Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
41 datasets found
Dutch Keywords: kerkhof Place of Narration: Harkema
Alde Knjillis Sytske har mem Tryntsje hie nei Jan Goaitsens ta west om molke. Doe't se oan 't âld tsjerkhôf ta wie, woarde se samar ynienen yn 'e sleat set. Alle molke wie fuort. Der mat in lykstaesje west ha, dy't se net sjen koe.
nl.verhalenbank.15903
Op it tsjerkhôf to Hurdegaryp, der matte twa neakene berntsjes omrinne. Der ha dêr twa murdejeijers west, út 'e Harkema, dy soenen dêr in murd snappe, mar doe seagen se dy berntsjes. Sy binne troch de lannen hinne stoud, sa kjel woarden se. Sy ha dêr noait wer west. De hekke fan dat tsjerkhôf stie altyd iepen. Dat kom, trochdat dy berntsjes dêr troch...
nl.verhalenbank.16833
Oan 'e betonwei yn 'e Harkema ha jy it âld tsjerkhôf. It earme-tsjerkhôf wurdt it neamd. Dêr wurdt al lang net mear bigroeven. Foar 't tsjerkhôf oer stie froeger in pleatske. Dêr hat Taeke v.d. Veen op wenne. Soms koenen se dêr net mei de wein troch de hekken komme. Se waerden dêr dan samar weismiten yn 'e tsjerkhôfsleat. Dat gebeurde dan yn 'e nacht. Dat...
nl.verhalenbank.29341
Klaes Kooistra hie trije jier yn 'e gefangenis sitten. Mei syn swager Tseard kom er thús. Doe't se oan 't plak ta wienen, dêr't nou it nije tsjerkhôf is yn 'e Harkema, sei er tsjin Tseard: "Kear dy om. Der komt in lykstaesje oan." Mar Tseard seach it net. In pear dagen letter kom de echte lykstaesje. Doe koe Tseard it èk sjen.
nl.verhalenbank.27408
Ik wie yn in barak. It wie let. Ik seach troch 't finster, doe woarde ik in keppeltsje folk gewaer. 't Wie in bigangel. 't Wie bigraffenisfolk, mar der wie net in lyk by. Hja gongen nei 't âlde tsjerkhôf fan Hamsterheide. Dy nachts is âlde Gradus forstoarn. Doe't dy biierdige woarde wie de sitewaesje krekt sa.
nl.verhalenbank.17469
Jan Hepkes wie fellekoopman, hy wenne yn Surhústerfean. It wie in man dy koe 't altyd nuver opsizze. As men him hearde hied er fan alles bilibbe. Op in kear hied er yn Koarnhoarne (Kornhorn) west, yn in sterfhûs. Dêr hienen se in lyk/man, dat/dy hienen se net yn 'e kiste krije kind. Dy man hie roungear stien mei de fuotten en de hannen beide op 'e groun,...
nl.verhalenbank.33094
Edzer Sint dat wie myn pake. Hy praette omstrûpt, dat hat er al syn libben dien. Op in kear wied er ergens oan 't wurk mei Aen klokje. Aen hat it letter forteld. Dû net wytste hwat ik wol, sei er. Né, sei Aen, hoe soe ik dat wite kinne, jong. Ik om in buorrel wol. Hast dan wol sinten? Ikke gjin sinten gebrek ha. Doe liet er in ponge mei sinten sjen, it...
nl.verhalenbank.15899
Ek âlde Sytske, oan 'e oare kant it tsjerkhôf ha se sa oan kant set. Sytske kom ek yn 'e sleat tolânne. Dat wie ek in lykstaesje. In skoftsje letter is âlde Harte Jehanne stoarn. Dêr hat it fan west. Dy ha se lâns 't selde paed nei 't hôf ta brocht.
nl.verhalenbank.16837
Botte Noordmans fan Surhústerfean gong us by 't tsjerkhôf lâns by nacht. Doe sei er: "Tussen twaalf en een is alles op de been." Doe gong er him in greate fûgel achternei. Hy roan sa hurd er koe nei hûs ta. De fûgel gong op 't hûs sitten. 't Hiele hûs skodde as wie 't in ierdbeving.
