Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
25 datasets found
Dutch Keywords: verplaatsen Place of Narration: Harkema
Ik ha dy forhaeltsjes meast fan ús Anne-om. Hy fortelde ek dat Rixt altyd dongkroade. Sy wennen yn in lyts spultsje oan 'e Lytse wei. As Rixt mei de kroade fol troch 't mollelân (= 't ploege lân) kroade of oer it hurde paed, dat wie har krekt itselde. Sy koe net warch.
nl.verhalenbank.26138
Hearke sels kroade mei sân achter op 'e tún. Dat kroade min, dan krige er soms de kroade mei sân op 'e earm en sjoude him nei hûs.
nl.verhalenbank.26139
Der siet in hiele grouwe stien yn 'e groun. Dy hat Hearke der pûr allinne úthelle en him op in plak op it lân brocht.
nl.verhalenbank.16943
Wie der yn 'e Harkema ien stoarn, dan woarde it horloazje forhong, ek de klean, ek it ark woarde forset, ek de doarteldou waerd forhong, ek de fyts woarde op in oar plak set, ek de pet forhong.
nl.verhalenbank.15669
Hearke wie boerearbeider. Der stie in foer dong yn 'e skerne. Dat moest der út riden wurde troch de hynders. Mar 't wie tsjin iterstiid en de feint dy't der mei bilêste wie, woe earst ite. Hy spande de hynders út en gong nei de itenstafel ta. Doe gong Hearke der stil hinne, krige it tiksel fan 'e wein beet en luts him der pûr allinne wei.
nl.verhalenbank.26170
As Hearke oan 't dongladen wie, lei er hiele greate spitten op 'e wein. Dy't se der wer ôfdwaen moest hie dêr wit hoe lang wurk mei. Yn dy tiid siet Hearke op it tiksel in pypke to smoken.
nl.verhalenbank.25915
Op in kear doe wie it foer hea dat ta de skuorre yn moest sa mânsk, dat it krige fan alle kanten kear. 't Wie op it Bomkleaster by Bindert Japiks. Dy hie seis arbeiders yn 't wurk. It hynder koe 't hea net yn 'e skuorre krije. Doe woarde ôfpraet Hearke soe oan 't tiksel lûke en de oare fiif soenen de tsjillen oantriuwe. Mar de fiif hienen ôfpraet, sy...
nl.verhalenbank.25917
Hearke skamme him der eins hwat foar, dat er sa sterk wie. Hy woe 't net rjocht foar oaren wite. Op in kear doe wied er út om wyt sân. Hy hie in kroade by him, dêr soed er 't yn ophelje. Dat sân siet yn in hoeke fan in stik boulân. Doe't er de kroade fol hie, koed er dat sân net forkroadzje yn 'e bou. Dêr krige er tofolle kear foar. Doe seach er om him...
nl.verhalenbank.25916
Rixt wie in dochter fan sterke Hearke. Hja wie boerefaem en hast like sterk as har heit. Ik wie yndertiid molkrider. Op in kear, doe't ik de folle bussen op 'e wein sette soe, stie Rixt der by. "Hwer wolst se ha, jonge?" frege se my. En hja sette de bussen mei de tûmen samar op 'e wein op 'e plakken dy't ik oanwiisde.
nl.verhalenbank.23432
Sterke Hearke wie myn oerpake. Myn heit wie ek in Hearke. Hindrik-om hat him skoan kend. Dy fortelde: Ik en Evert hienen us togearre in grouwe stobbe yn 'e kroade. Wy hienen der gâns lijen mei hawn om dy der yn to krijen. Wy hienen dy kroade mei de stobbe nei hûs ta kroade. De kroade lieten wy op it hiem stean en wy gongen yn 'e hûs to kofjedrinken. Pake...
nl.verhalenbank.26166
Hearke hat ek ûnder tsjinst west. Der lei achter de kaserne in anker, dat woech fjirtsjinhûndert poun. Dat lichte Hearke in ein fan 'e groun. Mar doe hied er de skuon 'ut 'e naden hawn. Hy hat de overste frege of er frij mocht fan 'e tsjinst. Dan soed er dat anker om 'e hiele kaserne hinne tille. Mar dat mocht net.
