er mei syn hân mei pet en al ta de kont fan 'e merry yn. Letter krige dy...
nl.verhalenbank.33655
It fûlens (ûngâns) fan in hynder woarde yn 'e beam ophong, it moest njoggen dagen hingjen bliuwe.
nl.verhalenbank.28698
In pleachbeest, dat is in soarte fan fôlle mei greate egen, dy't spûket. Op it Wytfean, by de plaets, dêr't Jonge Jan wennet, roan altyd ien om. Der wie in man, dy hat him dêr ris troffen. Dyselde doarst dêr letter net wer lâns.
nl.verhalenbank.16824
Yn Eastemar, oan 'e Mûzegroppewei, roan in fôlle mei in brijpanne om 'e hals.
nl.verhalenbank.33651
Op 'e Boskwei, tusken Droegeham en Eastemar roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Dat wie by de Lykloane (tusken Boskwei en Langgeastloane).
nl.verhalenbank.29337
Willem Ophuis dat wie in omke fan my. Dy hie nei syn broer Piter nei Eastemar ta west. Op 'e joun kom er werom. Op 'e Swarte Wei kom der in fôlle achter him oan. Dy fôlle hat oan 'e Harkema oan syn doar ta mei him roan. Doe wied er ek samar ynienen fuort. Dat hat de duvel west.
nl.verhalenbank.12349
Der wie us in man yn 'e Hamsterheide by moai ljochtmoannewaer oan 't murdejeijen. 't Wie tige let yn 'e nacht. Hy seach, dat der noch ljocht brânde yn in hûs. Heden, tocht er, dêr binne grif jounpraters. Hy kom tichterby. Doe seach er dêr foar de glêzen in pear froulju stean. Dy steane dêr to harkjen, tocht er. Dy sil ik aenst it leksum us oplêze. Mar...
nl.verhalenbank.15786
Hiel froeger hâldde der op 'e Dunen in fôlle ta mei in brijpot om 'e hals. It wie doe noch allegear heide mei slingerpaedtsjes der tusken. Myn heit Wopke v.d. Bos hat de fôlle in kear sjoen mei 't murdejeijen.
nl.verhalenbank.16075
Yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema spoeket in baerch mei in brijpot om 'e hals. Ek is dêr in keardel dy't alhiel trochljochte is; in gleone keardel. Dy rint dêr om. Se seinen dat dat de duvel wie. Fan Readskuorre oan 'e Smoarhoeke ta roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.17545
In pleachbeest dat sjocht der hast krekt sa út as in grouwe fôlle. It hat hiele greate egen en it keart de minsken. Dy kinne net fierder komme as der in pleachbeest is. It hat ek hiele greate earen op 'e kop.
nl.verhalenbank.20668
In keardel fan 'e Harkema dy wie oan 't murdejeijen. 't Wie saterdeijoune en net letter as tolve ûre. 't Wie oan 'e Singel. Doe tocht er: Hea, dêr brânt noch ljocht. 't Kom út in húske wei en doe't er goed taseach, tocht er: Hea, dêr steane bûten guon foar de glêzen. Dat binne lju dy't harkje. Ik sil har de warheit us sizze. Hwant dy lju ha dêr neat...
nl.verhalenbank.16875
Op 'e Nije Wei, seinen se, hjir yn 'e Harkema, roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.24336
35