nl.verhalenbank.21254
Dêr't nou it nije tsjerkhôf is, dêr spoeken altyd twa wite froulju.
nl.verhalenbank.17391
Bôkke Noordman wie koopman yn potten en pannen. Hy mocht graech in slokje. Hy kom in kear mei in sneed yn 't ear út in café op 't Fean. Doe kom der hwat by him mei gerûs. En mei iens woarde er by 't Feanster tsjerkhôf oer de beamwâllen hinnesmiten. Sûnt wie Bôkke bikeard en woarde er in tsjerkeman.
nl.verhalenbank.15626
It spoeket op it âld-tsjerkhôf. (it s.n. earme-tsjerkhôf)
nl.verhalenbank.12360
Myn wiif soe in lytsen ha. Ik moest de froedfrou ophelje fan Surhústerfean. It wie yn 'e nacht. Doe seach ik by 't tsjerkhôf in keardel stean. Ik seach wol dat dat net doogde. Ik sei navend, mar hy sei neat werom. Doe't ik der op 'e weromreis mei de froedfrou lâns kom, stie er dêr noch. De froedfrou seach it ek. Wy ornearren dat it de kweade wie. De...
nl.verhalenbank.27293
It nije tsjerkhôf op 'e Harkema wie krekt klear, mar der lei noch gjin op. It baerhûs stie der al. Heit en dy wennen yn it hûs dêr't ik nou wenje, dat wy hienen doe it tsjerkhôf ek al flak achter ús. Op in joun, doe't it tsjuster wie, kom heit achter hûs. Doe seach er de kant nei 't tsjerkhôf út en doe ûntdekte hy hwat boven op it baerhûs. It wie in wite...
nl.verhalenbank.25735
Paulus wie in hiele raren-ien, 't wie de raerste fan Albert en Tet-jonges. Op in kear doe wied er yn 'e buert fan 't tsjerkhôf. Doe wie der samar in fremde kat oankom en dy hie him hielendal toklaud. Dat hie de duvel west.
nl.verhalenbank.22305
Us heit hie in ôfgrysliken lêst fan stienswolms. Hy wie skjin forlegen en koe se noait kwyt wurde. Doe joech ien him de rie, hie moest nei 't tsjerkhôf tagean en dêr in deabonkje wei helje. Dat moest er skraebje en dat yn 'e brij dwaen. Dat hat er dien en doe joegen de swolms har del.
nl.verhalenbank.12367
In wikseldaelder rekke noait op. Mar jy moesten him noait hielendal út jaen. Dy't in wikseldaelder ha woe gong mei in swarte kat om 't tsjerkhôf hinne. Dat died er trije kear. En dan rôp er: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?" De trêdde kear wie der ien, dy nom de kat en hy krige der in wikseldaelder foar yn 't plak.
nl.verhalenbank.29333
Trije manlju binne us in kear op in joun dronken fan 't Jachtfjild út 'e kroech kom. Doe't se oan 't lytse tsjerkhôf (it earme-tsjerkhôf, oan 'e beton-wei) ta wienen, gongen se dêrhinne. Sy gongen dêr sitten en lizzen. En doe ha se 't dêr raer opsein, dat men 't hast net wer fortelle doart. Alle de Haan wie der ek by. Ien sloech mei de jeneverflesse op 'e...
nl.verhalenbank.22306
Op it Bomkleaster yn 't tsjerkhôf binne izeren potten yn 'e groun. Dy sitte fol jild. Us mem hat dêr ris in pot fan sjoen.
nl.verhalenbank.12343
Ek us op in joun, doe kom Piter by 't tsjerkhôf lâns. Doe kom dêr in geit wei. Dy hie in ketting achter him oan slepen. Dy geit die trije slaggen om 't hûs hinne, dat foar 't tsjerkhôf stie. Doe gong er wer nei 't tsjerkhôf ta. Piter sette achter dy geit oan om him to pakken. Hwant hy woe him wol ha. Mar doe't hy der oan ta wie, sprong de geit oerside. De...
nl.verhalenbank.19558
35