nl.verhalenbank.25912
Griet wie in dochter fan Hearke. Dy wie ek omrake sterk. Op in kear helle se in grap út. By Kees-smid yn 'e Ham stie in aembeeld, dat woech twahûndertfiifentwintich poun. Dat aembeeld sette Griet op 'e wei. Sy sei: "Hwa't dat aembeeld allinne wer op it plak tille kin dêr't it weikomt, dy mei joun mei my út." Njonken de smit wenne ien dy hiet fan Hubert,...
nl.verhalenbank.23958
Sterke Hearke mat ris in kear pûr allinne in weinfol dong út it skerngat lutsen ha.
nl.verhalenbank.33419
Hearke syn suster wie ek sa sterk. Dy sette ris in kear by de smid yn Stiensgea it aembeeld bûten op 'e strjitte. De smit koe 't er noait wer yn krije, èk net mei syn feinten derby. Doe wie hja der by kom, en hja hie 't allinne wer yn 'e smidte set.
nl.verhalenbank.25910
Myn pake hat mei sterke Hearke arbeide, doe't er yn 't wurk wie op it Bomkleaster by Bindert Japiks. Syn beide soannen ha my ris forteld: Op in kear doe hie ús heit in grouwe, foarse beam omkapt. Doe wie er al op jierren. Dy beam lei oer 't paed. De molkwein moest der lâns, dat hy moest der wer wei. Doe seinen de beide soannen tsjin Hearke: "Hoe sille wy...
nl.verhalenbank.25908
Op in kear moest Hearke mei in partij jild nei Ljouwert ta to foet. Hy droech it yn in sek oer 't skouder. Doe't er oan 'e Bonkefeart ta wie kommen der twa man tofoarskyn, dy soenen him oanfalle. Hy pakte ien fan 'e mannen beet en woe him yn 'e Bonkefeart smite, mar hy kom oan 'e oare kant op 'e wâl tolânne. Doe wist de oare wol hoe let it wie. Dy hied er...
nl.verhalenbank.26143
Sterke Hearke: It hie bot stoarme. Doe lei der in grouwe beam dwars oer de wei, dy wie dear troch de stoarm tolânne kom. Hy lei elkenien yn 'e wei, hwant net in minske koe der mei de wein lâns. En net ien dy't dy beam dear wei krije koe. Doe kom Hearke der oan mei hynder en wein. Hy moest der sels ek lâns. Doe hat Hearke allinne dy grouwe beam dear wei...
nl.verhalenbank.15615
Op in kear hienen se sa'n grou foer hea, dat sy koenen it net troch de skuorredoarren ride. It bleau oan 'e kanten stykjen. Hearke soe it der mei de arbeiders yn lûke. Doe seinen de arbeiders tsjin elkoar: "Nou matte wy tsjinhâlde, dan kriget hy dat foer der noait troch." Sy hongen oan 'e fjilden. Mar it joech de mannen neat, al hoe bot se tsjinkearden....
nl.verhalenbank.26141
Sterke Hearke wie arbeider by de boer. Op in kear sei de lytsfeint tsjin 'e boer: Soe Hearke werklik sa sterk wêze as de lju sizze? Dat soe ik dochs wolris sjen wolle. De boer sei: Dan mat dat ris wêze. Dy gelegenheit komt wol. Op in dei, doe reinde it dat it spielde. Hja hienen by de boer it kofjedrinken dien. It bigoun hwat to lichtsjen en 't waerd wer...
nl.verhalenbank.31062
Hearke wie arbeider op 't Bouwekleaster by Bindert Japiks Kloosterman. Doe moesten se alris sied op 'e souder bringe. Dat gong de boer net hurd genôch. Op 't lêst sei hy der hwat fan tsjin Hearke. Doe krige Hearke de balen sied en dy smiet er ien foar ien fan 'e telle op 'e souder. 't Wienen balen fan in mudde. Mar sa koe 't ek net, hwant doe sprongen de...
nl.verhalenbank.25764
35