Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
16 datasets found
Dutch Keywords: krijgen Place of Narration: Harkema
In tsjoenster hie de macht har to foroarjen yn in swarte kat. Hwat men fan har krijt om op to iten kin soms yn in pod foroarje. It mat ris gebeurd wêze dat ien in apel fan in tsjoenster krige. Dêr die er in hap út en dat spuide er út. Doe biwarre er dy apel yn in kop. Doe wie letter dy apel foroare yn in pod, mar dy pod hie in gebrek. Dat kom, trochdat...
nl.verhalenbank.33290
Doe't myn frou noch in fanke wie seinen har âlden tsjin har: Tink der om, astû in apel fan Rikele Myt krigeste, dan mast it klokhús weismite.
nl.verhalenbank.24883
Alde Hâns Ale wenne ek yn 'e Harkema. Dat wie in biruchte tsjoenster. Dy bakte altyd pankoeken en dêr fangde se de bern mei. As dy bern sa'n pankoek opieten, dan bigongen se to spuijen. Dan spuiden se allegearre slangehûden út.
nl.verhalenbank.33295
Trapet ien op in pod, dan bigjint it to tongerjen. Krijt ien in apel fan in tsjoenster, dan foroaret dy yn in pod. As ien hwat fan in tsjoenster opiet, dan woarde er siik.
nl.verhalenbank.25554
Wy mochten froeger net hwat oannimme fan âlde Antsje Pod. Hwant krige men in apel fan har en men lei dy yn 'e dôfpot, dan foroare dy apel yn in pod.
nl.verhalenbank.29344
Alde Sije hie him oan 'e duvel forkocht. Hy wenne yn Houtigehage. As er sinten ha moest, dan krige er se.
nl.verhalenbank.25807
Myn âlde omke Lammert, doe't dat noch in jonge wie fan sa'n jier of fjirtsjin, gong er wol us nei âlde Ot ta. Op in kear, doe hie Ot him hwat jown. Doe't er thús wie, krige er in ôfgryslike pine. Doe sei beppe: "Der kom nyskes ek hwat oanroljen." Doe't omke Lammert dat hearde, hied er hyltyd it eech op it iene glês. Pake gong der út. Hy sei: "De earste...
nl.verhalenbank.21386
Rin noait midden op 'e wei! (Lykstaesje) Yt neat fan in tsjoenster op, oars kriget men in pod yn 't liif.
nl.verhalenbank.21143
Us mem fortelde, ien fan uzes hie us in apel krigen fan in frommes. Sy wie mei dy apel thúskom. Mar mem hie him har ûntkrigen. De oare deis hie de apel fuort west en der stapte in pod yn 'e hûs om. Doe hat mem dat frommes fuort it hûs forbean.
nl.verhalenbank.22258
Tsjoensters hellen altyd de bern by har. Hwa fan dy bern it swakste wie, dat woarde bitsjoend. Sy moesten de bern hwat jaen, oars koenen se har net yn har macht krije.
nl.verhalenbank.25722
In tsjoenster foroare har yn in kat of yn in pod. Sy gong der op út to tsjoenen en liet de pânse op bêd achter. Alde Rinse Kooistra krige twa apels fan in tsjoenster. Doe lei er dy apels thús boven op 'e kast del en die der in pear koppen oerhinne. In pear dagen letter, doe't hy der nei seach, sieten der twa podden ûnder.
nl.verhalenbank.19982
Dy't in apel krijt fan in tsjoenster mat him net opite, mar opbergje. As hy der dan letter nei sjocht, is it in pod woarn.
nl.verhalenbank.28586
Myn âlde omke Lammert, doe't dat noch in bern wie, gong er wol us nei âlde Ot ta. Hy wie in jonge fan in jier of fjirtsjin, doe gebeurde it op in kear dat Ot him hwat joech. Doe't er thús wie, krige er in ôfgrysliken pine. Doe sei beppe: "Der kom nyskes ek hwat oanroljen." Doe't omke Lammert dat hearde, hied er hyltyd it eech op it iene glês, dêr't beppe...
nl.verhalenbank.21566
Alle Tet wie in tige bikende tsjoenster. Hja wenne hjir yn 'e Harkema op 'e Bulten. Op in kear brocht Tet in soadtsje apels by minsken. Dat wienen apels dy't duorje koenen. Dy minsken leinen de apels yn 't kammenet en seagen der in dei of hwat net nei om. Doe't se it kammenetslaed op in kear iepen makken, lei der net in apel mear yn, mar it laed siet fol...
nl.verhalenbank.33649
Krijt men in apel fan in tsjoenster, dan mat men oppasse dat men him skylt. Dan kin der jin neat fan oerkomme.
nl.verhalenbank.26250
As men hwat oannimt fan in tsjoenster, mat men de earste hap útspuije. In koekje of in suertsje fan in tsjoenster mat men noait hielendal opite.
nl.verhalenbank.12490
35