Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
13 datasets found
Dutch Keywords: hout Place of Narration: Harkema
Doe't ik noch yn 'e hûs wie - wy wennen oan 'e Grinslânse wei ûnder Surhústerfean - sei ús mem op in moarn: "Ik ha fannacht de hammers slaen heard op 'e spanten en houten. Hjir kin wol us in nij hûs komme." Dat is ek gebeurd.
nl.verhalenbank.20951
Ûlespegel hie ris in kear in hynder forkocht. Doe't de koopman frege of der ek hwat oan hapere, sei Ûlespegel: "Né, mar hy wol net oer beammen hinne." "Nou," sei de koopman, "dat hoeft ek net." En hy kocht it hynder. Doe soe de man 't hynder fuort mar ris prebearje. Doe soed er oer in brêge hinne. Mar dêr wie 't beest mei gjin stok oer to krijen. Doe gong...
nl.verhalenbank.32996
Imke de Jong stie us in kear op 'e merke. Doe hied er op in blok hout in blok lizzen hawn, en dêr lei er syn hân boppe op. Doe sloech er mei in hammer in dikke ronge (= spiker) troch de hân hinne yn 't blok en dêr sei er by: Zeer doet het niet, pijn hè je niet, en hier hè je een gedachtenis van Imke de Jong. Hy luts de hân werom en der mankearde neat oan.
nl.verhalenbank.27034
Us heit wie in pakesizzer fan Sterke Hearke. Heit wie doe noch jong. Hy wie dwaende mei in grouwe stobbe to kappen njonken 't hûs. 't Wie winter en kâld en 't wie dêr krekt op 'e wyn. Sterke Hearke, syn pake, dat doe al in âld man wie, kom by heit en sei: "Jonge, dû mast mei dy stobbe yn 'e smoute gean, oan 'e oare kant fan 't hûs." Heit sei: "Dat is...
nl.verhalenbank.20850
It earste tsjerkje, dat hjir op 'e heide stien hat, wie fan hout. Wormolds hat dêr yn preke. Hy krige in oanwizing fan ús leaven Hear. Hy hat Gods finger sjoen. Op dat plak hat er de tsjerke bouwe litten.
nl.verhalenbank.21146
Wite juffers spoeken meastal op houtsjes en planken.
nl.verhalenbank.17542
Yn 'e flaeikloppe sieten gatten. Dy sloegen wol us út, dan wienen se neat mear wurdich. Hearke die der in kerfke yn, oan elke kant ien en dan bruts hy se foar de knibbels.
nl.verhalenbank.20852
Yn 'e Rottefalle wennen twa bruorren Kloosterman. 't Wie famylje fan dyselden fan 't Bouwekleaster. Dy makken elke dei in lange kuijer en dan hienen se elk in stok yn 'e hân. De iene wie lyts, mar sa ûnbidige sterk, dat hy koe in houten skytskoffel fol dong útstekke yn ien hân.
nl.verhalenbank.23436
Ruerd van der Veen, dat wie myn omke. Dy koe de soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte en se oer 't hûs marsjeare litte. Op in kear kaem Ruerdom fan 't Bouwekleaster, dêr't er timmere hie. Hwant hy wie sa heal en heal timmerman. Dêr wienen doe allegear houtsjes. Der binne nou nòch guon trouwens. Dêr moest hy oer. Doe stie der by ien fan dy houtsjes...
nl.verhalenbank.17553
Mike Ruerd hie op in kear bot flokt en dien. Hy wie timmerman. In bakje mei ark hie er oer 't skouder, doe't er dy jouns fan 't wurk kom. Hy gong de âlde paden del by 't Bomkleaster. 't Wie in minnen-ien. Hy bihandele syn âld wiif skandalich. Doe is er dêr op ien fan 'e houtsjes, dêr't er oer moest, smiten woarn en net sunich. Hy wie mear dea as levend....
nl.verhalenbank.26224
Tsjip van der Bij wie in goddeloas man. Hy wie us in kear oan 't houtkappen. It wie stellen hout. Hindrik van der Veen wie der ek by. Se wennen beide yn 'e Harkema. Doe wie der in fremde kat oankom en dat dier dat streake Tsjip hyltyd mar by de fuotten lâns. Tsjip sei: "Gean wei, kat." Mar doe't er dat net oprêdde koe, hat er de bile nei de kat smiten....
nl.verhalenbank.21388
Yn Surhuzum is 't us gebeurd, dat in keppel jongfolk dêr yn 'e herberch it heilich avondmael fiere woenen. Ik haw in man kend dy't it sels mei dien hat. De wyn stie op 'e tafel en de bôlle der by. "Sesa," seinen se, "alles is ré foar it avondmael. Allinne de dûmny ûntbrekt noch." Doe wie der ien ynkom mei in houten skonk. Dat wie de kweade. Doe binne se...
nl.verhalenbank.22187
Wy soenen in nij hok ha fan 'e gemeente. De planken hienen wy al thús. In wike fan tofoaren, op in joun, doe't wy al op bêd leinen, sei 'k tsjin Piter: Hark, sa'n leven is dêr. Hearst it wol? Sy lûke de planken by de souder op. Piter hearde it ek dúdlik. Mar der gebeurde fansels neat. Mar krekt in wike letter wienen se drok mei it nije hok oan 'e gong. En...
nl.verhalenbank.15878
35