Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: heksen Place of Narration: Harkema
Tsjoensters kinne fleane. Dat dogge se meastal op in biezemstok.
nl.verhalenbank.32748
Tsjoensters foroaren har faek yn katten. As katten kommen se ek by elkoar to forgaderjen. Dat dienen se altyd op 'e heide. Sy psalmsongen der by.
nl.verhalenbank.22189
Tsjoensters kinne har yn hast alle dieren foroarje.
nl.verhalenbank.24885
Petrus Mulder wie boer op it Wytfean. Hy wie us in kear mei hynders op 't lân oan 't ploeijen. 't Wie op 'e Dunen. Doe wienen der katten oan kom, dy fleagen by de hynders op en sieten har yn 'e moanjes. Dat de hynders hienen net in stap fierder sette kind. Petrus Mulder is werom nei hûs ta gong. Dy katten dat wienen Alle Tet en konsorten.
nl.verhalenbank.22296
Om in tsjoenster to kearen dienen se duveldrek ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.22255
As der ien yn 'e Harkema bitsjoend wie froeger, gongen se wol gauris nei Hinse Jehannes de Boer fan it Swartfean. Dat wie in duvelbander en in raren ien. Op in kear, doe wienen der wer guon bitsjoend. Doe stjûrden se in neef fan ús nei Hinse ta om drankjes. Dy neef sutele altyd mei pikelhearrings. In dikke gongelstok hie er by him. 't Wie yn 'e winter en...
nl.verhalenbank.34580
Wol men tsjoensters keare, dan mat men duveldrek ûnder 'e drompels dwaen.
nl.verhalenbank.24344
Tsjoensters komme slop yn 'e kiste. Dat wie mei Alle Tet ek it gefal. Jy koenen har suver wol yn inoar triuwe.
nl.verhalenbank.22033
Wy wienen froeger altyd bang foar in swarte kat. Hwant dat koe wolris in tsjoenster wêze. Alle Tet koe har yn in kat foroarje. Sy ha in kat alris hiel bot slein, doe wie Tet de oare deis hielendal blau west om 't gesicht.
nl.verhalenbank.32745
35