Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
15 datasets found
Dutch Keywords: slot Place of Narration: Harkema
As men net ien troch 't slotsgat ha woe, itsij in tsjoenster as in nachtmerje, dan moest men der roggebrea yn dwaen.
nl.verhalenbank.12316
Imke en Durk fan Imke Imke de Jong siet yn 'e gefangenis, mar o hearen! Hy stie te Grins op'e merk en tagelyk siet er ek efter de grutte doarren. De bewarders seagen, dat er op 'e merk stie te hanneljen, sy kamen by de gefangenisdoar en dêr siet er yn 'e sel. As se him opsluten, dan krige er de mûtse fan'e holle en hy klapte de mûtse tsjin'e doar oan. Dan...
nl.verhalenbank.13024
Frâns Rosier moest us op in kear sitte yn Ljouwert yn 'e gefangenis. De bewakers brochten him yn 'e cel. Hy moest dêr syn tiid útsitte. Doe gongen dy bewakers nei de direkteur ta. Mar Frâns Rosier hie yn in minimum fan tiid de doar fan syn cel iependraeid en doe stapte er de hearen deagewoan achternei. De direkteur sei: "Ik sil him sels opslute. Ik sil...
nl.verhalenbank.27036
To Hurdegaryp hat in hekke west, dy stie nachts altiten iepen. Dêr hat yn dat slot dat der by stiet earen in hiel foarname hear wenne. Dy syn dochter hie forkearing mei in earme feint. Dy feint mocht se net ha. Mar hja bleau altyd op him wachtsjen. Elke nacht hie se de hekke iepen, krekt sa lang oant hja stoarn is. Oan 'e dea ta hat se op dy feint wachte....
nl.verhalenbank.28799
Froeger hat der in burgemeester op 'e Like wenne. Dat wie Panhuyzen. Dy wie smoarryk. Hy hie in protte plaetsen yn Grinslân. Ienkear yn 't jier dan reizge er dêrhinne om 'e hier. Dy van Panhuyzen wie ek frijmitseler. Mar hy hat in raer útein hawn. Hy gong mei in glêzen wein mei syn koetsier en syn frou en twa dochters nei de hierslju ta en doe't er al dat...
nl.verhalenbank.25731
As der minsken wienen, dy't sawn dochters hienen, dan wie ien dêrfan in nachtmerje. Sa'n nachtmerje kom nachts by de minsken. Sy kom earst op 't fuottenein, by de teannen en gong sa stadich omheech. Op 't lêst siet se op 't boarst en dan knypte se de minsken de hals ticht. Se kom yn 'e hûs troch 't kaeisgat. Dêrom lieten de lju de kaei nachts yn 'e doar...
nl.verhalenbank.22273
Yn Hurdegaryp is in slot, dat wyt ik wol to stean. Der is in hekke by dat slot, dy kinne se noait ticht hâlde. Se ha dy hekke wol sa goed forsegele mei dikke slotten en kettings, mar 't joech neat. Altyd gong er wer iepen.
nl.verhalenbank.34582
To Hurdegaryp stie in slot. As se de hekke fan 't hiem ticht dienen gong dy altyd fansels wer iepen.
nl.verhalenbank.33415
De hekke fan dokter Bontekoe to Hurdegaryp giet klokslach tolve yn 'e nacht iepen. Der sit in dik slot op mei in dikke ketting, mar dat jowt neat. Guon ha der wol by wekke en dy ha it sels sjoen.
nl.verhalenbank.20697
Imke de Jong hat wol yn 'e gefangenis sitten. Mar sy koenen him der net yn hâlde. Der wie net in slot dat tsjin him bistand wie. Even letter roan er wer op 'e wei om.
nl.verhalenbank.22196
Ymke de Jong wie yn Ljouwert ûnder tsjinst. Doe krige er straf. Sy wienen doe noch net yn 'e kaserne, mar yn 'e âlde Kânslerije. Dêr stie op mei greate letters: Hier temt men leeuwen en beren. Op in nacht briek Ymke der út. De slotten hied er samar los. Hy kom bûten en skreau ûnder dy wurden: Maar Ymke de Jong niet.
nl.verhalenbank.26252
Yn Hurdegaryp stiet in slot, dêr gongen de hekken altyd iepen.
nl.verhalenbank.26242
Ymke de Jong, de bikende gûchelder, hie hwat útheefd en woarde to Ljouwert yn 'e gefangenis set. De doar kom op slot. Mar hy siet der noch mar even yn of hy belle. Doe't de sipier kom, sei er: Ik ha der neat op tsjin dat ik yn 'e gefangenis sit, mat dan wol 'k de doar op slot ha. Hwant de doar hied er al wer los. Se koenen in doar net sa bot skoattelje of...
nl.verhalenbank.15886
Beppe wie op in snein nei Surhuzum nei tsjerke ta mei guon fan 'e bern. Yn 'e Harkema wie doe noch gjin tsjerke. Mem moest thúsbliuwe en foar 't iten soargje. Sy gong wylst even nei de buorren ta, nei't se de doar op slot dien hie. Doe't se wer thúskom wie de doar los en siet pake (de tsjoenster Hindrik Ophuis) op 'e stoel mei in panfol sop foar him. Mem...
nl.verhalenbank.12318
Yn Hurdegaryp wie in hekke, dy't se mei gjin sawn slotten fêst hâlde koenen. Hy gong altyd iepen. Dat kom, dêr wie in lykpaed.
nl.verhalenbank.23927
35