Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 datasets found
Dutch Keywords: gat Place of Narration: Harkema
As men net ien troch 't slotsgat ha woe, itsij in tsjoenster as in nachtmerje, dan moest men der roggebrea yn dwaen.
nl.verhalenbank.12316
Ien fan sawn famkes is in nachtmerje. Sy komme troch 't slotsgat. Se ride ek op hynders om. Dan krije dy dieren 't ôfgryslike binaud, dan skoppe se der oer. En har bealch wurdt dweiltrochwiet fan swit. Dy nachtmerjes meitsje flechtsjes yn 'e moanjes. Nachtmerjes kin men net fange, se binne glêd. Men kin 't bêst moal op bêd struije om se to kearen. Ik...
nl.verhalenbank.19525
Yn 'e flaeikloppe sieten gatten. Dy sloegen wol us út, dan wienen se neat mear wurdich. Hearke die der in kerfke yn, oan elke kant ien en dan bruts hy se foar de knibbels.
nl.verhalenbank.20852
Mem hearde ek op in nacht dat der hwat troch it tek gong. Hja hienen in reiden tek en hja hearde hyltyd dat der hwat trochhinne gong. Hja tocht: "Hjir is gjin rie ta. Sy brekke by ús yn." Mar 't wie dêrom sa net. Der wie net ien en der gebeurde neat. Mar trije dagen letter, doe ha se de jirpels stellen. Doe stuts der ien syn holle troch 't tek hinne en...
nl.verhalenbank.21221
Ik kaem wol op 'e Grinzer klaei to wjurren en to flaechsteppen. Dêr stie ergens in greate plaets, dêr wie altyd in golle leech. De boer sei, dêr koe neat yn dy golle bliuwe. It sied rekke der altyd út. Dêrom waerd dy golle net brûkt. Hy warskôge it folk, dat se net yn dy golle sliepe moesten. Mar doe wie der in man, dy weage it. Hy lei der hwat strie del...
nl.verhalenbank.17562
Yn 'e Harkema gong it drok op in lotsjen. Dat dienen se yn spitketen. It wie forbean en de burgemeester stjûrde Hearke der op ôf. Dy gong us nei sa'n keet ta dêr't se krekt oan 't lotsjen wienen. Mar hy gong der net yn. Hy hie in stok by him en mei dy stok makke er in gat yn 'e muorre fan seadden krekt op it plak dêr't in kast stie. Doe tikke er mei dy...
nl.verhalenbank.16866
Mem har muoike Lys dy hie in dochter, dy wie bitsjoend. Sy gongen nei in duvelbander ta en krigen guod. Der kaem altyd in kat by muoike en dy. Sy makken it hinnegat en alles goed ticht, mar it joech neat, dy kat kaem der altyd yn. Dy kat, dat wie de tsjoenster, sei de duvelbander. Doe't it fanke fan it guod fan 'e duvelbander ynnaem, bigong se to koarjen....
nl.verhalenbank.19348
By ús Bintsjemoai wie ien fan 'e bern bitsjoend. De tsjoenster wie in rot. Dy kom oer de souder, dan liet er him troch in gat falle en kom sa by it bern op bêd.
nl.verhalenbank.19359
Alde Edzer Cent liet ek soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme. Hy hie in gat ûnder 'e fjûrpot. Dêr siet jiske yn en dêr kamen de soldaetsjes út. Hy roan mei in swarte kat om it tsjerkhôf hinne. Hy koe tsjoene.
nl.verhalenbank.12347
Ik ha der ús mem wolris oer heard, dat der wolris in gat yn 'e hûs is, dat se noait ticht hâlde kinne. Dat giet altyd wer iepen. Dan hâldt dêr hwat ta dat mei spûkerije yn forbân stiet.
nl.verhalenbank.29375
As men pine yn 'e mûle hat mat men in levende kikkert yn 'e mûle dwaen mei de achterste poaten der ta'n út. Men kin ek in spiker fan in deakiste fan 't tsjerkhôf helje en dy tsjin 'e kies oan hâlde. Men kin ek in tsjerkhôfsbonkje ophelje. Dit mat men mei in bûsdoekje opkrije en fral sa net yn 'e hân nimme. Hwant alles hwat sa'n deabonkje oanrekket, giet...
nl.verhalenbank.12334
De boer en de frou wienen fuort, de faem wie allinne thús. Doe kommen dêr rovers, mar de faem woe se der net ynlitte. Doe groeven dy rovers in gat ûnder 'e muorre troch. De faem hie in sabel en doe't de earste syn kop ûnder 'e muorre troch hie, houde se dy kop der ôf. Doe luts se it lichum fan dyselde ta 't hûs yn. Sa hat hja àl dy rovers deamakke en ta...
nl.verhalenbank.27038
35