Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: maan Place of Narration: Harkema
Heit en âlde Sake ha it swevende frommes op 'e Lange Loane sjoen. 't Wie in pear jier letter as doe't er dat brune ding seach. 't Wie winter en ljochtmoanne waer. Der lei snie. Heit sei: "Der rint noch in frommes achter ús. Hja seagen beide om. It frommes bleau op in distânsje en hja hearden net, dat se gong. Sake seach us better ta en sei: "It is ús...
nl.verhalenbank.17522
Ien fan sawn famkes is in nachtmerje. Sy komme troch 't slotsgat. Se ride ek op hynders om. Dan krije dy dieren 't ôfgryslike binaud, dan skoppe se der oer. En har bealch wurdt dweiltrochwiet fan swit. Dy nachtmerjes meitsje flechtsjes yn 'e moanjes. Nachtmerjes kin men net fange, se binne glêd. Men kin 't bêst moal op bêd struije om se to kearen. Ik...
nl.verhalenbank.19525
Nachtmerjes komme in bulte by hynders. Dan ha de hynders lange flechten yn 'e manen. Dan matte se skerpe seinen boven de hynders hingje. Dan komme de nachtmerjes net wer, wurdt der sein. As der in nachtmerje by in hynder komt, kin men dat skoan fornimme. Dan dânset it yn 'e stâl om en it is trochwiet fan swit.
nl.verhalenbank.32994
It folgjende woardde my forteld to Tolbert, doe't ik dêr yn 'e ûngetiid wie. Der wie in roversbinde, dy bistie út seis man. Elkenien dy't de Swarte Wei achter Tolbert lâns roan, wie gefaerlik. Dy rovers bruiden sa'n ien ôf, of makken him dea, bihalve as er syn beurs oerjaen woe. As se tofoarskyn kommen, seinen se der in rymke by op: Wij gaan vanavond met...
nl.verhalenbank.16822
Der wie us in man yn 'e Hamsterheide by moai ljochtmoannewaer oan 't murdejeijen. 't Wie tige let yn 'e nacht. Hy seach, dat der noch ljocht brânde yn in hûs. Heden, tocht er, dêr binne grif jounpraters. Hy kom tichterby. Doe seach er dêr foar de glêzen in pear froulju stean. Dy steane dêr to harkjen, tocht er. Dy sil ik aenst it leksum us oplêze. Mar...
nl.verhalenbank.15786
Lytse Eldert, Grutte Eldert en de swarte ruter Op in plak midden yn 'e heide hûsmannen twa keardels. De iene wie Iyts en de oare grut. Dêrom waarden se Lytse Eldert en Grutte Eldert neamd. Op in kear spande de Grutte allegear triedden oer de heide, wite triedden. Doe frege Lytse Eldert: 'Wat moatte dy triedden dêr dwaan?' 'Dêr fange wy minsken mei', sei...
nl.verhalenbank.12984
Myn broer Piter (^) kom us op in nacht by de froulju wei. Doe seach er hwat út 'e loft fallen. 't Wie in wyt ding. 't Gebeurde by de Krúswei. It ding sûze hiel bot. Piter wie stjerrend-binaud. 't Wie ljochtmoannewaer.
nl.verhalenbank.19557
Froeger as jonge seach ik jouns ris in kear nei de moanne. Doe stuts ik de finger út en wiisde dêr mei nei de moanne en doe sei 'k: "Sjoch ris heit, sa moai skynt de moanne." Doe sei heit string: "Pas op, gau dy finger dêr wei, oars krijst in houten finger, hwant God straft dy. Dû meist net wize."
nl.verhalenbank.28785
Froeger seinen se, as se nei de moanne ta gongen dan soe de wereld forgean.
nl.verhalenbank.28786
Myn broer Gaetse fangde altyd fûgeltsjes, en dy makke der dan dea. Op in kear sei mem tsjin him: Jonge, jonge, dû krigest der nochris fan. De duvel draeit dy nochris de nekke om. It gebeurde op in ljochtmoanne-joun dat Gaetse der op út gong. Mar even letter kom er werom, deabinaud. Hwat is der nou oan, jonge? frege ús mem. Der stie in gedaente achter de...
nl.verhalenbank.15881
Myn suster en har man wennen yn 'e Grinzer Pein, krekt lyk as wy ek. Op in joun kommen se by ús wei mei ljochtmoanne. Sy wienen omtrint oan hûs ta. Oan wjerskanten fan 'e wei wie in brede gracht. Dêr stienen in pear rigen beammen by. Ynienen sei myn swager: "Sjoch, sjoch, sjoch, sjoch, in dikke swarte houn." Hy wie der bleek fan, sa kjel woarde er. Mar...
nl.verhalenbank.25559
35